Philip Bloemendal

Philippus (Philip) Bloemendal (Scheveningen, gemeente De Haach, 25 juny 1918 - Amersfoart, 22 febrewaris 1999) wie in Nederlânsk nijslêzer.

Hy is meast bekend as presintator fan it Polygoon-sjoernaal tusken 1946 en 1986. Syn karakteristike stimlûd en syn koartswilligens wurde noch altyd troch in soad minsken weromkend.

Philip Bloemendal
Philip Bloemendal tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Philip Bloemendal (1966)
Philip Bloemendal (1966)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Philippus Bloemendal
nasjonaliteit Philip Bloemendal Nederlânsk
berne 25 juny 1918
berteplak Skeveningen
stoarn 22 febrewaris 1999
stjerplak Amersfoart
wurkpaad
wurksum as nijslêzer
medium telefyzje
wurksum by Polygoon
bekend fan Polygoonsjoernaal
jierren aktyf 1946-1986
In Polygoonsjoernaal út de earste jierren fan Bloemendal, 1948: De Noordam bringt it earste Marshallguod
Bloemendaal ferslacht interland Nederlân-Belgje te Haarlim yn 1950

Biografy

Bloemendal waard yn Skeveningen berne as soan fan it ortodoks-joadske echtpear Louis Bloemendal, dy't al yn 1924 ferstoar, en Rebecka Zilverberg. Hy groeide op yn Zandvoort en Haarlim. Nei it beheljen fan syn HBS-diploma wurke er koart yn de tekstylbrânsj.
Hy oerlibbe de Twadde Wrâldoarloch troch ûnder te dûken yn it Gelderske doarp Velp, mar op twa persoanen nei kaam syn hiele fierdere famylje, ûnder wa syn mem, om yn it konsintraasjekamp Auschwitz.

Nei de oarloch sollisitearre Bloemendal op oanrieden fan syn frou by Radio Herrijzend Nederland. In jier letter, yn 1946, kaam er yn tsjinst fan Polygoon, dêr 't er redakteur-kommentator waard by it bioskoopjsjoernaal. Yn 1952 waard er dêr haadredakteur fan. Yn 1981 waard er ek direkteur fan Polygoon. Syn oare taken bleau er dwaan. It bioskoopsjoernaal hold yn 1986 op. Underwilens wie Bloemendal opnommen yn it Guinness Book of Records as 'langstsittende kommentator by filmsjoernaals'.

Bloemendal wie by Polygoon in all-round nijslêzer en redakteur: hy sette sels byld en lûd yn elkoar, skreau de teksten en lies dy sels foar. Teffens wie er ferantwurdlik foar it personielsbelied en it hanthavenjen fan it produksjepeil.

De stim fan Bloemendal ('de stim fan Nederlân' neamd) is yn de jierren njoggentich brûkt troch de Technyske Universiteit Eindhoven en TNO by ûndersyk nei de ideale kompjûterstim. Ek wie syn stim gâns jierren te hearren as halte-omropper op alle doetiidske linen yn de Amsterdamske metro.

Hy ferstoar yn 1999 yn syn wenplak Amersfoart en leit begroeven yn Leusden op Begraafplak Rusthof.

Philip Bloemendal Priis

Sûnt 2002 rikt de Philip Bloemendal Stichting eltse twa jier de Philip Bloemendal Priis út oan in jong talint op radio en telefyzje dat nijsberjochten en/of aktualiteiten op in heldere, persoanlike wize presintearret, mei de klam op in goede útspraak en goed gebrûk fan de Nederlânske taal. De priis bestiet út in jildbedrach fan 3.500 euro, dat bestege wurde moat oan in oplieding binnen it mêd.

Literatuer

  • Robert Bloemendal en Rob de Lange, De stem van mijn vader. Het wonderlijke leven van Philip Bloemendal. Assen: Uitgeverij Koninklijke Van Gorcum (2022). ISBN 9789023259220.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Philip Bloemendal BiografyPhilip Bloemendal PriisPhilip Bloemendal LiteratuerPhilip Bloemendal Keppelings om utensPhilip Bloemendal1918199922 febrewaris25 junyAmersfoartDe HaachPolygoon-sjoernaalScheveningen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Feriene SteatenGrutte OseaanWrâldsûnensorganisaasjeLuna CorazónPornoaktriseHongaarskFrijsinnich Demokratysjke BûnPessariumMinskeAaliyah HadidStacie LaneAzerbeidzjaanskRichard LanginNoemilkKya TropicNovodevitsji-begraafplakFryske BefrijingsdeiVeronica BrazilMichelle ObamaAldgislJ. MacPriya PriceLuna SilverMakro-Sjê-talenWinchester (gewear)Vienna BlackSjiïsmeTiisdeiSint-Hippolytustsjerke (Olterterp)Aubrey KateSineeskSkamte (anatomy)Gregoriaanske kalinderPearsZaawaadi1945Aleksejevski-kleasterSûlû (taal)List fan sterke tiidwurden yn it FryskTrajanusEmiel StoffersMegan SalinasSwitsersk systeemSkiermûntseachCowgirlhâldingMay ThaiFinger8 aprilISO 3166KryptogramYouTube29 desimberJulie SkyhighReade gleeTwadde WrâldkriichRoplettersSweedskFrijaFeriene KeninkrykSophie HilbrandPornoakteurTaiwanSkiednis fan FryslânPornografyHeipealhâldingSintraal-JeropaEssayWytsingen🡆 More