Moskou Petrus- En Pauluskatedraal

De Petrus- en Pauluskatedraal is in lutherske tsjerke yn 'e Russyske haadstêd Moskou.

It is de haadtsjerke fan 'e Evangelysk-Lutherske Tsjerke yn Jeropeesk Ruslân.

Petrus- en Pauluskatedraal

Богоявленский собор в Елохове

Moskou Petrus- En Pauluskatedraal
Moskou Petrus- En Pauluskatedraal
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Moskou Petrus- En Pauluskatedraal Moskou
adres Starosadski pereûlok 7/10
koördinaten 55° 45' N 37° 38' E
Arsjitektuer
arsjitekt Viktor Kossov; Artur Loleit
boujier 1903-1905
Webside
Lutserske gemeente Moskou
Kaart
Petrus- en Pauluskatedraal (Moskou)
Petrus- en Pauluskatedraal

Skiednis

Yn 'e jierren 1694-1695 waard der foar de Dútske luteranen njonken de Michaeltsjerke, dy't yn 1928 ferneatige waard, in twadde tsjerke foar de lutheranen. Dy tsjerke krige ynearsten de namme Nije Tsjerke, mar hiet offisjeel Sint-Petrus en Paulus. Yn 1711, 1737 en 1748 baarnde de tsjerke út, mar jimmeroan folge wer in weropbou. Lang om let gyng de tsjerke yn 1812 mei de brân fan Moskou folslein ferlern.

Moskou Petrus- En Pauluskatedraal 
De lutherkse Petrus en Paulustsjerke yn 1835

Yn 1817 ferboude de gemeente in hûs yn 'e Starosadskystege ta in tsjerke, dy't yn 1819 ynwijd waard. Fanwegen de grutte oanwaaks fan 'e luterske gemeente waard dy tsjerke yn 'e jierren 1860-1861 ferboud en yn 1903-1905 ferfongen troch nijbou, de hjoeddeiske tsjerke. De arsjitekt wie Viktor Kossov en nei't dy him werom loek waard de tsjerke ûnder lieding fan Artur Loleit foltôge.

Yn 1938 liet de antyreligieuze oerheid de tsjerke ûnteigenje. De tsjerke die earst tsjinst as konsertseal. Letter waard der in bioskoop yn ûnderbrocht. De doedestiidske dûmny fan 'e tsjerke, Aleksander Streck, waard tegearre mei de tsjerkeried troch it ateïstyske bewâld fermoarde. Letter kaam yn it gebou in filmstudio ("Diafilm"). Foar dat doel waard in ekstra ferdjipping yn it gebou oanbrocht. De spits fan 'e toer waard yn 1957 ôfbrutsen.

Sûnt de jierren 1990 krige de gemeente wer stadichoan tagong ta it gebou en koe ynearsten in kapel yn gebrûk nommen wurde. Yn 2004 waard de ynrjochting wer yn oarder makke. Op 'e 1e advintssnein fan it jier 2008 krige it gebou nei santich jier de oarspronklike funksje werom. Ek waard yn dat jier mei de weropbou fan de spits útein set. Yn it ramt fan it 500-jierrich jubileum fan 'e reformaasje waard de tsjerke offisjeel wer oerdroegen. By de weromjefte wiene ek ôffurdigen fan 'e Protestantske Tsjerke yn Dútslân en de Dútske bûnspresidint Frank-Walter Steinmeier oanwêzich. Yn 'e oangrinzgjende gebouwen, dêr't ea de pastorij en in skoalle yn ûnderbrocht wiene, wurde noch jimmeroan troch oerheidsorganisaasjes brûkt.

Oargel

It oarspronklike Walcker-oargel gyng nei de ûnteigening ferlern. It tsjintwurdige oargel is ôfkomstich út de Michaeltsjerke, dat nei it sluten fan 'e tsjerke yn in begraffenisgebou opslein waard. It oargel waard yn 1898 troch de firma Sauer yn Frankfurt/Oder as Opus 755 boud en yn 2005 troch Orgelbau Reinhard Hüfken restaurearre. It ynstrumint hat 33 registers op 3 manualen en pedaal op pneumatyske kegelladen.

Klokken

De klokken binne ôfkomstich út de toer fan de Friedenskirche yn it Dútske Rheydt, dy't yn 1999 foar de earetsjinst sletten is en omboud waard ta apparteminten. Se datearje út 1957 en binne yn 2005 yn Moskou telâne kommen.

Ofbylden

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Kathedrale St. Peter und Paul (Moskau).


Tags:

Moskou Petrus- En Pauluskatedraal SkiednisMoskou Petrus- En Pauluskatedraal OargelMoskou Petrus- En Pauluskatedraal KlokkenMoskou Petrus- En Pauluskatedraal OfbyldenMoskou Petrus- En PauluskatedraalEvangelysk-Lutherske TsjerkeJeropeesk RuslânLutheranismeMoskouRuslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RenaultKazachstanEjakulaasjeReligieuzeLatynPalermoAleksander II fan RuslânMarkus Tullius SiseroTrochgong1 maartSlowaakskOflûken (seksualiteit)Kanonike evangeeljesKrusiging fan JezusDôve NettelSuffolkLibbenDionysus19892 aprilTailânRhylee RichardsReidhintsjeBob DylanOblast TsjitaSovjet-UnySolovetski-kleasterVladimir PûtinKeizerlike Japanske MarineRoarikLolita (pornografysk aktrise)Grins (stêd)SotsjyScilly-eilannenFriezenWetKubaWim Kan1000Johan FrieswijkStille BrânnettelSeksualiteitOblast OrenburgWarsjaupakt24 maartList fan planetoïden 1001-2000Dôve BrânnettelEgypteAsteroïdeSwierwêzenPepinidenOrgasmeHenny Tuinhout-de LeeuwEchte fazantfûgelsList fan planetoïden 24001-25000Charles III fan it Feriene KeninkrykCowgirlhâldingDaasjeNelson MandelaReklamespotsjesSandy MilzSúd-SûdanBroeinettel2006Nij-SeelânNoardwâlde (Grinslân)Feriene KeninkrykPinsjoenRussyskIslamityske Steat🡆 More