Randolph Peter Best (Madras (India), 24 novimber 1941) wie de earste drummer fan The Beatles, oant flak foardat dizze groep trochbruts.
Pete wie de soan fan Mona Best, de eigener fan de Liverpool's Casbah Club dêr't de Beatles gauris spilen. Pete Best waard yn 1959 foar it earst frege om mei The Beatles te spyljen doe't hy meidie oan de earste tour nei Hamburch fan de groep yn 1960-1961. Op 16 augustus 1962 waard hy koart nei harren earste audysjes foar EMI troch harren manager Brian Epstein út de groep setten (oars op fersyk fan George Martin en de oare bandleden, omdat Petes drumwurk net sterk genôch wêze soe), en kaam Ringo Starr yn syn plak. Sadwaande krige Best spul mei alle leden fan de band.
Neidat hy út The Beatles setten wie besocht Best meardere kearen om oare bands op te rjochtsjen. Dêrby hie hy net folle súkses. Yn 1965 mislearre syn poging ta selsmoard troch him op te sluten yn in keamer en de gaskraan iepen te setten. Yn oktober dat jier klage hy The Beatles oan wegens laster, omdat Ringo Starr sein hy dat hy om reden fan drugsgebrûk út de band setten wie.
Best fertsjinne inkle miljoenen doe't de Beatles Anthology útjûn waard: in rige betinkings-cd's dêr 't ek opnamen op stienen dêr't Pete Best op spile.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Pete Best, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.