Floarida Palm Beach

Palm Beach (Ingelsk foar Palmstrân), offisjeel de Town of Palm Beach, is in plak mei de status fan town, dat oan 'e Atlantyske kust fan it Floarida-skiereilân leit, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida.

It leit feitliks op in eilân foar de eigentlike kustline fan it skiereilân, dêr't it fan skaat wurdt troch de Intracoastal Waterway. Palm Beach heart ta de stêdekloft fan Miami en stiet krekt as bgl. Beverly Hills bekend as in wenplak foar de superriken. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie it plak doe 8.800 ynwenners.

Palm Beach
Floarida Palm Beach
Emblemen
Floarida Palm Beach            Floarida Palm Beach
Polityk
Lân Floarida Palm Beach Feriene Steaten
Steat Floarida Palm Beach Floarida
County Floarida Palm Beach Palm Beach County
Sifers
Ynwennertal 8.800 (2018)
Oerflak 21,0 km² (ynkl. wetter)
10,9 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 807,5 / km²
Stêdekloft Miami
Hichte 2 m
Oar
Stifting 1872
Tiidsône UTC –5
Simmertiid UTC –4
Koördinaten 26°42′54″N 80°02′22″W
Offisjele webside
townofpalmbeach.com
Kaart
Floarida Palm Beach
De lizzing fan Palm Beach yn Palm Beach County en yn 'e steat Floarida.

Geografy

Palm Beach leit yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Floarida, op in barriêre-eilân foar de kust fan it Floarida-skiereilân. It eilân mjit 29 km fan noard nei súd, mar op it breedste punt is it mar 1,2 km, wylst it hjir en dêr sels mar 150 m breed is. Hast it hiele eilân heart ta de beboude kom, dy't in oerflak fan 21,0 km² hat.

Floarida Palm Beach 
In lânkaart dy't Palm Beach sjen lit (de smelle fertikale stripe foar de kust).

De Intracoastal Waterway, in drok befearne rûte foar de skipfeart, skiedt Palm Beach fan it fêstelân fan it skiereilân. It diel fan dat wetter oan 'e eastkust fan Palm Beach hjit de Lagune fan Lake Worth; oarekant dêrfan, op it fêstelân, lizze de oanbuorjende plakken West Palm Beach en Lake Worth. Palm Beach heart ta de stêdekloft fan Miami, dat in stik súdliker leit, en is mei dy stêd ferbûn fia in frijwol oaniensletten beboude stripe lân by de kust lâns fia û.o. West Palm Beach en Fort Lauderdale.

Skiednis

De namme fan Palm Beach (dat Ingelsk is foar "Palmstrân") soe ûntliend wêze oan 'e skipbrek fan in Spaansk skip dat de Providencia hiet. Dat wie ûnderweis fan Havana yn Kuba (doe't dat noch in Spaanske koloanje wie) nei Cádiz yn Andalûsje mei in rispinge kokosnuten fan Trinidad en Tobago. Doe't it skip foar de eastkust fan Floarida fergie, spielden de kokosnuten oan op it strân fan in barriêre-eilân, dêr't se op natuerlike wize ûntsprueten of oars troch minsklik yngripen plante waarden, sadat der meitiid in wielderich bosk kokospalmbeammen groeide.

De earste kolonisten setten har yn 1872 of dêromtrint yn wat no Palm Beach is, nei wenjen. Mear as tweintich jier lang wie it eilân in tinbefolke diel fan Lake Worth, mar yn 'e 1890-er jierren lei Henry Flagler syn Florida East Coast Railway oan, in spoarline dy't it gebiet fan bûtenôf maklik tagonklik makke. Flagler naam sels it eilân yn besit, dêr't er perselen fan ferkocht oan 'e riken fan 'e Belle Époque. De kearn fan it iere Palm Beach waard foarme troch Flagler syn beide hotels, it Royal Poinciana Hotel en it Breakers Hotel. Yn 1902 liet Flagler foar himsels in filla yn Palm Beach sette, dy't er Whitehall neamde.

West Palm Beach, dat no in oansjenlike stêd op himsels is, waard yn deselde tiid oarekant de Lagune fan Lake Worth op it fêstelân boud om 'e bewenners fan Palm Beach fan tsjinsten te foarsjen. Dat barde doe't de ynwenners fan Palm Beach yn 'e iere 1900-er jierren de bewenners fan it diel fan it eilân dat de Styx neamd waard, út har wenten besleaten te setten. Yn dat gebiet wiene de boufakkers húsfêste dy't de filla's fan 'e riken bouden en teffens it tsjinstfolk dat harren fersoarge. Dy lju setten har neitiid oarekant it wetter nei wenjen yn wat West Palm Beach waard.

Floarida Palm Beach 
Utsjoch op in diel fan Palm Beach, mei op 'e foargrûn West Palm Beach en de Intracoastal Waterway.

Besjenweardichheden

Palm Beach omfettet ferskate besjensweardichheden, wêrûnder it histoaryske Breakers Hotel en it Flagler Museum, dat húsfêste is yn Henry Flagler syn âlde filla Whitehall. Elts jier yn april wurdt yn Palm Beach it Ynternasjonaal Filmfestival fan Palm Beach holden.

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Palm Beach yn 2018 in befolking fan 8.802 minsken. De befolkingstichtens bedroech 807,5 minsken de km². De eardere befolkingsûntwikkeling fan Palm Beach gie fan 1.135 ynwenners yn 1920 fia 3.747 yn 1940, 6.055 yn 1960 en 9.729 yn 1980 nei 10.468 yn 2000. Tusken 2000 en 2010 kromp de befolking fan Palm Beach lykwols mei mear as 20% nei 8.348, om dêrnei wer oan te waaksen.

Floarida Palm Beach 
Worth Avenue.

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Palm Beach 52,7% âlder as 65 jier en 9,4% jonger as 18 jier. Fierders bestie 47,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 5,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 94,1% blanken; 3,9% Latino's; 1,0% Aziaten; 0,6% swarten; minder as 0,1% Yndianen; 0,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Op taalkundich mêd waard fêststeld dat yn 2000 87,8% fan 'e befolking fan Palm Beach yn 'e hûs inkeld Ingelsk spriek, wylst it Frânsk mei 4,5% op it twadde plak kaam. De op twa nei grutste taal wie it Spaansk, mei 3,7%, en dêrnei folgen Dútsk (2,2%), Italjaansk (0,5%), Jiddysk (0,4%) en Russysk (0,3%).

Stoarn yn Palm Beach

Floarida Palm Beach 
It Lake Trail by de Lagune fan Lake Worth lâns.

Klimaat

Palm Beach hat in tropysk klimaat, mei hjitte fochtige simmers en waarme drûge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 23,9 °C. Palm Beach kriget jiers trochinoar 1.561 mm delslach.

Trivia

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Floarida Palm Beach GeografyFloarida Palm Beach SkiednisFloarida Palm Beach BesjenweardichhedenFloarida Palm Beach DemografyFloarida Palm Beach KlimaatFloarida Palm Beach TriviaFloarida Palm Beach Keppelings om utensFloarida Palm Beach2018Amerikaanske steatenAtlantyske OseaanBeverly HillsEilânFeriene SteatenFloaridaFloarida-skiereilânIngelskKustMiamiRykdomSkiereilânStêdekloftSuden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

31 desimber1995GesinCowgirlhâldingISO 3166-1Sierra Banxxx1852Ruslân28 aprilFlorânsTongeWebsteeMontanaDedemsvaartGeslachtsmienskipBarcelonaFûgelsRedbad11 maart1 jannewarisLatynFideospultsje2007Nikola TeslaYby PotlatchAntonie Frederik ZürcherHadrianusJim Morrison9 maartPornografyske filmMediaWikiSotterum (Koarnwert)Jaylene RioRôfdierenStrawelteSybren fan RoptaRûandaEksplosyfAld SelskipFeriene Naasjes10 desimberAstronoomMegan Salinas5 jannewaris1989Video Art HollandBalletCarles Puigdemont1904kuiersportTwinterâneBernemisbrûkPappegaaidowenHeather Lee16 febrewaris1970Kya TropicNieuwlandeDedemsvaart (doarp)Magy1915LânbouLeafdeVanessa SkyBiskopRuri SaijoMisjonarishâldingGedachtestreekjeNoelle EastonNeakenfotografyKarnivoar🡆 More