Pc 2013

De PC fan 2013 waard op woansdei 31 july ferkeatst.

It wie de 160ste edysje fan de wichtichste keatspartij fan it jier, en tagelyk ek it 160-jierrich jubileum fan de permaninte kommisje. It wie in moaie simmerdei mei ideale keatsomstannichheden. Allinne oan it ein fan de middei wie de loft wat berûn en mei de finale reinde it sa no dan in bytsje. It wie in dei mei net in bulte spanning, ek de finale net. De grutste opwining mei de finale ûntstie doe't in dronken belg neaken it fjild oprûn, sa hat nei Wimbledon ek de PC syn neakenrinner hân.

Pc 2013
De kening Renze Pieter Hiemstra yn aksje

It Lotsjen

Neffens de tradysje waard it lotsjen wêr dien op de moandeitejûns foar de PC yn de Koarnbeurs yn Frjentsjer. It partoer fan Johan van der Meulen lutsen it bêste lot fan de toppartoeren. Sy wiene tige bliid mei harren lot by de earste acht partoeren. At se gjin fouten meitsje soene koe de finale harren eins net mear untrinne. De bruorren Triemstra troffen it minder. Taeke mei Gert-Anne van der Bos en Daniël Iseger it meast konstante partoer fan de leaste jierren lotte yn de earste ronde syn 9 jier jongere broer Bauke dy't mei syn partoer krekt de lêste twa haadklasse wedstriden wûn hie. Fierder sieten ek de partoeren fan de kening fan 2012 Thomas van Zuiden, Jan Dirk de Groot en Tjisse Steenstra by de heechste acht nûmers. By de lêste yn it partoer in keatstopper út it ferline. Cornelis Terpstra makke nei syn slimme ûngemak by it kitesurfen syn opwachting op de PC.

Pc 2013 
Cornelis Terpstra werom op it sjûkelân

Earste List

Op de earste list net in bulte ferassings. Johan van der Meulen hie mei syn perk dy't goed yn foarm wiene gjin inkel probleem en krigen gjin boardsje tsjin. Renze Pieter Hiemstra en foaral Hylke Bruinsma wiene gjin bal fertroud en mannich bal waard boppe slein. Hylke Bruinsma soe oer de hiele dei tritich ballen boppe slaan. Fierder wie it partoer fan Gert-Anne van der Bos mei Taeke Triemstra te sterk foar it partoer fan syn broer Bauke Triemstra. It sterke partoer fan Jan Dirk de Groot mei ivich talint Marten Feenstra en rûtinjee Pier Piersma gie derôf stjin Tjisse Steenstra c.s.

Twadde List

It partoer fan Johan van der Meulen hie ek op de twadde list net in soad tsjinstân. Sy moasten dêr tsjin it partoer fan Hendrik Tolsma, dy hie de eardere opslagger Martijn Olijnsma foaryn stean. Mar as foarynse soe de PC dit jier gjin sukses bringe en mei ien boardsje geane sy derôf. It partoer fan de talintfolle opslagger Menno van Zwieten koe it net bolwurkje tjsin dit partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra mei achteryn de jonge Sjoerd de Jong. It partoer fan Gert-Anne van der Bos hie net in soad problemen mei it partoer fan Arnold Zijlstra wêrtroch de winner fan it jier derfoar, Thomas van Zuiden sûnder priis nei hûs moast. It partoer fan Tjisse Steenstra hie hiel wat mear moeite mei it earste klas partoer fan Pieter Bakker, mar sy koene dochs in plakje by de lêste fjouwer binnenhelje.

Heale Finale

De tredde list brocht de measte spanning op it fjild. It partour fan Johan van der Meulen spile tsjin de goed keatsende Jelte Pieter Dijkstra, Herman Sprik en Sjoerd de Jong, dy lêsten krigen ek twa spullen. Mar dat kaam ek omdat it partoer fan Johan van der Meulen it mar net ôfmeitsje woe, want it partoer fan Jelte Pieter Dijkstra hie op 5-2 en 6-2 en letter op 5-3 6-6 al earder op 'e dea stean doe't Hylke Bruinsma op 5-4 en 6-4 úteinlik de partij útmakke mei in boppeslach. De partij tusken Gert-Anne van der Bos en Tjisse Steenstra waard ek spannend. Ynearsten wie it it partoer fan Van der Bos dy't al gau op in 3-0 foarsprong kamen, mar dêrnei kaam it partoer fan Tjisse Steenstra sterk werom foaral ek om't opslagger Van der Bos trije kear op seis gelyk de punten oan de tsjinstanner liet.

Finale

De finale wie in ientoanige fertoaning. Johan van der Meulen wie op dreef oan de stuit en syn maten yn it perk wiene ek fiersten te sterk foar de opslach fan Tjisse Steenstra. Ek doe't letter yn de partij Cornelis Terpstra de foarbêst oernaam hie fan Steenstra waard it net better, van der Meulen c.s. kamen samer op 5-0 foar. Doe hekke it even mar Steenstra c.s. hiene gjin krach mear om echt werom te kommen yn de partij.

List fan dielnimmers

1 Pieter van Althuis Frjentsjer
Pieter Jan Plat Ljouwert
Hendrik Bouwhuis Boalsert
2 Hendrik Tolsma Goutum
Tjibbe Hansma Mûnein
Martijn Olijnsma Grou
3 Johan van der Meulen Bitgummole
Renze Pieter Hiemstra Sint Jabik
Hylke Bruinsma Minnertsgea
4 Peter van Zuiden Tsjerkwert
Tjerck-Floris Karsten Boalsert
Gerrit-Jan Duiven Hartwert
5 Haye Jan Nicolay Britsum
Hendrik Jan van der Velde Boalsert
Jan Schurer Frjentsjer
6 Jelte-Pieter Dijkstra Easterein
Herman Sprik Wytmarsum
Sjoerd de Jong Wommels
7 Enno Kingma Westhoek
Dylan Drent Harns
Rick Poortstra Sint Jabik
8 Menno van Zwieten Peins
Folkert van der Wei Wytmarsum
Hans Wassenaar Tsjummearum
9 Arnold Zijlstra Tsjummearum
René Anema Balk
Thomas van Zuiden Tsjerkwert
10 Michiel Scheepvaart Makkum
Jacob Zaagemans Warkum
Gert Jan Meekma Wytmarsum
11 Bauke Triemstra Sint Jabik
Alle Jan Anema It Hearrenfean
Hendrik Kootstra Minnertsgea
12 Gert-Anne van der Bos Holwert
Taeke Triemstra Sint Jabik
Daniël Iseger Ljouwert
13 Johannes van der Veen Pitersbierrum
Kees van der Schoot Seisbierrum
Peter de Boer Ljouwert
14 Pieter Bakker Ljouwert
Jacob Klaas Haitsma Sint Anne
Patrick Scheepstra Frjentsjer
15 Jan Dirk de Groot Bûtenpost
Marten Feenstra Feinsum
Pier Piersma Easterlittens
16 Tjisse Steenstra Bitgummole
Jacob Wassenaar Minnertsgea
Cornelis Terpstra Bitgummole

Utslaggen

1e list
1 Pieter van Althuis c.s. - 2 Hendrik Tolsma c.s. 0-5 (4-6)
3 Johan van der Meulen c.s. - 4 Peter van Zuiden c.s. 5-0 (6-6)
5 Haye Jan Nicolay c.s. - 6 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. 2-5 (2-6)
7 Enno Kingma c.s. - 8 Menno van Zwieten c.s. 2-5 (4-6)
9 Arnold Zijlstra c.s. - 10 Michiel Scheepvaart c.s. 5-3 (6-4)
11 Bauke Triemstra c.s. - 12 Gert-Anne van der Bos c.s. 2-5 (2-6)
13 Johannes van der Veen c.s. - 14 Pieter Bakker c.s. 4-5 (6-6)
15 Jan Dirk de Groot c.s. - 16 Tsjisse Steenstra c.s. 3-5 (6-6)
2e list
2 Hendrik Tolsma c.s. - 3 Johan van der Meulen c.s. 1-5 (4-6)
6 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. - 8 Menno van Zwieten c.s. 5-0 (6-4)
9 Arnold Zijlstra c.s. - 12 Gert-Anne van der Bos c.s. 3-5 (6-6)
14 Pieter Bakker c.s. - 16 Tsjisse Steenstra c.s. 4-5 (6-6)
3e list
3 Johan van der Meulen c.s. - 6 Jelte-Pieter Dijkstra c.s. 5-4 (6-4)
12 Gert-Anne van der Bos c.s. - 16 Tsjisse Steenstra c.s. 3-5 (4-6)
finale
3 Johan van der Meulen c.s. - 16 Tsjisse Steenstra c.s. 5-2 (6-2)

Kening PC 2013

Renze Pieter Hiemstra waard útroppen ta kening fan dizze PC.

Tags:

Pc 2013 It LotsjenPc 2013 Earste ListPc 2013 Twadde ListPc 2013 Heale FinalePc 2013 FinalePc 2013 List fan dielnimmersPc 2013 UtslaggenPc 2013201331 julyPC

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jacques Derrida5 septimberDûnsDeaJeanne d'ArcFrancesca PetitjeanAlfred HitchcockList fan lannen en territoaria2020837Mia LiBouke OldenhofImerkes (fûgel)WetSinaSanskryt69 (sekshâlding)SylviaIslamityske SteatFerstoarAfrikaanske UnyBelfastAshley OceanKunnilingusYvette BovaTeemsFulkaanKraj KamtsjatkaList fan planetoïden 46001-47000Oblast OrenburgEgypteOekraïneBruorren GrimmRussyskBitcoinList fan planetoïden 88001-89000Leonid BrezjnevISBNMoriah MillsStasjon AppingedamAmerikaanske dollarWest YorkshireWordPressNoelle EastonList fan planetoïden 43001-44000NoarwegenAtoom2021Stasjon Delfsyl WestNitraatSûmearjeJacobus Henricus van 't HoffGoudMona LisaArgentynjeTelefyzje802Dûkers (fûgels)Lisa AnnTreblinka (konsintraasjekamp)TurkmenistanDermatologyWite BrânnettelSkriuwerIt JiskelânList fan planetoïden 17001-18000Minnie BeetsFrysk🡆 More