Ostankino

Ostankino is de eardere simmerresidinsje fan it ûnbidich rike Sjeremetev-skaai yn Moskou, Ruslân.

Oarspronklik lei Ostankino in pear kilometer fan Moskou, mar tsjintwurdich foarmet it ûnderdiel fan de noardeastlike okrûg fan Moskou. It histoaryske Ostankino bestiet út it houten paleis, dat yn de jieren 1792-1798 om in teäter boud waard, mei de oangrinzgjende Egyptyske en Italjaanske paviljoenen, in 17e-iuwske Trije-ienheidtsjerke en in diel fan it âlde park.

Ostankino

Останкино

bouwurk
Ostankino
lokaasje
lân Ostankino Ruslân
plak Ostankino Moskou
koördinaten 55° 49' N 37° 36' E
bysûnderheden
type bouwurk Paleis
boujier Ein 18e iuw
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 771420967980006
offisjele webside
ostankino-museum.ru

16e iuw oant 1787

Ostankino 
Ostankino yn de 19e iuw

De earste skriflike boarnen oer it doarp Ostasjkino datearje út it midden fan de 16e iuw. De skiednis fan it lângoed bestiet sûnt 1584, doe't it gebiet yn hannen kaam fan Vasili Jakovlevitsj Sjtsjelkalov dy't dêr in bosk oanlizze liet en in lânhûs bouwe liet. Yn de Tiid fan Unstjoer waarden de gebouwen dy't Sjtsjelkalov bouwe liet ferneatige, mar de fiver dy't er grave liet bestiet noch altiten. It lângoed kaam nei it ein fan de Tiid fan Reboelje yn hannen fan de prins Ivan Tsjerkasski, dy't wer grutte parken en nei it easten ta in jachtgebiet oanlizze liet, rjochting it doarp Aleksejevskoje. In neef fan de prins, Jakov Tsjerkassi, erfde it lângoed en syn soan Michaïl joech opdracht om de ferfallen houten tsjerke te ferfange troch in stiennen tsjerke.

Yn de earste helte fan de 18e iuw waard Ostankino stadichoan fan in lânhûs ferboud ta in lustoarde foar de jacht mei in teäter en oare ferdivedaasje yn dy tiid. Yn 1743 kaam it gebiet troch in houlik tusken prinses Varvara, iennichst erfgenamt fan it Tsjerkasski-besit, mei Pjotr Borisovitsj Sjeremetev, de soan fan fjildmaarskalk Sjeremetev, yn hannen fan it Sjeremetev skaai, dy't it oant 1917 besiet.

Yn de 18e iuw wennen de Sjeremetevs foar it measte yn Kûskovo, Ostankino bleau mear in oarde fan ferdivedaasje.

Bou fan it paleis

Ostankino 
Nikolai Petrovitsj Sjeremetev ()19e iuw

Yn 1787 erfde Nikolai Petrovitsj Sjeremetev nei de dea fan syn heit Ostankino. De nije besitter wie goed ûnderlein, tige ryk en sljocht op de ideeën fan de Ferljochting, keunst en teäter. Nikolai Sjeremetev makke fan Ostankino syn simmerresidinsje en hy stalde in teäterselskip gear út mear as 300 liifeigenen en troude letter mei ien fan de fammen fan dat selskip. Yn 1792 waard útein set mei de bou fan it paleisteäter yn Ostankino, dat troch de arsjitekten Francesco Camporesi, Ivan Starov en Vincenzo Brenna ûntwurpen is. De iepening fûn yn july 1795 plak en de dekoraasje fan it ynterieur waard yn 1798 foltôge. It teäter is it bêst bewarre let 18e-iuwske teäter fan Ruslân.

Ostankino 
It let 18e-iuwske teäter

It paleis is fan Sibearysk dinnehout boud yn klassisistyske styl. It is noch altiten it grutste houten gebou fan Moskou. In soad foaroansteande gasten besochten Ostankino, lykas de Poalske kening Stanislaus August Poniatowski, de Russyske keizers Elisabeth Petrovna, Paul I en Aleksander I. Der is ynformaasje bewarre bleaun dat Aleksander II in wetsûntwerp tekene oer de ôfskaffing fan it liifeigenskip op it Ostankino-lângoed.

19e oant 21e iuw

De erfgenamten hawwe oan it paleis mear kwea as goed dien. Yn de jierren 1830 waarden 17e-iuwske keamers en in pear tsjinstgebouwen sloopt. Doe't Aleksander II Ostankino keas om dêr te wêzen by de kroaning yn 1856 waarden de keamers wer ferboud ta wenromte en op 'e nij ynrjochte. It park rekke sûnt 1830 yn it neigean, dielen waarden ferhierd oan boeren en as grûn foar datsja's. Tsjin it ein fan de 19e iuw waard it paleis iepensteld foar publyk en it park waard in plak dêr't minsken ferdivedaasje sochten.

Museum

Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 waard it paleis nasjonalisearre en feroare yn in museum. Om't it paleis sels en it ynterieur troch liifeigenen fan Sjeremetev dekorearre wiene, waard it paleis yn 1935 omdoopt ta it 'Ostankino Paleismuseum foar liifeigenekeunst'. Sûnt 1992 hjit it eardere lângoed fan Sjeremetev it 'Moskouse Museum-lângoed Ostankino'.

Yn 1935 waard it eastlike diel fan it park tawiisd oan de lânboutentoanstelling. Nei't letter in grut part fan it noardlike diel in botanyske tún waard, wie it Ostankinopark noch mar in fraksje fan wat it ea wie.

Ostankino 
Trij-ienheidtsjerke

De kolleksjes fan it museum besteane út persoanlike besittings fan de Sjeremetevs en saken dy't nei de revolúsje sammele waarden. De wichtichste saken binne in samling Russyske portretten út de 18e en 19e iuw, in samling meubilêr út de 18e oant earste helte fan de 19e iuw en in samling Russysk, Europeesk en eastersk porselyn. Meiïnoar bestiet de samling út likernoch 20.000 objekten. De wanden fan it paleis binne mei satyn en flewiel behongen.

Yn it begjin fan de jierren 1980 sette it museum wer útein mei teäter- en konsertaktiviteiten. Sûnt 1996 wurdt yn Ostankino alle jierren in teäter- en muzykfestival organisearre.

It paleis ûndergyng sûnt 2013 in grutte renovaasje mei as doel de houten muorren fan it paleis te behâlden.

Tsjerke

De Trije-ienheidtsjerke is it âldste gebou op it bûten. Yn septimber 1678 wijde patriarch Joachimv de stiennen tsjerke yn. It hjoeddeiske gebou ferfong eartiids in houten tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Останкино (усадьба)


Tags:

Ostankino 16e iuw oant 1787Ostankino Bou fan it paleisOstankino 19e oant 21e iuwOstankino MuseumOstankino TsjerkeOstankinoMoskouRuslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ricki Raxxx852ReligyOerdû1994LeafdeAutokrasyPappegaaidowenDroegehamOomramSwiniastateCassandra WildeNoard-AmearikaThomas MannAudi1564Gazastripe1913Carmen HayesSwedenAnne HenningGlasgowAfro-AmerikanenSaya SongSloveenskElektromagnetismeGina GersonBelgjeAcademy of Country Music AwardEritreäKatalaanskClara TrinityBoek2014KeunstnerBrazilian waxAnglikaanske Tsjerke1973FloaridaAdolf HitlerEjakulaasjeHantsjemierLiza MinnelliKatedraal fan PadûaDjakartaAnno GalamaEastlike greidwrotmûsDuëtHillige Roomske RykNoardfryskDe BoarnFryske talenNederlânYme SchuitmakerMetallic-kleurArmeenjeMarksismeKomoarenParkYnternasjonaal Filmfestival fan Palm SpringsAztekenKaapsk grûniikhoarntsjeHarmony WonderMuzykOktoberrevolúsje🡆 More