Omsk

Omsk (Russysk: Омск) is in Russyske stêd yn Sibearje, haadstêd fan de oblast Omsk.

De stêd leit op it plak dêr't de rivieren de Irtysj en de Om byelkoar komme.

Omsk
Omsk Tarskajastrjitte
Flagge Wapen
Omsk Omsk
Polityk
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Omsk
Distrikt Stedsdistrikt
Sifers
Ynwennertal 1.126.193 (2022)
Oerflak 502,7 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1.986,58 / km²
Hichte 90 m
Oar
Stifting 1716
1782 (stêd)
Tiidsône UTC+7
Koördinaten 54° 59' N 73° 22' E
Webside (ru) www.omsk.ru

Under it Russysk keizerryk wie Omsk de sit fan de Gûverneur-generaal fan West-Sibearje en letter fan de Gûverneur-generaal fan de Steppen. Yn de Russyske boargeroarloch, yn 1918–1920, wie Omsk de haadstêd fan de anty-bolsjewistyske Sibearyske Republyk en waard de keizerlike goudreserve dêr bewarre.

Omsk
Lokaasje dêr't Omsk leit
Omsk
Skouboarch Omsk

Ekonomy

Omsk hat in wichtige haven en de Russyske oaljemaatskippij Sibneft sit dêr.

Ferkear en ferfier

Omsk is goed te berikken oer it wetter (Irtysj en Om) en hat oanslúting op wichtige wegen en it spoar. It Transsybearysk spoar en de autowei M5 ferbynt Omsk oer Tsjeljabinsk mei Moskou en it oerbliuwend part fan Jeropeesk Ruslân. Teffens hat de stêd in eigen lofthaven dy't troch mear as ien maatskippijen betsjinne wurdt en dy't de basis is fan Omskavia. It stedske iepenbier ferfier bestiet út trams, stedsbussen en trolleybussen.

Omsk is it einpunt fan de Jeropeeske wei 30 dy't yn Cork begjint. De 5800 kilometer lange dyk rint ek troch Nederlân.

Omsk 
Metrobrêge

Sûnt 1992 waard der ek wurke oan it oanlizzen fan in metro ûnder Omsk. It wie ynearsten it doel om it earste trasee te iepenjen yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de stêd yn 2016. Mar noch foar it jubileum fan de stêd rekke it jild op en gyng de projektûntwikkelder NPO Mostovik failliet. It hiele projekt waard yn 2018 troch de oblast Omsk offisjeel stopset. Njonken in diel fan it earste trasee en de metrobrêge oer de Irtysj waard allinne it earste metrostasjon Alekander Pûsjkin-bibleteek iepene (2011).

Unjouwing befolking

Jier Ynwenners
1725 992
1825 9.000
1858 18.000
1897 37.376
1926 162.000
1939 288.855
1959 581.108
1970 821.151
1979 1.014.246
1989 1.148.418
2002 1.134.016
2010 1.154.116
2010 1.126.193

Kultuer en ûnderwiis

As foaroansteand kultuer- en ûnderwiissintrum hat Omsk in tal museums, teaters, skouboargen en (heger)ûnderwiisynstituten.

De meast wichtige museums binne:

  • It steatmuseum foar regionale skiednis
  • It Dostojevskymuseum fan literatuer
  • It Vrûbelmuseum foar keunsten
  • It militêr museumkompleks
  • It Kondraty Belov keunstmuseum
  • It Liberovsintrum foar keunst

Teaters binne de Opera fan Omsk, it Dramateater Omsk, it Sirkus fan Omsk en in tal lytsere kulturele ynstellings.

Heger ûnderwiis

  • Steatsuniversiteit Omsk
  • Technyske Steatsuniversiteit Omsk
  • Pedagogyske Steatsuniversiteit Omsk
  • Agraryske Steatsuniversiteit Omsk
  • Steatsuniversiteit foar Fervierkunde Omsk
  • Siberyske Steatsakademy foar Wegenbou
  • Siberyske Steatsakademy foar Lichems Oefening en Sport

Berne yn Omsk

  • Vissarion Sjebalin (11 juny 1902), Russysk komponist
  • Valentina Talyzina (22 jannewaris 1935), Russysk aktrise
  • Jevsjej Tsejtlin (1948), Russysk-Joadsk literatuerwittenskipper en skriuwer
  • Michail Vroebel (17 maart 1856), Russysk skilder en bylhouwer

Sjoch ek

Keppelings om utens

Tags:

Omsk EkonomyOmsk Ferkear en ferfierOmsk Unjouwing befolkingOmsk Kultuer en ûnderwiisOmsk Berne yn Omsk Sjoch ekOmsk Keppelings om utensOmskIrtysjOm (rivier)Omsk (oblast)RussyskSibearje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ashley OceanFedde SchurerSolovetski-kleasterOblast OrenburgSkearmês fan OckhamPriya PriceHilligeDaisy SummersRuslânOcca Johanna RipperdaEve MadisonRussysk2 aprilKai NobelKazachstan1662Ria RodrigezTuberkuloazeBestjoerSeksualiteitTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)MidslânskNederlânske Herfoarme TsjerkeKeizerHeather LeeBob DylanSkotlân14 julyCommercialSylviaYvette BovaAustralyske dollarMediaWikiElektronHavana GingerGeorge W. BushKanadaJohan FrieswijkFear yn 'e BroekAustraalje (lân)Unbemanne fleanmasineStút (lichemsdiel)1 maartPornografyNelson MandelaÛntslachFerstanlike beheiningFenlo11e iuwEarste WrâldkriichFeriene SteatenKomeetKalkulator1872Spoar fan Grins nei Delfsyl1922Chanto-MansiëDollarSandy MilzLibbenThe New York TimesIemshavenList fan planetoïden 43001-44000Anton WachterpriisRoarikMaya BijouPornoaktrise2024🡆 More