Dit is de oerlisside foar de Haadside fan de wikipedy.
Wy hawwe ek:
Bêste minsken,
Ik ha it boppeste stik fan ús haadside nij staljûn, ik hoopje dat jim it der wat mei lykfine kinne. As der al in protte minsken binne (in demokratyske mearderheid) dy't tsjin myn ûntwerp binne, dan sil ik myn feroarings hiel gau weromsette. Sjoch der mar ris nei.
Ik ha niiskrekt ek in argyf makke foar it oerlis fan de haadside. Der wienen al 51 berjochten en myn webblêder joech al oan dat de side de lange kant neist wie. Sadwaande. Prinsipe is itselde as dy fan de algemiene oerlisside. Mei groetnis --Kening Aldgilles 4 apr 2011, 22.50 (CEST)
Goejûn!
Ik sykje minsken dy't ús Wikipedy noch wat moaier meitsje kinne as no. Oer de yndieling en opset fernim ik wol dat it grutste part fan de meiwurkers bêst tefreden is. It giet my dan ek benammen om it fisuele part fan de Fryske Wiky. It soe dochs hiel aardich wêze as ús Wiky noch moaier wurde kin as de Italjaanske en de Frânske? Dêrom sykje ik nei minsken dy't wat mear technyske ûnderfining as ik hawwe. Wês wolkom. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 4 apr 2011, 22.56 (CEST)
De datum stiet no rjochts boppe, as de side mei "Hjoed, ...... yn de histoarje" boppe-oan yn de linker helte komt, wurdt alle dagen fuort de datum oanjûn. Yn de rjochterkolom stiet ûnderr Ynfo: Regelstsjes (lytse+regeltsjes is eins dûbelop lyts). Kin in behearder soks efkes oanpasse? --Swarte Kees 9 apr 2011, 11.58 (CEST)
Der stiet foar my no in boek ûnder it lofter part fan de tekst, wat dy net lêsberder makket. Mysha
Ja, ik sjoch der binne ferskillen tusken IE en FF hjir. Dy fan FF fyn ik moaier, mar hokfoar is hoe't it miend wie? Mysha
Der binne noch ferbetterings troch te fieren op dizze wiki, lykas "Search" feroarje yn "Sykje" bygelyks.
Ek:
Jo kinne je kandidaat stelle foar de ferkiezings fan de Wiki Board of Trustees. Stel jo kandidaat. [Verbergen] <-- Hollânsk! [Help ús mei oersette!]
Wêrom keppelet Wisten Jo Dat nei it oersjoch foar 2010? At wy it by ien jier hâlde hoecht der gjin jiertal op, oars wie in nij oersjoch better. (En de helte fan 52 is 26, net 34.) Aliter 23 maaie 2011, 20.34 (CEST)
Sorry dat ik in het Nederlands schrijf, maar ik ben het Fries niet machtig. Ik heb recent de Unsyklopedy.org opgestart als parodie op Wikipedy en ik zat de broncode van jullie haadside eens te bekijken. Vreemd dat die codes werken, want toen ik jullie code kopieerde op Unsyklopedy, sloeg het tilt. Ik heb een verbeterde versie van de code hier staan | CartoonistHenning 7 aug 2011, 17.55 (CEST)
Hi, 't spijt me, dat ik kan geen Frysk praten; i just now German and Low German as mother tongues. I am from Germany, Bremen, and I am studying linguistics and I have a seminar on language ausbau. This is, when a language doesn't have enough words to express all the modern things and it gets then upgrated with new expressions to fulfill it. And I want to study how Wikipedia can help on that and this is why I doing those surveys. I have two questions for you: 1. What do you think is the contribution of Wikipedia that your languages gets beter developped and gets new expressions for modern things, 2. How do you build new words, are there certain patterns or methods? (And would you be so kind and show me, where you are discussing on new words?) I would be really thankful, if there came some meanings and answers together. Thank you very much, Sincerely Zylbath 13 sep 2011, 18.40 (CEST)
Hielendal ûnderoan de Haadside steane by my yn read de ynterwiky's oanjûn. Dit doocht net hielendal. Kin ien fan de techneuten hjir efkes nei sjen?--Swarte Kees 1 feb 2012, 21.17 (CET)
Ik wit net better as dat mei de komst fan Estlân der no 17 eurolannen de eurosône foarmje. Soe immen dat yn de haadside oanpasse wolle? Yn 'e Wâlden (talk) 25 jun 2012, 18.10 (CEST)
Ha minsken,
Ik haw krekt de haadside in bytsje feroare omdat wy oars gjin passende romte hienen foar de 'Nijsgjirrige siden'. Ik hoopje mar dat jim it as in ferbettering sjogge. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 24 des 2012, 14.34 (CET)
Hello friends,
if you don't want all the wikipedias shown on your main page, please add {{Noexternallanglinks}}
to the page Berjocht:Haadside:kategory-en-ynterwiky
Best regards, --Murma174 (talk) 27 apr 2013, 23.24 (CEST)
...ûleboerden allinnich op Fryske buorkerijen foarkomme.. Oan de lette kant, mat it is net wier. Drewes (talk) 10 maaie 2013, 18.48 (CEST)
Ik hear graach hoe oaren der oer tinke. Groetnis, J'88 (talk) 7 sep 2013, 04.07 (CEST)
On the English Wikipedia, we started a project called TAFI. Each week we identify underdeveloped articles that require improvement. Our goal is to use widespread collaborative editing to improve articles to Good article, Featured article or Featured list quality over a short time frame.
This is all about improving important articles in a collaborative manner, and also inspiring readers of Wikipedia to also try editing. We think it is a very important and interesting idea that will make Wikipedia a better place to work. It has been very successful so far, and the concept has spread to the Hindi Wiki where it has been well received.
We wanted to know if your Wikipedia was interested in setting up its own version of TAFI. Please contact us on our talk page or here if you are interested.--Coin945 (talk) 17:48, 2 September 2014 (UTC)
Ik haw it berjocht fan 'e moarn oanpast, in safier dat it jiertal yn 2016 troch my feroare waard, mar op ien op oare wize bliuwe wy noch wat dagen yn wike 53 hingje fan it ôfrûne jier. Ik slagget my net en ik haw it no mar wer tebekset nei 2015. Moarn of oermoarn opnij besykje. Yn alle gefallen elkenien de bêste winskjen foar 2016--Geoffrey (oerlis) 1 jan 2016, 12.20 (CET)
Bêste minsken. By Tresoar en it Deltaplan Digitalisearring wurdt sjoen nei mooglikheden om ynformaasje fan Tresoar oan te bieden oan en fia de Wikipedia / DBpedia. Tink oan bylddonaasjes fan Tresoar (Wiki Commons), mar ek oan ynformaasje beskikber te stellen fia in breed droegen platfoarm (Wikipedia) dy't al beskikber is op eigen kanalen byg. Sirkwy.nl. Dêrneist wurdt der sjoen nei mooglikheden fan linken nei DBpedia yn it ramt fan Linked Data.
Op dit stuit wurde artikels yn de Wikipedy net harfesten (as dat it goeie wurd is) troch de Nederlânske DBpedia. Sy binne yn kontakt mei DBpedia en ûndersykje oft en hoe't dat feroare wurde kin. As dat aansen wol it gefal is, komt alle data yn de Wikipedy as Linked Open Data beskikber yn de digitale ynfrastruktuer. Sa ûntsteane der folle mear ferbinings online en kin ynfo makliker fûn en dield wurde. Sa wurdt de doelgroep fan de Fryske Wikipedy ek fergrutte. It doel fan it Digitalisearringsplan is om alle erfgoedsynstellings yn Fryslân mei-inoar te ferbinen, sadat de ynfo oer Fryslân makliker te finen is. Dêr kin de Wikipedy in grutte rol yn spylje.
Ik bin frege om it ferhaal wat út te lizzen, om't ik wol wat bekend bin mei de Wikipedy. De minsken fan Tresoar en it Digitalisearringsplan wolle graach mei meidoggers yn kontakt komme, om te sjen wat der allegear mooglik is en wat beide partijen foar inoar betsjutte kinne. Hans Laagland kin jim dêr mear oer fertelle. Jim kinne him freegje, as jim wolle.
Graach fernim ik fan jim wat jim der fan fine. Ik bin benijd! Groetnis, MeinRei (oerlis) 7 jan 2016, 13.54 (CET)
Hello Frisian friends! I'm an administrator of the Lombard Wikipedia, a regional language spoken in Northen Italy and Southern Switzerland. We have made a successfully collaboration with Galician Wikipedia some months ago, and we have improved our Wikipedias with information about people, language and history of our community. Do you want to do a collaboration with Lombard Wikipedia? --Sciking (oerlis) 5 mrt 2017, 18.42 (CET)
Van 9 - 13 augustus vindt in Montreal Wikimania plaats, de jaarlijkse bijeenkomst georganiseerd voor en door de gemeenschap van vrijwilligers die actief zijn in de Wikimedia-projecten. Zoals gebruikelijk stelt Wiki Nederland weer een aantal reisbeurzen beschikbaar voor Wikimedianen die erbij willen zijn. Dit kunnen volledige beurzen zijn voor reis én verblijf, of een beurs voor een deel van de kosten. Aanvragen van een beurs kan tot 5 mei door het sturen van een mail naar info(at)wikimedia(punt)nl. Graag aangeven of je een volledige beurs of een deel-beurs aanvraagt. Leg s.v.p. ook uit waarom jouw deelname voor jou én voor de Wikimedia-beweging belangrijk is. SRientjes (oerlis) 13 apr 2017, 14.33 (CEST)
Moin moin, deit mi leed, dat ik op Freesch schrieven do, ik kann noch keen Freesch, un ik dach mi, Platt is neger an Freesch as Nedderlännsch. Ik intresseer mi bannig för dat Wangerooger Freesch un versöök, de Borns un Texten daarvun to digitaliseren. Ik weet nich, wat ji villicht düsse Sied hier kennt: http://www.geocities.ws/ekfrysk/Wang.htm Daar geev dat maal Audiodateien, ook bi de Wayback-Machine gifft dat jüm nich meer. Dat mag nich tofällig ween un jichtenseen vun jo hett de maal daalladen or weet, woneem ik de finnen kann? Velen Dank un vele Gröten Zylbath (oerlis) 10 aug 2017, 19.36 (CEST)
Goeie, ik wie krekt wêr ris op 'e Haadside en ik seach dat Rebecca Romijn (moai famke!) artikel fan 'e wike wie. Mar allinich yn 'e ynleiding stean al fjouwer reade keppelings. Nei myn gedachten moatte der fanôf de Haadside gjin reade links útgean. Net by in Wikipedia dy 't al tsiendûzenden siden hat. Earstens is dat gjin goede reklame (it liket as hie men dit net sjoen, en it jout de yndruk dat Wikipedy-FY as ensiklopedy noch net hielendal brûkbar is), yn it twadde plak lûket dat fandalen oan. Men klikket op dy reade links en begjint dan samar wat te skriuwen. Dat lêste kin fansels by alle siden foarfalle, mar by de Haadside, dy't in soad besjoen wurdt, is dat gefier noch krekt wat grutter. Wat tinke jimme? Steinbach (oerlis) 7 feb 2019, 23.14 (CET)
No, nee: dat wist ik net. Ik tocht sels fan twa. It is sels sa dat op Wetterskip (Nederlân), "Wetterskippen yn Fryslân" stiet dat it der twa binne. (Wêr is ynhâldsopjefte?)
En dat tal Skipsleaten liket ek wat leech. Mysha (oerlis) 23 jan 2023, 09.26 (CET)
Der stiet in kopke oer hjoed yn de skiednis, mar wat der stiet is net wier "hjoed". Wurdt it ding faaks mar ien kear de wike oanpast? ~~~ 212.203.0.54 8 sep 2023, 13.28 (CEST)
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Oerlis:Haadside, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.