De Oaden, yn it oarspronklike Gryksk: Ώδαὶ, Odai, foarmje in tekst dy't yn 'e tsjerken fan it eastersk-otterdokse kristendom ta de kanon fan it Alde Testamint fan 'e Bibel rekkene wurdt, en dy't dêr in ûnderdiel útmakket fan of taheakke is oan it boek fan 'e Psalmen.
Yn alle oare kristlike denominaasjes en it joadendom wurdt dizze tekst as apokryf beskôge. De âldst oerlevere ferzje fan 'e Oaden stiet yn 'e Codex Alexandrinus, in fiifde-iuwsk eksimplaar fan 'e Septuaginta. De ûnderskate "oaden" binne eins gebedens en hymnen, dy't sawol op it Alde as op it Nije Testamint slane. De earste njoggen foarmje de grûnslach foar de kanon dy't yn eastersk-otterdokse tsjerken songen wurdt ûnder de metten en by guon oare tsjinsten.
Oaden | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Ώδαὶ ("Odai") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | poëzij | |
skreaun | ûnbekend |
De haadstikken fan 'e Oaden binne sa (neffens Alfred Rahlfs syn krityske edysje fan 'e Septuaginta):
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Oaden (Bibel), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.