Normandje

Normandje (Frânsk: Normandie, Normandysk: Normaundie) is in bestjoerlike regio yn it noardwesten fan Frankryk, dy't tsjin it Kanaal oan leit tusken Pikardje en Bretanje.

Normandje
Flag fan Normandje
(Details)
Wapen fan Normandje
Lizzing fan Normandje yn Frankryk
Haadstêd Roeaan
Arrondisseminten 17
Kantons 131
Gemeenten 3 231
Departeminten Calvados (14)
Eure (27)Manche (50)
Orne (61)
Seine-Maritime (76)
Oerflakte km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

()
ynw/km²
Folksliet '
webstee {{{webstee}}}

Oant 2016 bestie de krite út twa bestjoerlike regio's, Opper-Normandje oan de mûning fan de Seine, dêr't de Pont de Normandje de rivier de Seine oerkrúst en it westliker lizzend regio Neder-Normandje mei it skiereilân Cotentin. By Opper-Normandje hearden de departeminten Seine-Maritime en Eure, wylst Neder-Normandje út de departeminten Orne, Calvados en Manche bestie. Op 1 jannewaris 2016 waarden beide administrative regio's gearfoege ta ien Normandje.

Normandje
Rotskust tichtby Etretat

Skiednis

De namme Normandje stamt fan de Noarmannen ôf. Harren lieder Rollo krige yn 911 it hartochdom Normandje yn lien tawiisd fan de Westfrankyske kening Karel de Ienfâldige. Dat wienen Germanen ôfkomstich út Skandinaavje dy't in Noard-Germaanske taal sprutsen. Lykwols wienen sy net grutsk yn tal dat inkeld in lytske boppelaach hearske oer de oarspronklike befolking fan Normandje, dat sûnt de tiid fan de Romeinen Romaansk-talich wienen. Binnen in pear generaasjes sprutsen alle neisieten fan de Noarmannen noch inkeld de taal fan de befolking dat letter oantsjutten wurde soe mei 'Normandysk'. In neisiet fan Rollo, Willem de Oermasterder oerweldige yn 1066 Ingelân. De Normandyske eallju dy't ek de nije toplaach fan Ingelân foarmje soenen, hawwe de Angelsaksyske taal mei harren eigen Normandyske dialekt lykwols djip beynfloede dat it moderne Ingelsk in soad Romaanske (Frânske) wurden ken. Nei de slach by Bouvines (1214) ferlear de Ingelske kening Jan sûnder Lân (dy't ek hartoch fan Normandje wie) it hartochdom oan de Frânske kening.

Omdat Ingelân fan Normandje út oermasterre wie, is Ingelân noch iuwen lang op papier in lien west fan de Frânske keningen, mar feitlik wie dêr neat fan te merken.

De Ingelsen soenen Normandje yn 1346, oan it begjin fan de Hûndertjierrige Oarloch, nei de slach by Kresy, en yn 1415, nei de slach by Azinkoert feroverje, om it yn de lêste desennia fan de kriich alhiel te ferliezen. De Kanaaleilannen, dy't by Normandje hearden, soenen lykwols foarfêst by Ingelân bliuwe.

Normandje spile yn de Twadde Wrâldkriich in tige wichtige rol fanwege de lanning fan de gealliearde troepen op D-Day (6 juny 1944). Yn de dêr opfolgjende gefjochten hawwe benammen de stêden Caen en Saint-Lô in protte skea oprûn.


Demografy

Yn Normandje wenje 3,2 miljoen minsken. De grutste stêden binne Rouen, Le Havre, Caen, Cherbourg en Évreux. Rouen wie ea de haadstêd fan hiel Normandje. Tsjintwurdich is it dat fan Opper-Normandje, wylst Caen de haadstêd fan Neder-Normandje is.

Kultuer

De omkrite fan Normandje is bekend fan de tsizen krektas camembert, de pont l'Évêque en de livarot, fan de Appels en fan dranken as calvados en sider. In lyts part fan de bewenners sprekt noch hieltyd de Normandyske streektaal.

Sjoch ek

Keppeling om utens

 
             Frankryk
Normandje 
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen

Tags:

Normandje SkiednisNormandje DemografyNormandje KultuerNormandje Sjoch ekNormandje Keppeling om utensNormandje2016Bretanje (skiereilân)Calvados (departemint)CotentinDepartemint (Frankryk)Eure (departemint)FrankrykFrânskIt KanaalManche (departemint)Neder-NormandjeNormandyskOpper-NormandjeOrne (departemint)PikardjeRegio's fan FrankrykSeine (rivier)Seine-Maritime

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HûnSeksuele yntimidaasjeYndoneezjeKatedraal fan Otranto15 maaiewebsteeJanpier BrandsSwiniastate1838DeenskNederdútskEnsyklopedyCarl JungFermaakMissoery (rivier)HantsjemierSensual JaneF1973OktoberrevolúsjeAtoomIbearyske hazzeKartaachske RykBruce VentureNoemilk1791GrikelânMasturbaasjeDútslânLangsturtwrotmûsMazar-e-SharifDeputearre Steaten14 maartYnterprovinsjaal OerlisSlavernijKrystal SwiftHarke BremerApplikaasjePornhubHTMLAmerikaanske gerslânwrotmûzenKantabryske hazzeEadweard MuybridgeFryslân1990-er jierrenSophie HilbrandBrazilian waxNicole BexleyHellendoornOperaLockheed C-141 StarlifterIt Heitelân (liet)Hamilton (Ontario)CJ MilesPake25 septimberGieren fan de Alde WrâldMyseneRjochtFlower TucciSkamstreekAdolf HitlerMaya BijouWashington (steat)2024🡆 More