Noardatapaskyske Talen

De Noardatapaskyske talen of Noardatabaskyske talen foarmje in taalgroep binnen de gruttere Atapaskyske kloft fan 'e Na-Dené-taalfamylje.

Dizze talen wurde sprutsen troch sa'n 28.000 leden fan Yndiaanske folken yn 'e Amerikaanske steat Alaska en it noardwestlike diel fan Kanada. De grutste taal fan dizze groep is it Tsjippewaien, fan noardwestlik Kanada, mei 12.000 sprekkers. Dyselde taal hat kwa oerflak it grutste ferspriedingsgebiet fan alle Yndiaanske talen yn Noard-Amearika.

Noardatapaskyske talen
algemien
oare namme(n) Noardatabaskyske talen
lokaasje noardwestlik Noard-Amearika
tal talen 29
tal sprekkers 28.000 (2010)
taalbesibskip
taalfamylje Dené-Jenisejaansk
  ● Na-Dené
    ● Ejak-Atapaskysk
      ● Atapaskysk
        ● Noardatapaskysk
subgroepen sjoch: Underferdieling

Underferdieling

N.B.: de Noardatapaskyske talen wurde ornaris foar de oersichtlikheid yndield yn ferskate subgroepen, dy't lykwols inkeld op basis fan geografy gearstald binne, en neat sizze oer de ûnderlinge besibskip fan 'e oangeande talen.

  • Noardatapaskyske talen
    • Súdalaskaanske subgroep
      • Aatna (Ahtna)
      • Tanaina (Tanaina, Kenaitze, Dena’ina)
    • Middenalaskaansk-Yukoneeske subgroep
      • Hên (Han, Hän)
      • Holikatsjûk (Holikachuk)
      • Ingalik (Ingalik, Deg Xinag, Deg Hit’an)
      • Kojûkon (Koyukon, Ten’a)
      • Kûtsjin (Kutchin, Gwich’in)
      • Neder-Tanana (Lower Tanana)
      • Noardlik Tûtsjone (Northern Tutchone)
      • Opper-Kuskowim (Upper-Kuskokwim, Kolchan)
      • Opper-Tanana (Upper Tanana)
      • Súdlik Tûtsjone (Southern Tutchone)
      • Tanakros (Tanacross)
    • Noardwestkanadeeske subgroep
      • Dûnneza (Dunneza, Beaver)
      • Sekany (Sekani)
      • Slavy-Tsjippewaien
        • Hûneribsk (Dogrib, Tłįchǫ)
        • Noardlik Slavy of Satû (Northern Slavey, Sahtu)
        • Súdlik Slavy (Southern Slavey)
        • Tsjippewaien (Chipewyan, Dëne Sųłiné)
      • Taaltan-Tagisj-Kaska
        • Kaska (Kaska, Nahanni)
        • Taaltan (Tahltan, Nahanni)
        • Tagisj (Tagish)
    • Tsetsaut-subgroep (oer dizze taal is mar sa'n bytsje bekend dat er ornaris yn in eigen subgroepke pleatst wurdt)
      • Tsetsaut
    • Sintraal Britsk-Kolumbiaanske subgroep
      • Babiin-Witsûwitten (Babine-Witsuwit’en)
      • Dragersk (Carrier, Dakelh)
      • Tsjilkotin (Chilcotin, Tsilhqot’in)
      • Nikola (Nicola)
    • Flakte-subgroep
      • Sarsy (Sarcee, Tsuu T’ina)
    • Kwalhiokwa-Klatskany-subgroep (fan it Kwalhiokwa-Klatskany soe men sizze kinne dat it eins út geografyske omtinkens diel út heart te meitsjen fan 'e Pasifysk-Atapaskyske taalgroep, mar it hat taalkundich marzjinaal mear gemien mei de Noardatapaskyske talen as mei de Pasifysk-Atapaskyske talen. Sadwaande foarmet it in soarte fan brêge tusken dy beide taalgroepen.)
      • Kwalhiokwa-Klatskany

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Tags:

AlaskaAmerikaanske steatenAtapaskyske talenFeriene SteatenFerspriedingsgebietFolkKanadaNa-Dené-talenNoard-AmearikaOerflakTaalTaalgroepYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KarnivoarGrutte-boarstesjenre1938Lexi DiamondBruto Ynlânsk ProduktTelefyzjeJohn de MolGoudTwinterâneMoskouISSNRomantyk (leafde)7 aprilWrâldkampioenskip fuotbal21 desimberSS-TotenkopfverbändeAkenPlysjeAstronoomSkriuwerFaksismeOezbekistanKunnilingusTongaBachelortitel18521997De factoEva WiessingFalomLongûntstekkingMichelle TuckerVina SkyFeriene NaasjesYnternetGizehGroubekpappegaaido2006Neakenmodel1952TiranaKomoarenpappegaaidoHûneftigenIstanbûl1980Prêrjewolf12 maartNieuwlandeOanslachWebsteeLiterPappegaaidowenPierre WoodmanSûchdierenCandy Manson2007Roomsk-Katolike TsjerkeGrutte pappegaaido18 augustusTurkskLeafdeDeastrafStockholmISO 3166-1NoardfryskAntysemitismeVologda (oblast)1996Oera Linda Boek66 f.Kr.🡆 More