Noard-Nederlân

Noard-Nederlân is in Nederlânske regio (ek wol lânsdiel neamd) dy't de noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte omfiemet.

Dit gebiet foarmet in statistyske NUTS 1-regio, en sûnt 1992 wurkje de trije provinsjes gear yn it Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (GNN).

Noard-Nederlân
De lizzing fan Noard-Nederlân yn Nederlân.

It GNN

It doel fan it GNN is om 'e ekonomyske posysje fan Noard-Nederlân fuort te sterkjen. Dêrta wurdt besocht om it romtlike en ekonomyske belied fan 'e trije provinsjes opinoar ôf te stimmen. Yn 2013 waard in nije koerts foar Noar-Nederlân fêststeld yn 'e nota Noordervisie2040. Dêrnjonken fiert it GNN út namme fan 'e trije provinsjes ûnderhannelings mei it nasjonaal regear yn De Haach en de Jeropeeske Uny yn Brussel. In wichtige advysrol wurdt dêrby ferfolle troch de stêden Grins, Ljouwert, Assen en Emmen.

As basis foar de beslútfoarming oer de ynset fan ynvestearrings fan it ryk op romtlik-ekonomysk mêd fungearret de saneamde Gebiedsagenda Noord-Nederland, dy't datearret út 2009. Der wurdt wurke oan in nije "gebietsaginda", dy't nei ferwachting yn 2014 noch fêststeld wurde sil. Binnen it GNN is sûnt 2010 in iepentlik skeel ûntstien tusken Fryslân en Grinslân oer de allokaasje fan beskikbere middels en de fêstiging fan oerheidstsjinsten, dy't rjochtsom of loftsom allegear yn Grins lykje te bedarjen.

Grutste gemeenten

Gemeente Ynwenners
(1 jannewaris 2024)
Provinsje
Grins 243.366 Noard-Nederlân  Grinslân
Ljouwert 128.867 Noard-Nederlân  Fryslân
Emmen 109.372 Noard-Nederlân  Drinte
Súdwest-Fryslân 90.436 Noard-Nederlân  Fryslân
Assen 69.729 Noard-Nederlân  Drinte
Westerkertier 64.806 Noard-Nederlân  Grinslân
Midden-Grinslân 61.437 Noard-Nederlân  Grinslân
Smellingerlân 56.626 Noard-Nederlân  Fryslân
Hoogeveen 56.615 Noard-Nederlân  Drinte
De Fryske Marren 51.938 Noard-Nederlân  Fryslân
It Hearrenfean 51.812 Noard-Nederlân  Fryslân
It Hegelân 48.231 Noard-Nederlân  Grinslân
De Waadhoeke 46.894 Noard-Nederlân  Fryslân
Iemsdelta 45.070 Noard-Nederlân  Grinslân
Noardeast-Fryslân 45.884 Noard-Nederlân  Fryslân
Aldamt 39.433 Noard-Nederlân  Grinslân
Coevorden 35.712 Noard-Nederlân  Drinte
Meppel 35.786 Noard-Nederlân  Drinte
Tynaarlo 34.756 Noard-Nederlân  Drinte
Midden-Drinte 34.073 Noard-Nederlân  Drinte

Boarne:CBS Statlline

Grutste plakken

De 10 grutste plakken yn Noard-Nederlân binne:

Plaatsnaam 2018 2019 2020 2021 2022 Provincie
1 Grins 190.560 191.342 203.105 202.900 203.955 Noard-Nederlân  Grinslân
2 Ljouwert 92.235 92.000 93.395 93.680 94.650 Noard-Nederlân  Fryslân
3 Assen 66.525 67.963 67.760 68.005 68.250 Noard-Nederlân  Drinte
4 Emmen 56.490 56.545 56.560 56.640 57.395 Noard-Nederlân  Drinte
5 Drachten 45.080 45.170 45.534 45.345 45.212 Noard-Nederlân  Fryslân
6 Hoogeveen 40.260 39.445 40.130 39.932 40.174 Noard-Nederlân  Drinte
7 Snits 33.960 33.379 33.781 33.855 34.157 Noard-Nederlân  Fryslân
8 It Hearrenfean 29.115 29.984 30.368 30.655 31.099 Noard-Nederlân  Fryslân
9 Meppel 29.335 29.328 29.758 30.063 30.444 Noard-Nederlân  Drinte
10 Hegesân 21.805 21.850 21.915 21.870 21.965 Noard-Nederlân  Grinslân

Boarne: CBS Statline

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Externe link, op dizze side.

Tags:

Noard-Nederlân It GNNNoard-Nederlân Grutste gemeentenNoard-Nederlân Grutste plakkenNoard-Nederlân Keppeling om utensNoard-Nederlân1992DrinteFryslânGrinslânNederlânStatistyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1993ReidsjongersKeunstriden op de Olympyske Winterspullen 20183 desimberRoemeensk1945PornografyCJ MilesJewels JadePiet MiedemaFeanster FeartRocco Siffredi20e iuwSan DiegoKeatsenAmerikaansk fuotbalYrreligyThundermotherHagekrûperMina LuxxFryske gemeentenNRJ Music AwardJapanHeather LeeBoarstfergruttingSalvador AllendeWrâldkampioenskip fuotbalRunenCharles BukowskiHertpuzelPieter BreukerOmnibus (boek)GrikenTiidsôneFrysk hynderCharles Robinson (yllustrator)Sêfte pornografyLexi DiamondRegisseur19771780Grutte PierKya TropicBlaudokeHidde BoersmaWûnseradielKompjûterprogramma8 augustus1935WolkekliuwerDetroitJohann Wolfgang von Goethe4 aprilJapanskSjongfûgelsKetsjûa (taal)Nasjonaal parkLjouwert (stêd)BoarstferlytsingRicki RaxxxNoardseeAlbertina SoepboerPortegal3 febrewarisKunnilingusRain ManSkotskPreeti en Priya YoungMegan Salinas1839Bulgarije🡆 More