Noard

Noard of it noarden is in wynstreek en ien fan 'e fjouwer haadwynstreken, njonken east, súd en west.

De namme komt fuort út it Proto-Germaanske *norþ-, fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *nórto-s, dat safolle betsjut hawwe moat as "ûnder wetter strûpt", in ferbûging fan 'e woartel *ner-: "lofts", "derûnder", yn dit gefal "lofts fan de opgeande sinne". It eigenskipswurd fan noard is noardlik, mar ek boreaal (út it Gryksk). It noarden is it tsjinstelde fan it suden, en jout de rjochting fan 'e Noardpoal oan. Om't foar de rjochtingsbepaling ornaris in magnetysk kompas brûkt wurdt, en de magnetyske noardpoal net alhiel itselde is as de geografyske noardpoal, ûnderskiedt men it geografyske noarden fan it magnetyske noarden. Fierder is der ek yn 'e astronomy in noardrjochting, it astronomyske noarden, definiëarre.

Noard
In 16-puntige kompasroas, mei it noarden oanjûn yn read.

Ferskillende noardrjochtings

It geografyske noarden of wiere noarden is de rjochting fan 'e geografyske noardpoal. Dêrfan ôflaat is de term kaartnoarden, mei't op lânkaarten it noarden altyd de boppe is, en it suden ûnder. Sadwaande sprekt men by it lêzen fan in wrâldkaart fan it noarden as men it oer it noardlik healrûn hat. Dêrfan útgeande soe men de geografyske noardpoal omskriuwe kinne as de presize top fan 'e Ierde.

It magmetyske noarden is de rjochting yn it horizontale flak fan 'e fjildrjochting fan it ierdmagnetysk fjild, de magnetyske meridiaan. De magnetyske noardpoal befynt him yn it noarden fan 'e Kanada, earne yn 'e Arktyske Arsjipel, mar de lokaasje derfan kin net sekuer werjûn wurde om't dy allegeduerigen justjes ferskoot. Trochdat de magnetyske noardpoal net gearfalt mei de geografyske noardpoal, wiist de fjildrjochting fan it ierdmagnetysk fjild net oeral nei it wiere noarden. Dy saneamde deviaasje is it ferskil tusken de magnetyske meridiaan en de geografyske meridiaan. Yn Nederlân bedraacht dizze deklinaasje likernôch 0,5° yn westlike rjochting, mar yn oare súdliker leine gebieten komme miswizings fan oant wol 30° foar, wylst yn it hege noarden de ôfwiking sa ekstreem wêze kin dat in magnetysk kompas net mear brûkber is.

It astronomyske noarden is de rjochting fan 'e noardlike himelpoal. Dat komt rûchwei del op 'e rjochting fan 'e Poalstjer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AstronomyEastEigenskipswurdGeografyGrykskHaadwynstreekKompasMagnetyske noardpoalNammeNoardpoalProto-GermaanskProto-Yndo-JeropeeskSudenSúdWestWynstreek

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RomeinenÛntslachFryslân Boppe100019521814BitcoinJ.R. CarringtonScilly-eilannenHavana Ginger837Republyk ArtsachNeakenensBestjoerImerkes (fûgel)Inga RidereCarles PuigdemontArgentynjeParysIngoesjetiëFulkaanThe Call of the Wild (film út 2020)600PornofilmWetterstofStasjon BedumDominion NijfûnlânTransportBarnstienJacques DerridaReklamespotsjesKrypetski-kleasterAlaskaMay ThaiNije mediaChakassiëNederlânDanijel DizdarevicEchte fazantfûgelsYves BaillatKabinet-Rutte IV2000-er jierrenArabyskAmmanSúd-AmearikaKraj KamtsjatkaStasjon LoppersumList fan planetoïden 1001-2000Vina SkyUnbemanne fleanmasineProstitueeEve MadisonWim KanFeriene SteatenSkearmês fan OckhamDiana, prinsesse fan WalesSpoar fan Grins nei de EemshavenKeizerlike Japanske Marine923Ferstanlike beheiningShanghaiTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)Def Rhymz2011Karelië (dielrepublyk)Volodymyr ZelenskySûger (plant)Marije CornelissenStasjon Appingedam🡆 More