Nij-Beierlân

Nij-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Nieuw-Beijerland) is in doarp en eardere gemeente yn it westlike part fan de Hoekske Waard yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.

Yn 2019 hie it doarp likernôch 3993 ynwenners. Nij-Beierlân leit oan de tijrivier de Spui. It wetter yn de omkriten fan Nij-Beierlân is noch hieltyd ûnder ynfloed fan tijen.

Nij-Beierlân
Nij-Beierlân
Flagge Wapen
Nij-Beierlân Nij-Beierlân
Polityk
Lân Nij-Beierlân Nederlân
Provinsje Nij-Beierlân Súd-Hollân
Gemeente Nij-Beierlân Hoekske Waard
Sifers
Ynwennertal 3.990 (2019)
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51°49″ N 4°21′ E

Nij-Beierlân wie foar 1984 in selsstannige gemeente doe't it mei de doarpen Goudswaard, Piershil, Súd-Beierlân en it eilân Tiengemeten de gemeente Korendijk foarme. Dy gemeente waard by in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2019 part fan de nije gemeente Hoekske Waard.

Der is in fearferbining mei Hekelingen, dat de fluchste manier is om yn Spijkenisse te kommen.

De pleatslike fuotbalferiening is NBSVV en waard oprjochte yn 1949. Nij-Beierlân hat twa basisskoallen: Iepenbiere skoalle Onder de Wieken en de kristlike skoalle School met de Bijbel.

De mûne De Swaen, dy't yn 1703 boud waard, wie in twangmûne. Eltsenien wie ferplichte harren nôt dêr mealle te litten. De mûne is mei de Herfoarme Tsjerke in ryksmonumint.

Ferneamde ynwenners

  • Nicolaas Hendrik Beversluis 1850-1931, dûmny fan de Grifformearre Gemeenten
  • Wil den Hollander 1915-2000, skriuwster, oant 1947
  • Francisco van Jole 1960, sjoernalist
  • Cees Veerman 1949, boer, ekonoom, politikus en âld minister fan Lânbou

Galery

Tags:

Hoekske WaardNederlânNederlânskProvinsjeSpui (rivier)Súd-Hollân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SkotskMuntsjesylJohann Wolfgang von Goethe24 julyJapanskFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 19529 maaieWim KanJoo Min Lee1951List fan geiterassenPake en beppeJewels JadeOflûken (seksualiteit)HaadsideMegan VaughnGrutte Pier4 novimberNASAProaiPanama22 novimberGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007Pûn sterlingDo-eftigenBommesmiterFideospultsjeHout23 maaieBang BrosNatoerLetterSaya SongYnterbellumWreck-It RalphKeatsenJustin SlayerAdam en EvaSavannah GoldLofthaven Skiphol5 oktober1981Lycklama à NijeholtMasturbaasjeHeather LeeSisca FolkertsmaJezus (tradisjoneel-kristlik)7 maart3 desimberRamon (pornografysk akteur)Albertus Samuel Carpentier AltingMia KhalifaHelen DuvalGemme fan BurmaniaBistGrutte Heitelânske KriichFeriene SteatenOanslach2010-er jierrenHarmony WonderJarreFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)Noelle EastonMarten LutherSieds Johannes RienksNigeariaAchille DevériaFerstjerren🡆 More