Neve Campbell

Neve Campbell (útspr.: , likernôch nev kêmbl; folút: Neve Adrianne Campbell; Guelph (Ontario), 3 oktober 1973) is in Kanadeesk aktrise en balletdûnseresse fan mingd Joadsk-Skotsk etnysk komôf.

Yn har eigen lân krige hja yn 1992 bekendheid mei har rol yn 'e tillefyzjerige Catwalk, foar't se yn 1994 ynternasjonaal trochbriek as Julia Salinger yn 'e searje Party of Five. Neitiid spile se û.m. yn films as The Craft, de Scream-rige en Wild Things. Sûnt 2000 is se benammen aktyf op it toaniel en spile se dêrnjonken yn in stikmannich filmhûsfilms dy't troch de resinsinten mei loovjende kritiken ûntfongen waarden, mar net folle publyk loeken.

Neve Campbell
Neve Campbell akteur
Neve Campbell yn 2015.
Neve Campbell yn 2015.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Neve Andrianne Campbell
nasjonaliteit Neve Campbell Kanadeesk
berne 3 oktober 1973
berteplak Guelph (Ontario)
etnisiteit Neve Campbell Joadsk
Neve Campbell Skotsk
jierren aktyf 1991 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Campbell waard yn 1973 berne yn Guelph, yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario, as de iennichste dochter yn in ymmigrantegesin mei fjouwer bern. Har heit, toaniellearaar Gerry Campbell, is in Skotske ymmigrant út Glasgow wei, wylst har mem, yoga-ynstruktrise en psychologe Marnie Neve, yn Amsterdam berne waard. Campbell har pake en beppe oan memmekant runden yn Nederlân in teäterselskip, wylst har pake en beppe oan heitekant krektlyk yn it artystefak sieten. Fia har mem stammet Campbell ôf fan Sefardyske Joaden dy't yn 1497 út Portegal ferdreaun waarden en har doe as balling yn 'e Nederlannen fêstigen. Generaasjes yn it ferline hat de famylje him op in stuit ta it roomsk-katolisisme bekeard, en yn dy religy is Campbell grutbrocht. Sels sei se dêroer: "Ik bin in praktisearjend katolyk, mar ik kom út in line fan Joaden, dus as my frege wurdt oft ik Joadsk bin, dan sis ik fan ja."

Neve Campbell 
Neve Campbell yn 1997.

Campbell hat trije bruorren: Christian, Alex en Damian. Har âlden skieden doe't se noch mar twa jier wie, wêrnei't sysels en Christian meast by har heit wennen. Doe't Campbell mei seis jier in opfiering fan it ballet De Nutekreaker seach, besleat se dat se ballerina wurde woe. Dêrta liet se har ynskriuwe oan 'e Erinvale School of Dance, dêr't se trije jier lang lessen folge. Mei njoggen jier gie se nei it ynternaat fan 'e Nasjonale Balletskoalle fan Kanada, dêr't se foltiids trening en ûnderrjocht genoat en optrede yn opfierings fan De Nutekreaker en Toarnroaske. Nei't se ferskate kearen blessearre en in kear oerspand rekke wie, feroare se mei fyftjin jier fan karriêre troch har tenei ta te lizzen op aktearjen. Datselde jiers noch spile se yn The Phantom of the Opera yn it Canon Theatre yn Toronto, wylst se yn har berteplak Guelph de middelbere skoalle folge.

Aktearkarriêre

Yn 1991 wie Campbell foar it earst op 'e tillefyzje te sjen yn in reklamespotsje foar Coca-Cola. Har earste haadrol yn in tillefyzjesearje hie se as Daisy yn 'e jongereinrige Catwalk (1992-1994), dêr't se yn Kanada in beskate bekendheid mei krige. Nei ferskate gastrollen yn oare searjes briek se yn 1994 ynternasjonaal troch mei har rol as Julia Salinger yn 'e Amerikaanske dramarige Party of Five, mei û.o. Lacey Chabert en Jennifer Love Hewitt, oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in auto-ûngemak om it libben kommen wiene. Dy searje rûn oant en mei 2000.

Yn 1996 hie Campbell har earste grutte filmrol yn The Craft. Datselde jiers spile se de haadrol (as Sidney Prescott) yn 'e horrorfilm Scream, dy't in ûnbidich súkses waard mei in opbringst fan $173 miljoen. Campbell wûn der in Saturn Award yn 'e kategory bêste aktrise mei, en der waarden trije ferfolgen op makke dy't ek tige súksesfol wiene: Scream 2 yn 1997 ($170 miljoen), Scream 3 yn 2000 ($160 miljoen), en Scream 4 yn 2011 ($97 miljoen). Foar har optreden yn it twadde diel fan 'e rige wûn se de MTV Movie Award foar bêste aktrise. Fierders spile Campbell yn 1998 yn 'e a-typyske skriller Wild Things, wêryn't se ûnder mear in opsjochjaande frijsêne mei Denise Richards hie. Oare films fan harres út dy snuorje wiene û.m. 54 (1998) en Three to Tango (1999). Dêrnjonken liende se yn 'e tekenfilm The Lion King II: Simba's Pride har stim oan Simba en Nala harren dochter Kiara.

Fanôf likernôch de milenniumwiksel spile Campbell yn ferskate films dy't mar op in beheind tal plakken draaiden, mar dy't troch de resinsinten tige by tige wurdearre waarden. Dêrûnder wiene Panic (2000), mei William H. Macy en Donald Sutherland, Last Call (2002), mei Sissy Spacek en Jeremy Irons, en fierders The Company (2003), oer it Joffrey Balletselskip fan Chicago, en de ûnôfhinklike film When Will I Be Loved (2004).

Neve Campbell 
Neve Campbell yn 2009.

Yn 2006 ferfear Campbell nei Grut-Brittanje, dêr't se yn maart fan dat jier foar it earst op 'e planken stie yn it Londenske West End, yn it stik Resurrection Blues, mei û.o. Matthew Modine en Maximilian Schell. Yn 'e folgjende jierren spile se yn ferskate toanielstikken yn teäters yn it West End. Letter spile se noch yn ferskillende films, en teffens hie se gastrollen yn tillefyzjesearjes as Medium, The Philanthropist, Grey's Anatomy en Mad Men. Ek wie se as stimaktrise belutsen by in ôflevering fan The Simpsons. Yn 2013 hie Campbell fierders noch de haadrol yn 'e tillefyzjefilm An Amish Murder, wêryn't se in plysjeresjersjeur spile dy't thúskomt yn har eigen Amish-mienskip, jierren nei't se in brute massamoard oerlibbe hat.

Yn 2015 hie Campbell in gastrol yn 'e rige Manhattan. Fan it fjirde seizoen ôf, dat yn 2016 útbrocht waard, hie se in weromkearende rol as LeAnn Harvey yn 'e populêre dramasearje House of Cards fan Netflix. Yn 2018 wie se de tsjinspylster fan Dwayne Johnson yn 'e aksjefilm Skyscraper. Fierders wie Campbell dat jiers ek te sjen yn 'e ûnôfhinklike film Hot Air. Yn 2019 spile se yn 'e Kanadeeske dramafilm Castle in the Ground. Njonken har aktearwurk hat Campbell ek ferskate kearen as presintatrise yn 't spier west.

Priveelibben

Campbell hat twaris troud west: fan 1995 oant 1998 mei de Kanadeeske barkeeper en akteur Jeff Colt, en fan 2007 oant 2011 mei de Ingelske akteur John Light. Neitiid krige Campbell in relaasje mei de Amerikaanske akteur JJ Feild, mei wa't yn augustus 2012 in soan krige, dy't Caspian neamd waard.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1991 My Secret Identity studinte net fermelden op 'e ôftiteling; ôfl. Pirate Radio
1992 The Kids in the Hall Laura Capelli ôfl. 3.13
1992 Catwalk Daisy McKenzie 4 ôfl.
1994 I Know My Son is Alive Beth tillefyzjefilm
1994 The Forget-Me-Not Murders Jess Foy tillefyzjefilm
1994 Are You Afraid of the Dark? Nonnie Walker ôfl. Tale of the Dangerous Soup
1994 Kung Fu: The Legend Continues Trish Collins ôfl. Kundela
1994 Aventures dans le Grand Nord Nepeese ôfl. Bari
1994–2000 Party of Five Julia Salinger 142 ôfl.
1995 MADtv Julia Salinger ôfl. 1.6
1996 The Canterville Ghost Ginny Otis tillefyzjefilm
1997 Saturday Night Live harsels as presintatrise; ôfl. Neve Campbell/David Bowie
2002 Last Call Frances Kroll tillefyzjefilm
2005 Reefer Madness Miss Poppy tillefyzjefilm
2007 Medium Debra 3 ôfl.
2008 Burn Up Holly 2 ôfl.
2009 The Philanthropist Olivia Maidstone 8 ôfl.
2009 Sea Wolf Maud Brewster minysearje
2009 The Simpsons Cassandra as stimaktrise; ôfl. Rednecks and Broomsticks
2012 Titanic: Blood and Steel Joanna 6 ôfl.
2012 Grey's Anatomy dokter Lizzie Shepherd 2 ôfl.
2013 An Amish Murder Kate Burkholder tillefyzjefilm
2014 Mad Men Lee Cabot ôfl. Time Zones
2015 Welcome to Sweden Diane 4 ôfl.
2015 Manhattan Kitty Oppenheimer 2 ôfl.
2016–2017 House of Cards LeAnn Harvey 26 ôfl.
films
1993 The Dark plysje Jesse Donovan
1994 Paint Cans Tristesse
1994 The Passion of John Ruskin Effie Gray koarte film
1996 Love Child Deidre
1996 The Craft Bonnie Harper
1996 Scream Sidney Prescott
1997 Scream 2 Sidney Prescott
1998 Wild Things Suzie Marie Toller
1998 54 Julie Black
1998 Hairshirt Renée Weber
1998 The Lion King II: Simba's Pride Kiara as stimaktrise
1999 Three to Tango Amy Post
2000 Drowning Mona Ellen Rash
2000 Panic Sarah Cassidy
2000 Scream 3 Sidney Prescott
2002 Investigating Sex Alice
2003 Lost Junction Missy Lofton
2003 The Company Loretta "Ry" Ryan ek senarioskriuwster en filmprodusinte
2003 Blind Horizon Chloe Richards
2004 When Will I Be Loved Vera Barrie
2004 Churchill: The Hollywood Years prinsesse Elizabeth
2006 Relative Strangers Ellen Minola
2007 Partition Margaret Stilwell
2007 I Really Hate My Job Abi
2007 Closing the Ring Marie
2008 Agent Crush Cassie as stimaktrise
2011 Scream 4 Sidney Prescott
2011 The Glass Man Julie Pyrite
2015 Walter Allie
2018 Skyscraper Sarah Sawyer
2018 Hot Air Valerie Gannon
2019 Castle in the Ground Rebecca
2020 Clouds Laura Sobiech

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Neve Campbell Libben en karriêreNeve Campbell FilmografyNeve Campbell Keppelings om utensNeve Campbell19731992199420003 oktoberAktriseBalletDûnseresseEtnyske groepFilmhûsJoadenKanadaOntarioResinsintSkottenTillefyzjeToaniel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MaasHeather LeeMagyParysJapanskHolon (plak)25 maart27 maartVienna BlackPinguïnsFlechtleaze fûgelMassachusettsFloaridaFrouJeropeeske Uny1904KalifornjeSotterum (Koarnwert)BalkbrugLiteratuerStockholmPornhub22 aprilIrakStutenRoomsk-Katolike TsjerkeGedachtestreekjeLongûntstekkingArgentynjeOrale seksList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânRuri SaijoOanslachUraniumTiranaJeraazjeTekenteltsjeSarah YoungNoard-IerlânHûneftigenTelefyzjeRivier24 novimberkuiersportCassandra WildeTiisdeiHammetjePakistan27 septimberTopografyske Wurkgroep FryslânHavana GingerDedemsvaart (doarp)KomôfSkoanfamyljeAmerikaanske dollarSeksuele stimulaasje1915EjakulaasjeTennisKeninkryk Grut-BrittanjeGenêsmiddel20032010-er jierrenFeriene NaasjesMinskAustraalje (lân)Jezabel VessirFaksismeSierra BanxxxNeakenfotografySpaanske grypKeatsen🡆 More