Neurenberch

Neurenberch (Dútsk: Nürnberg; Nürnbergysk: Nämberch) is in kreisfreie Stadt yn de Dútske dielsteat Beieren.

De stêd hat 501.072 (2014) ynwenners. Mei de oanswettende gemeenten Fürth, Erlangen en Schwabach foarmet hy de Metropolregion Nürnberg, in agglomeraasje fan 2,5 miljoen ynwenners.

Neurenberch
Neurenberch
Flagge Wapen
Neurenberch Neurenberch
Polityk
Lân Neurenberch Dútslân
Dielsteat Neurenberch Beieren
Krite Midden Franken
Sifers
Ynwennertal 509.975 (2015)
Oerflak 186,46 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2.700 / km²
Stêdekloft 2.5 miljoen (2015)
Hichte 309 m
Oar
Stifting foar 1030
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 49° 27′ N, 11° 05′ E
Webside www.nuernberg.de
Neurenberch
Lizzing fan Neurenberch yn Dútslân

De stêd, oan de rivier de Pegnitz, is ien fan mar in pear stêden yn Dútslân dy't syn oarspronklike festingmuorren en -tuorren foar in grut part noch hat.

Ut de skiednis

Yn 1493 waard dêr de ferneamde Kronyk fan Neurenberch útjûn.
Fan de 15e oant de 17e iuw hie Neurenberch in bloeiende metaalyndustry. Dêrnei rekke de stêd yn ferfal. Oant de Twadde Wrâldkriich hie de binnenstêd in alhiel bewarre midiuwske karakter mei goatyske bouwurken. Troch loftoanfallen en in fjouwer dagen lange grûnoanfal oan de ein fan de kriich wie de histoaryske binnenstêd hast alhiel ferneatige. Nei de kriich waard de midsiuwske bebouwing foar it grutste diel wer opholpen.

Neurenberch wie yn 1933 perfoarst net in troch de nazys dominearre stêd. De boargemaster wie in liberaal en it bestjoer wie progressyf.

Yn 1927, 1929 en fan 1933 oant en mei 1938 waarden yn dizze stêd de nasjonaalsosjalistyske Rykspartijdagen fan de nazypartij (NSDAP) holden. De kar foar Neurenberch kaam fan dat de stêd ek gauris it sit wie fan de Ryksdagen fan it Hillige Roomske Ryk. De rassewetten fan Nazy-Dútslân, dy't Joadske boargers fan it mienskipslibben útsletten en rjochtleas makken, binne yn Neurenberg ôfkundige en wurde dêrom de Neurenberger Wetten neamd.

Prosessen fan Neurenberch

De Prosessen fan Neurenberch waarden yn 1945-1946 troch it Neurenberch-tribunaal holden tsjin de lieders fan Nazy-Dútslân dy't beskuldige waarden fan kriichsmisdieden. De Alliëarden fûnen dat Neurenberch in gaadlik plak wie om't it ien fan de eardere haadkertieren fan de nazys wie. Yn de stêd waarden nammers de nazy-partijdagen holden en de rasistyske wetten fan Neurenberch oankundige, dy't de Dútske Joaden harren boargerrjochten ûntnamen. Boppedat hie de stêd, dy't sels skansearre wie, noch hieltyd in gerjochtshôf mei finzenis hie, dy't alhiel net skansearre wie.
Nei oanlieding fan it 50 jier ferlyn wêzen fan de Prosessen en de ein fan de Twadde Wrâldkriich yn 1995, wurdt sûnt dan om de twa jier de Ynternasjonale Neurenberchske Minskerjochtepriis útjûn, dêr't de stêd in bydrage leverje wol oan de frede wrâldwiid en in sein jaan wol dat skeinings fan de minskerjochten nea mear yn Neurenberch barre sille. Neurenberch waard dêrtroch eard mei de "Bilbao=priis foar it Fuortsterkjen fan de Kultuer fan Minskerjochten".

Berne yn Neurenberch

  • Albrecht Dürer (21 maaie 1471-1528), keunstskilder en etser
  • Johann Pachelbel (1 septimber 1653-1706), oargelist en komponist
  • Claire Goll (1890-1977), sjoernaliste en skriuwster
  • Hermann Zapf (1918-2015), lettertypeûntwerper
 
Beieren
Neurenberch 
Regierungsbezirke

Middelfranken - Nederbeieren – Nederfranken – Opperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise
Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte
Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg

Tags:

BeierenDielsteaten fan DútslânDútskDútslânErlangenKreisfreie Stadt

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ivanovski-kleaster (Pskov)Feriene KeninkrykBoazumKabardië-BalkariëNeakenfotografySophie HilbrandFryslânDOKChanto-MansiëFroukje AnnemaHybride (biology)28 febrewarisNeakenmodelLânfâdAppingedamOlympyske Simmerspullen 19561 julyTrochgongNew York (stêd)HaadsideDiana, prinsesse fan WalesTurkmenistan1169IngelskStille BrânnettelPasta (daaiguod)Dûkers (fûgels)FriezebrêgeFryske RykJurassic Park IIIMaarten de JongBefolkingKâlde KriichDôve NettelFedde SchurerJeropaKubaJames A. MichenerSeksualiteitSpienHarmony Wonder1949Yiming CuriosityWordPressMoriah MillsNederlânsk Kanker YnstitútPoëzyCreative Commons16e iuwFrysktalige WikipedyRoemeenjeNoardfryskDútslânPalermoISSNJohan FrieswijkKeizerMozilla Firefox1989Noardatlantyske FerdrachsorganisaasjeTailânList fan planetoïden 1001-20002006Ines RidereJulie SkyhighAdam en Eva (plant)🡆 More