Noardeast-Fryslân Nes

Nes is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Nes leit noardlik fan Easternijtsjerk, eastlik fan Wierum, westlik fan Moddergat en besuden de Waadsee. Nes hat 370 (1 jannewaris 2023) ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen om de tsjerke op de terp fan Nes.

Nes
Keatsbuorren
Keatsbuorren
Emblemen
Noardeast-Fryslân Nes               Noardeast-Fryslân Nes
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Noardeast-Fryslân Nes Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân Nes Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 370 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 7,52 km², wêrfan
lân: 7,48 km²
wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 49,5 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 6° 5' E
Offisjele webside
nes-nof.nl
Kaart
Nes (Fryslân)
Nes

De buorskip Wie heart by Nes. Earder hearde de buorskip Nesser Grou ek by Nes mar dy buorskip bestiet net mear.

Skiednis

In nes is in útstekkende lânpunt, en is besibbe oan it wurd 'noas'. Nes sil dus op in útstekkende lânpunt lein hawwe. It wurdt foar it earst neamd yn 1369 as Nesse. Yn 1453 wurdt in Pijbe ter Nesma neamd, yn 1466 wurdt it skreaun as Nees. Yn 1511 en oare 16e-iuwske kaarten komt de namme Nes(s) foar. De buorskip Nesser Grou is dan in ûnderdiel fan it doarp.

Noardeast-Fryslân Nes 
Jehannestsjerke

It gebiet is yn de 12e iuw bedike, en de âldste bewenningsresten fûn yn de omkriten fan Nes binne ek fan dy tiid. De markante bakstiennen tsjerke fan it doarp is boud yn de 13e iuw. Nei de reformaasje foarme Nes mei it oanbuorjende Wierum ien herfoarme gemeente.

Yn 1639 wurdt der foar it earst sprutsen fan in nôtmûne yn Nes. Yn 1734 waaide dy standertmûne om en waard er ferfongen troch in achtkante mûne mei omrin, dy't yn 1891 ôfbaarnde. De nije mûne fan 1897 hat tsjinne oant 1945, de stiennen ûnderbou is sloopt ein jierren 1970.

Súdwestlik fan it doarp leit de beskerme terp Wie. Neffens de Schotanuskaart leinen dêr trije stimhawwende pleatsen. Wopke Eekhoff neamt ien dêrfan Wat State.

Noardeast-Fryslân Nes 
Pleats oan de Wierumerwei

Sûnt 2019 leit Nes yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Mienskip

Doarpsferiening Nes hat har gearkomsten yn doarpshûs De Nespel en de doarpskrante hjit NesNijs. Der is in aktiviteitekommisje, in Grienkommisje, in Keatskommisje en in jeugdhonk 'Us Paleis'. Foar mear ynformaasje sjoch op de ynternetside http://www.nesdongeradeel.nl/

Tsjerke

  • Protestantske gemeente Nes-Wierum (webstee)

Skoalle

'De Tarissing' wie de protestantsk-kristlike basisskoalle fan Nes, dy't yn 2006 sletten waard. Bern fan Nes geane tsintwurdich nei it oanbuorjende Easternijtsjerk nei skoalle.

Ferienings

  • Biljertferiening 'De Koarte Keu'
  • Darts Nes
  • Gymnastykklup 'Warber Bliuwe'
  • Klaverjasklub
  • Motorklup de Waadriders
  • Muzykferiening Soli Deo Gloria (SDG)

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2014 2015
Ynwenners 1275* 1219* 622 605 572 450 360 361 370
Jier 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 375 375 375 385 365 390 370

Berne

Noardeast-Fryslân Nes 
Byld fan Nynke fan Hichtum makke troch Hans Jouta.

Keunstners

Yn de eardere iepenbiere skoalle eksposearje wikseljende keunstners harren wurk ûnder de namme Gang. Dielnimmers wienen ûnder oare:

Ferskaat

  • De tulpen yn de flagge ferwize nei de tulpen dy't earder maitiids de lannen om it doarp kleurden.
  • De pleatsen yn en by Nes hawwe ûlebuorden mei seehynderkes ynstee fan swannen.

Nesser ûlebuorden mei seehynderkes

Strjitten

Noardeast-Fryslân Nes 
Haadstrjitte
Noardeast-Fryslân Nes 
De Kamp
  • Achterwei
  • Ids de Beerstrjitte- Ids de Beer
  • De Kamp
  • De Kop
  • Dyksterwei
  • Foarstrjitte
  • Haadstrjitte
  • Keatsbuorren *
  • Meinsmawei
  • Molebuert
  • Molewei
  • Nijewei
  • Noarderwei
  • Nykerksterwei * Nynke van Hichtumstrjitte - skriuwster Nynke van Hichtum
  • Sybespaad
  • Wierumerwei - nei it doarp Wierum
  • Wiesterwei
  • Wâldwei
    (*) Yn it ferline waard de Keatsbuorren ek Middelbuorren en Doarpsstrjitte neamd. Yn it boek Nes in doarp yn 'e Dongeradielen fan Krine Boelens 1949-1950, en ek yn Om Nijtsjerk en Nes hinne fan J. Hartmans 1974 waard skreaun oer de keatspartijen dy't hjir spile waarden. Eartiids wie it wizânsje dat it keatsen begûn mei in jiermerke, op snein nei de mis yn de Nessumer Sint-Jehannes de Dopertsjerke. Der waard dan keatst om skiepfleis en oar iten, wêrby't ek in oantal kreammen opsteld stiene yn de Middelbuorren.

Publikaasjes

  • Jan de Jager "Nes en haar bewoners"

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Noardeast-Fryslân Nes 
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden

Tags:

Noardeast-Fryslân Nes SkiednisNoardeast-Fryslân Nes MienskipNoardeast-Fryslân Nes BerneNoardeast-Fryslân Nes FerskaatNoardeast-Fryslân Nes StrjittenNoardeast-Fryslân Nes PublikaasjesNoardeast-Fryslân Nes1 jannewaris2023DoarpEasternijtsjerkJehannestsjerke (Nes)ModdergatNoardeast-FryslânTerpWaadseeWierum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Kosovo-oarloch1 julyPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)SeksualiteitFulkaanLos AngelesMasturbaasjeEjakulaasjeTreblinka (konsintraasjekamp)Ivy Sherwood1200Kristina LionKabinet-Rutte IVRMS TitanicLegaatNeakenmodelAdam en Eva (plant)GrykskMKolombiaFryske talenSylviaDútskTsjetsjeniëGrins (stêd)TuberkuloazeList fan planetoïden 46001-47000Tomas fan AkwinoThe New York TimesOpstanningstsjerke (Tomsk)Danijel DizdarevicUntsliepeniskatedraal (Vladimir)AlaskaIranNuete BrânnettelKanonike evangeeljesKunnilingus1957Amerikaanske dollarStasjon DelfsylBorneroordMegan SalinasMona LisaMeksikoRome (stêd)Bline NettelHavana GingerBitcoinReligieuzeWytsingenList fan planetoïden 47001-48000Nije TestamintFerstanlike beheiningYves BaillatFingerjenKabardië-BalkariëDûsjanbeLibbenMay ThaiArcheologyList fan planetoïden 97001-98000Ynternet1872S1827🡆 More