Nel Benschop

Nelly Anna Benschop (De Haach, 16 jannewaris 1918 – Arnhim, 31 jannewaris 2005) wie in Nederlânsk dichteres.

Hja wie de bêst ferkeapjende dichter fan Nederlân.

Nel Benschop
Nel Benschop (ein 1940-er jierren)

Libben en wurk

Benschop waard berne yn De Haach as dochter fan in beamkweker. Se waard grutbrocht yn in strang gereformearde hûshâlding. Sy gie nei de mulo en die dêrnei de kweekskoalle. Yn 1937 helle hja har akte. Sy naam fierder les yn deklamearjen by Lily van Haghe. Yn de Twadde Wrâldkriich helle hja noch aktes foar de fakken Ingelsk en Frânsk. Nei de oarloch gie se út 'e hûs en waard learares op in kostskoalle foar famkes yn Driebergen. Dêrnei wurke se as learares Nederlânsk en Frânsk oan in mulo yn Arnhim en in lyseum yn Veenendaal. Yn 1981 gie se mei pensjoen.

Benschop begûn yn 1948 mei dichtsjen. Wilens droech se gedichten fan oaren foar, mei inkelde fan harsels der tusken. Se debutearre yn 1967 by útjouwerij Kok út Kampen mei de bondel Gouddraad uit vlas. De útjouwerij hie de útjefte yn 't earstoan hast net oandoard, mar de bondel wie in enoarm súkses, en waard leafst sechtich kear werprinte. Fan al har bondels binne yn totaal trije miljoen ferkocht. Faak wurdt har wurk oanhelle yn rouadvertinsjes, fral it gedicht "In memoriam voor een vriend".

Nel Benschop 
Grêf Nel Benschop yn Schaarsbergen

Benschops wurk is tige kristlik en waard mei dêrom net al te serieus naam troch de literêre krityk. It wurk is ek mear pastoraal as literêr. Sels sei hja dêroer, mei in bytsje selsspot: "Ik skriuw rime meditaasjes". Fêste temas yn har wurk binne: lijen, dea en treast troch it leauwen.

Sy stoar mei 87 jier yn Arnhim.

Sitaat út Gouddraad uit vlas

Rust nu maar uit - je hebt je strijd gestreden;
je hebt het als een moedig man gedaan.
Wie kan begrijpen, wat je hebt geleden?
En wie kan voelen, wat je hebt doorstaan?

Bibliografy

  • Gouddraad uit vlas (1967)
  • Een boom in de wind (1970)
  • Een vlinder van God (1973)
  • Wit als sneeuw (1974)
  • Een open hand naar de hemel (1976)
  • Mag ik met je mee? (1976; blomlezing)
  • Geloof je dat nog? (1979)
  • De vogel van het woord (1980)
  • Verborgen bloemen (1981; spreuken)
  • Verjaardagskalender (1981)
  • Zo zag ik Hem (1983)
  • Hemelhoog en aardediep (1985)
  • Ontluikend wonder (1986)
  • Licht onder de horizon (1987)
  • Hij Die met ons is (1989)
  • Geloven is geluk (1990)
  • Sporen in het zand (1992)
  • Glimlach in woorden (1994; spreuken)
  • De nacht gaat weer voorbij (1995)
  • De stem uit de wolk (1997)
  • Je ogen zijn zo vol licht (1998)
  • Zie de mens (1999)

Keppelings om utens

Tags:

Nel Benschop Libben en wurkNel Benschop Sitaat út Gouddraad uit vlasNel Benschop BibliografyNel Benschop Keppelings om utensNel Benschop16 jannewaris1918200531 jannewarisArnhimDe HaachDichterNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KristenBorneroordEpifanykatedraal (Tomsk)Sint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)Nuete BrânnettelDûnsUntsliepeniskatedraal (Vladimir)Kraj Primorski1505Carolina VerhoevenSkotlânIerskList fan planetoïden 1001-2000Amarins GevekeNeakenmodelStasjon DelfsylDon't Stop Me NowList fan Fryske famkesnammenScilly-eilannenUntsliepeniskatdraal (Tomsk)Eva KareraKneppelfreed14e iuwTeemsISBNYvette BovaSylviidaeGrut-BrittanjeFulkaanKoördinearre WrâldtiidAldfryskBatterijJeleazarov-kleasterList fan planetoïden 17001-18000Aleksander II fan RuslânTrio (seksualiteit)Nelson MandelaMinnie BeetsTsjechjeKâlde KriichBline NettelPriya PriceAartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)AppingedamTeanHarmony WonderKeizerExodusNicole OringGrutte Synagoge (Tomsk)KjifdierenFriezenOrale seksDôve BroeierSensual JaneJuliaanske kalinderGolf fan RigaLegaat2001Noardwâlde (Grinslân)5 septimberSekshâldingSuffolkJames A. MichenerCommercialFryske talenBrezjnev-doktrineHûntsjeshâldingWetBoerjatiëSkriuwer🡆 More