Nederlânske Tsjerke Fan Londen

De Nederlânske Tsjerke fan Londen (Ingelsk: Dutch Church) is de tsjerke fan 'e âldste Nederlânsktalige protestantske gemeente fan 'e wrâld.

De tsjerke stiet yn it histoaryske hert fan Londen oan 'e Austin Friars. Op it plak stie lang lyn in Augustynsk kleaster (Augustinian friary) út de 13e iuw, dat yn it Ingelsk oantsjut wurdt mei de gearfoeging Austin Friars. De tsjerke, dy't al yn gebrûk wie as protestantske tsjerke doe't de reformaasje noch net yn Nederlân ynfierd wie, wurdt beskôge as de memmetsjerke fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân.

Nederlânske Tsjerke

Dutch Church

Nederlânske Tsjerke Fan Londen
Nederlânske Tsjerke Fan Londen
Lokaasje
lân Nederlânske Tsjerke Fan Londen Ingelân
plak Londen EC2N 2HA
adres 7 Austin Friars
koördinaten 51° 30' N 0° 5' W
Arsjitektuer
arsjitekt Arthur Bailey
boujier 1950-1954
monumintale status Grade II listed building
Webside
Side Nederlânske Tsjerke yn Londen
Kaart
Nederlânske Tsjerke fan Londen (Londen)
Nederlânske Tsjerke fan Londen

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke by in Dútske loftoanfal ferneatige. De weropbou fan 'e tsjerke folge yn 'e jierren 1950-1954 yn in modernere foarm. Tsjintwurdich is de tsjerke njonken in religieus sintrum ek in kultureel moetingsplak foar de Nederlânske mienskip yn Londen.

Skiednis

Nederlânske Tsjerke Fan Londen 
tsjerke yn 1820.

Op it plak fan 'e hjoeddeiske tsjerke wenne ea in Augustynske kleastermienskip. De priorij wie in stifting út 1253. Nei de brek mei Rome liet Hindrik VIII beslach lizze op 'e katolike besittings en yn it ramt dêrfan waard ek de priorij opheven. Nei't de Stêd om 'e nocht it tsjerkegebou fan 'e Kroan besocht oer te nimmen, waard de tsjerke yn 1550 oan "Dútsers en oare frjemdlingen" oerdroegen foar de fiering fan de earetsjinst neffens eigen rite. De rest fan it gebou waard brûkt foar opslach. It koer, de transepten en de toer waarden yn 1600 ôfbrutsen.

It tsjerkeskip waard ûnder de Poal Jehannes Lasko (yn Poalen bekend as Jan Łaski) de earste offisjele non-konformistyske kapel fan Ingelân. Jehannes Lasko hie in plak fûn om te preekjen foar in groep protestantske flechtlingen, dy't benammen út de (noch) katolike Nederlannen kamen. De Nederlânsk- en Frânsktalige frjemdlingen waarden op 24 july 1550 in keninklik hânfêst ferliend, dat harren tastie in tsjerke foar frjemdlingen te stiftsjen. De tsjerke krige de namme Temple of the Lord Jesus en hie fjouwer dûmny's, twa Nederlânsktalige en twa Frânsktalige. De lêstneamden ferhûzen sûnt 1580 nei in oare kapel yn 'e Threadneedle Street.

Yn 1570 foarmen migranten út de Nederlannen mei likernôch 5.000 de grutste groep frjemdlingen fan 'e stêd, dy't doe likernôch 100.000 ynwenners telde. De helte dêrfan wienen Nederlanners, dy't nei Londen útpykten om ûnder de ferfolgings fan keizer Karel V wei te kommen. De oare helte bestie út ambachtsfolk, dat ferhûze fanwegen ekonomyske motiven. Ien fan dy lju wie bygelyks Martin Droeshout, dy't benammen ferneamd waard fanwegen syn yn 1623 skildere portret fan William Shakespeare.

De oermastering fan 'e Britske kroanen (Ingelân, Skotlân en Ierlân) troch Willem III fan Oranje brocht in twadde weach fan Nederlânsktalige migranten nei Londen. Dy groep bestie út bankiers, handlers, arsjitekten, keunsters en ealju.

20e iuw

Nederlânske Tsjerke Fan Londen 
Raam fan Max Nauta
Nederlânske Tsjerke Fan Londen 
Ynterieur

Oant de ferneatiging fan 'e tsjerke gyng keninginne Wilhelmina nei har flecht út Nederlân yn 1940 lykas in soad oare flechtlingen út Nederlân regelmjittich nei de tsjerke. Wilhelmina krige by har komst in psalmboekje, dat hja nei de kriich mei in tankwurd oan de tsjerke werom joech.

Yn 'e nacht fan 15 op 16 oktober 1940 gyng de midsiuwske tsjerke troch Dútske bombardeminten op 'e stêd folslein ferlern. Ien dei earder wie noch in seldsume kolleksje boeken, wêrûnder bibels, atlassen en ensyklopedia, foar de wissichheid út de tsjerke helle en bûten de stêd opslein. De kolleksje is hjoeddedei yn 'e bibleteek fan de tsjerke ûnderbrocht. De samling boeken mei û.o. in meartalige Bibel út 1569 fan 'e printerij Plantijn út Antwerpen en in atlas mei alle stêden fan 'e Lege Lannen út 1649 fan 'e kartograaf Willem Blaeu wurdt hjoeddedei yn 'e bibleteek fan 'e tsjerke bewarre. De manuskriptensamling en it orizjinele hânfest fan kening Edward VI, dy't de frjemdlingen tastimming joech in eigen tsjerke te stiftsjen, is hjoeddedei ûnderbrocht yn London Metropolitan Archives.

Prinses Irene lei doe't hja 10 jier wie op 23 july 1950 de earste stie foar de werbou fan 'e tsjerke. It gebou is in ûntwerp fan Arthur Bailey en waard foltôge yn 1954. Yn dat jier waarden in tal ramen set, dy't neffens in ûntwerp fan Max Nauta makke binne yn it atelier Liefkes. Op ien dêrfan stiet prinses Irene mei in troffel in har hân. It oargel waard boud troch de oargelbouwer W. van Leeuwen en yn 1995 restaurearre troch Flentrop. It hat 25 registers, ferdield oer twa manualen en in frij pedaal.

21e iuw

Yn it jier 2000 fierde de tsjerke it 450-jierrich jubileum. Ek no wurde der noch alle wiken Nederlânsktalige tsjerketsjinsten holden. Ek jout de tsjerke romte oan Nederlânske goeddiedichheidsynstellings, lykas it Kening Willem Fûns. Op 24 april wie prinses Beatrix earegaste yn 'e tsjerke yn it ramt fan it 150-jierrich jubileum fan dat fûns. Tagelyk waard der by de tsjerke in Nederlânsk Sintrum iepene.

Yn april 2014 liet de remonstranske dûmny Joost Röselaers witte dat Nederlânske Tsjerke ek homohouliken ynsegenet.

Glês yn leadramen, fan lofts nei rjochts: Maria II fan Ingelân, prinses Irene, Willem III fan Oranje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Dutch Church, Austin Friars


Tags:

Nederlânske Tsjerke Fan Londen SkiednisNederlânske Tsjerke Fan Londen 20e iuwNederlânske Tsjerke Fan Londen 21e iuwNederlânske Tsjerke Fan LondenIngelskLondenNederlânskProtestantismeReformaasje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SinaSensual JaneMarokkoSpien1000Fryslân BoppeGitaar20e iuwJudeä (Romeinske provinsje)HêgelânspoarKabardië-BalkariëMasturbaasjeTasitus (skriuwer)Jasmine BlackFroukje AnnemaClara TrinityNitraatFryskAlgerijeFerstanlike beheiningStasjon Grins NoardWat is duurzame ontwikkeling?Luna SilverKnivskjelloddenOmanCharles III fan it Feriene KeninkrykUntsliepeniskatdraal (Tomsk)Nij-SeelânGrut-BrittanjeGeslacht (sekse)Karatsjaj-TsjerkessiëJames A. MichenerList fan lannen en territoaria2 aprilDûnsList fan planetoïden 77001-78000Koördinearre WrâldtiidWordPressSint-Bonifatiustsjerke (Ljouwert)DûsjanbeList fan planetoïden 97001-98000Wyfke BrânnettelLolita (pornografysk aktrise)PalermoNelson MandelaFriezenSingapoer1169Eastersk SkismaEarste WrâldkriichHendrik ConscienceLudwig van BeethovenBosnjeBaptismeSeksualiteitGokkenKristina LionHybride (biology)List fan planetoïden 24001-25000Lift (hefmeganisme)LybjeSebastopolStalkingArtefakt (archeology)Rome (stêd)24 maart1 jannewarisTreblinka (konsintraasjekamp)2018🡆 More