Minze De Vries

Minze de Vries (folút: Minze Johannes de Vries; Bitgum?, 10 oktober 1874 – Bitgum, 30 augustus 1965) wie in bekend keatser út Bitgum Hy sloech mei lofts op en die dat fûleindich en mei heupslach.

Mei faasje kamen syn ballen skean op it perk oan. Hy keatste ek wol om utens en spriek tige ta de ferbylding fan keatsers en keatsleafhawwers. Minze de Vries wûn de PC yn 1896, 1897, 1900 en 1903. De earste trije kear waard er kening. Yn 1903 waard er dat eins ek mar doe skonk er dy titel oan syn keatsfreon Jan Reitsma.

Minze De Vries
Minze de Vries.

Meiïnoar helle De Vries 28 earste, 33 twadde en 10 tredde prizen en dy soargen foar in puntetotaal fan 160, de punten fan de bûnspartijen dêrby net meirekkene. Tal fan keningskippen waarden him takend. Syn bêste keatsjierren wiene dy fan 1892 oant 1911.

Minze de Vries fertsjinne de kost as boerearbeider en skearbaas. Hy wie ek amateur-keunstkilder en hold fan toaniel.

Tags:

10 oktober18741896189719001903196530 augustusBitgumPC

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fêreu-eilannenWolfMidnight (projekt)List fan Belgyske keunstskildersHeather LeeRjochtbankNAlice RomainTwadde WrâldkriichGrutte SlinkBeropGrutte PierAristotelesGrammy AwardLychtensteinRuri SaijoISO 3166Mia LiSkiednis fan de provinsje FryslânRhona MitraRegearFersekeringTonger (god)PolitikusKraachdoCecilia GroutLuna SilverBrune lemmingDûbele penetraasjeTreinJan Tjittes PiebengaJulianna VegaJohan Vegelin fan Claerbergen1989Paulina SeikolaCaloenas nicobaricaFresia (midsiuwen)Tynaarlo (gemeente)Bank (finansjele ynstelling)Sandy MilzAlexa FlexyWesterlauwerske FriezenHarley RaineKandi KreamPornografyShae SummersYnternasjonale Kynologyske FederaasjeNicole BexleyAleppoStedhûs fan BoalsertRussyskKimia KanvariLos AngelesLoftfartúchIuwReligyVladimir Solovjov (filosoof)Peter PiotSyprusDresdenSasha BeartHertpuzelPinsjoenHTML🡆 More