Film Michiel De Ruyter: Film út 2014 fan Roel Reiné

Michiel de Ruyter is in Nederlânske histoaryske aventoerefilm út 2015 ûnder rezjy fan Roel Reiné.

De film spilet yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw en lit in romantisearre ferzje sjen fan 'e wapenfeiten fan 'e histoaryske Steatske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter. De titelrol waard fertolke troch Frank Lammers en de oare haadrollen waarden spile troch Barry Atsma, Charles Dance, Sanne Langelaar en Egbert-Jan Weeber. Michiel de Ruyter waard produsearre troch Klaas de Jong foar syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film. Yn it bûtenlân (útsein Flaanderen) waard de film útbrocht ûnder de titel Admiral, mei as reklameslachsin: Wars are fought by many, history is made by few. De film krige tuskenbeiden kritiken en waard nei Nederlânske mjitstêven in grut bioskoopsúkses.

Michiel de Ruyter
Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje film
Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje
makkers
regisseur Roel Reiné
produsint Klaas de Jong
senario Lars Boom
Alex van Galen
Michael Loumeau
kamerarezjy Roel Reiné
muzyk Trevor Morris
filmstudio Farmhouse TV & Film
distribúsje A-Film
spilers
haadrollen Frank Lammers
Barry Atsma
Charles Dance
Sanne Langelaar
Egbert-Jan Weeber
byrollen Rutger Hauer
Roeland Fernhout
Lieke van Lexmond
Ella-June Henrard
Tygo Gernandt
Derek de Lint
skaaimerken
lân/lannen Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje Nederlân
premiêre 26 jannewaris 2015
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aventoerefilm
taal Nederlânsk, Ingelsk, Frânsk
spyltiid 151 minuten
budget en resultaten
budget €8 miljoen
opbringst > €5,7 miljoen (apr. 2015)

Plot

De film folget it libben fan 'e histoaryske Steatske admiraal en seeheld Michiel de Ruyter oer in perioade fan likernôch in fearnsiuw, fan 1653 oant syn dea yn 1676. Michiel de Ruyter set útein as ûnder de Earste Ingelske Oarloch de âlde Steatske luitenant-admiraal Maarten Harpertszoon Tromp omkomt yn 'e Slach by Ter Heijde. Dêrnei wurdt in fernederjende frede mei Ingelân sletten. Neitiid docht De Ruyter, dy't dan ien fan 'e opkommende stjerren fan 'e Steatske marine is, der alles oan om 'e float wer op te bouwen en fuort te sterkjen.

Under de Twadde Ingelske Oarloch wurdt er troch riedpinsjonaris Johan de Witt oansteld as de nije luitenant-admiraal. Hy ferslacht de Ingelsen yn 'e Fjouwerdeiske Seeslach en fernederet harren mei syn weage Tocht nei Chatham. Diskear is it Ingelân dat in fernederjende frede slute moat. Dêrmei makket De Ruyter de Republyk fan 'e Feriene Nederlannen ta in grutmacht op see. Underwilens berikt lykwols de ynterne machtstriid yn 'e Republyk, tusken de steatsksinnigen, oanfierd troch Johan de Witt, en de oranjesinnigen, laat troch Willem III fan Oranje-Nassau, stadichoan in hichtepunt.

Yn it Rampjier 1672, wylst de Tredde Ingelske Oarloch útbrekt mei it Keninkryk Ingelân, en tagelyk de Frânske Oarloch mei Frankryk, Keulen en Múnster, wurde Johan en syn broer Cornelis de Witt lyncht troch in oranjesinnige kliber dy't it steedhâlderskip yn Hollân wer ynstelle wol. As Willem III neitiid yndie it amt fan steedhâlder wit te bemachtigjen, wurdt De Ruyter op in ûnmooglike missy stjoerd om Frankryk yn it Middellânske-Seegebiet oan te fallen. Hy komt dan yn 1676 te sneuveljen yn 'e Slach by Agosta.

Rolferdieling

    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Michiel de Ruyter Frank Lammers
Johan de Witt Barry Atsma
Anna de Ruyter-Van Gelder Sanne Langelaar
kening Karel II fan Ingelân Charles Dance
Willem III fan Oranje-Nassau Egbert-Jan Weeber


    byrollen
personaazje akteur/aktrise
Maarten Harpertszoon Tromp Rutger Hauer
Cornelis de Witt Roeland Fernhout
Wendela de Witt-Bicker Lieke van Lexmond
Marije Stuart Ella-June Henrard
Willem Joseph van Ghent Tygo Gernandt
Johan Kievit Derek de Lint
Hans Willem Bentinck Jelle de Jong
Cornelis Maartenszoon Tromp Hajo Bruins
Klaartje Pip Pellens
De Waerd Victor Löw
Cornelis de Graeff Jules Croiset
Engel de Ruyter Nils Verkooijen
rjochter Van Buuren René van Asten
Van Ginneken Gene Bervoets
Van Messem Rein Hofman
Abraham Duquesne Filip Peeters
prins Ruprecht fan de Palts Will Bowden
Jan van Brakel Lucas Dijkema
Louise de Kérouaille Aurélie Meriel
Gijs Bas van Prooijen
Kees Joost Koning
Neeltje de Ruyter Jada Borsato
Maerten Rouke Pouw
lulke prinseman Robbert Blokland
Greetje de Ruyter Isa Lammers
masterkeapman fan de VOC Mike Weerts
de Lord Chancellor Daniel Brocklebank
George Monck Colin Mace
Lord Baron David Corbett
Frânsk ofsier ûnder Duquesne Colin Linnekamp
Steatsk konstabel Axel Daeseleire
Steatsk sjirurgyn Tim de Zwart
Steatsk boatsman Dries Vanhegen
skipspredikant Fred Omvlee
Jacob van Wassenaer Obdam Ids van der Krieken
Berend Jack Vlecht
konstabel fan Tromp Jenne Decleir
Hendrik Dimme Treurniet
Hein Klaas van der Eerden
dûmny yn 'e tsjerke Reinier Bulder
frou njonken Anna #1 Veronieke Schrikx
frou njonken Anna #2 Marguerite de Blauw
seeman Max van den Burg
prinseman yn Fryslân Rense Westra
dochters fan Johan de Witt Anne en Iris de Rooij

Produksje

Cast en crew

Michiel de Ruyter waard regissearre troch Roel Reiné, dy't foartiid benammen karriêre makke hie yn 'e Feriene Steaten. De produsint wie Klaas de Jong foar dy syn eigen filmstudio Farmhouse TV & Film. De distribúsje waard dien troch A-Film. It senario wie skreaun troch Lars Boom, Alex van Galen en Michael Loumeau, wylst Reiné sels ferantwurdlike wie foar de kamerarezjy. De muzyk by de film waard fersoarge troch de Kanadeeske komponist Trevor Morris.

Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje 
Opnamen foar Michiel de Ruyter op 'e Markermar.

Ein 2011 makke Klaas de Jong bekend dat er dwaande wie mei in nije filmprojekt oer it libben fan Michiel de Ruyter. Yn febrewaris 2012 liet er witte dat er dêrfoar gearwurkje soe mei regisseur Roel Reiné. Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn makken dy beiden harren konkrete plannen foar de film buorkundich. As skriuwer fan it senario waard yn earste ynstânsje Lars Boom oanlutsen, dy't mei De Jong en Reiné in earste kladferzje makke. Dy waard letter útwurke troch Van Galen en Loumeau.

Foar de film waard in ynternasjonale cast oanlutsen, dy't foar it meastepart bestie út Nederlanners en Belgen. Foar de titelrol hiene Reiné en De Jong yn earste ynstânsje Yorick van Wageningen op it each, mar om't der mei him gjin oerstimming oer syn salaris berikt wurde koe, waard doe Frank Lammers frege, dy't foar de rol fan De Ruyter syn hier lang groeie liet. Aktrise Lieke van Lexmond, dy't Wendela de Witt-Bicker, de frou fan Johan de Witt, spile, fertelde yn in fraachpetear dat de film "in prachtich kostúmdrama" waard en dat har kesjet "flink ynsnuorre" en har "boarsten flink opsnuorre" waarden. Distributeur A-Film kundige op 5 juny 2014 oan dat de Britske akteur Charles Dance, bekend fan syn rol as Tywin Lannister yn 'e hitsearje Game of Thrones, de rol fan kening Karel II fan Ingelân op him nimme soe. Yn Michiel de Ruyter wurdt it meast Nederlânsk praat, mar de Ingelske personaazjes sprekke Ingelsk en de Frânske personaazjes Frânsk.

Opnamen

De opnamen fûnen û.m. plak yn Flissingen en op oare plakken yn Seelân, lykas by Feare en by de Alde Haven fan Sieriksee. Oare opnamelokaasjes wiene Amsterdam, op Teksel en it Waad, yn 'e Ridderseal yn De Haach, op it Markizehof yn Bergen op Soom, en op 'e Bataviawerf yn Lelystêd. Yn totaal wiene der mear as fyftich opnamelokaasjes, allegear yn Nederlân. De sênes op 'e Zeven Provinciën, it flaggeskip fan De Ruyter, waarden opnommen op 'e rekonstruksje fan it VOC-skip de Batavia.

Ferskate seeslaggen waarden filme op 'e Markermar, mei mar trije echte skippen; de rest waard letter mei special effects tafoege. Seis fan dy letter tafoege skippen, wêrûnder de Zeven Provinciën, waarden op basis fan tekenings fan It Skipfeartmuseum yn Amsterdam oant yn 'e details neimakke op 'e kompjûter, wylst it foar de rest wat mei de grutte kwaste gie. Ta argewaasje fan regisseur Reiné koene de opnamen op it Binnenhof yn De Haach op it lêste momint net trochgean om't it plein beskikber bliuwe moast foar eventuële aktiviteiten yn it ramt fan 'e fleanramp mei it Malaysia Airlines-tastel boppe de Oekraïne. It loftbyld fan it Binnenhof dêr't Reiné ferlet fan hie, filme er dêrom fan needs yn Madurodam. De opnamen namen 46 dagen yn beslach. Der wurken mear as 5.000 figuranten oan 'e film mei.

Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje 
Opnamen foar Michiel de Ruyter op 'e Markermar, yn july 2014.

Budget

Reiné en De Jong fûnen foar it bekostjen fan harren filmplannen ferskate partners, wêrûnder de Provinsje Seelân, de Keninklike Marine en de omrop AVROTROS. Ek krigen se €1,8 miljoen subsydzje út 'e saneamde Tilleskoop-seleksje fan 'e NPO, fan it CoBO en fan it Nederlânsk Filmfûns. Dy subsydzje moast wol dield wurde mei de film Publieke Werken, fan Joram Lürsen. Yn totaal beskikten de makkers foar Michiel de Ruyter oer in budget fan likernôch €8 miljoen. Dêrmei wiene yn 'e Nederlânske filmskiednis allinnich Zwartboek, The Discovery of Heaven en Kruistocht in Spijkerbroek djoerder.

Premiêre en distribúsje

Michiel de Ruyter gie op 26 jannewaris 2015 yn It Skipfeartmuseum yn Amsterdam yn premiêre. Fan 29 jannewaris ôf draaide de film yn 'e Nederlânske bioskopen en fan 3 maart ôf yn 'e Belgyske. Dêr wie behalven de orizjinele film ek in sinsurearre ferzje te sjen foar bern tusken de tolve en sechstjin jier, dêr't in stikmannich grouwélige en bluodderige sênes út weilitten wiene.

Foarôfgeande oan 'e premiêre kaam der út guon fermiddens in protte krityk op Michiel de Ruyter, om't de film it Nederlânske slavernijferline ferhearlikje soe. In aksjegroep mei as namme 'Michiel de Rover' naam it foartou by de protesten. De leden fan dy groep holden út dat De Ruyter in beskermer fan 'e slavehannel wie oer wa't men gjin film meitsje moatte soe. De film bliek trouwens op ien lytse ferwizing nei de VOC nei hielendal net oer it koloniale ferline te gean, mar oer de ynterne polityk fan 'e Republyk en de yngewikkelde relaasje mei Ingelân. Yn NRC Handelsblad nuansearre histoarikus en De Ruyter-biograaf Prud'homme van Reine ek it byld oer de histoaryske figuer fan 'e admiraal: "De Ruyter sa mei klam yn ferbân bringe mei de slavernij is swier oerdreaun. Hy hat yn West-Afrika in pear forten werovere op 'e Ingelsen, dy't troch de Nederlânske Westyndyske Kompanjy foar slavehannel brûkt waarden. Sels hat er him nea direkt mei de slavehannel ynlitten." Doe't Michiel de Rover oankundige om 'e premiêre fersteure te sillen mei in demonstraasje, drigen guon âld-mariniers, fan wa't der 150 foar de premiêre útnûge wiene, de demonstranten yn 'e haven smite te sillen. Uteinlik wist de plysje in konfrontaasje foar te kommen en ferrûn de jûn sa't foarôf de bedoeling west hie.

Yn it bûtenlân (útsein Flaanderen) waard de film útbrocht ûnder de titel Admiral, mei as reklameslachsin: Wars are fought by many, history is made by few ("Oarloggen wurde útfochten troch withoefolle lju, mar skiednis wurdt mar makke troch in pear"). De film waard al rillegau ferkocht om yn bioskopen fertoand te wurden yn û.m. Dútslân, it Feriene Keninkryk, Fjetnam, Japan, Koeweit en Turkije. Op 12 maart 2015 wie der in Amerikaanske premiêre yn Hollywood, wêrnei't de film ek op guon plakken yn 'e Feriene Steaten yn 'e bioskoop kaam. Yn april folge in presintaasje fan 'e film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Peking.

Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje 
Opnamen foar Michiel de Ruyter op 'e Markermar, yn july 2014. Yn 'e midden mei pet regisseur Roel Reiné.

Histoarisiteit

Skiedkundigen stelden frijwat histoaryske ûngerjochtichheden fêst yn Michiel de Ruyter, hoewol't se oer it algemien fan oardiel wiene dat it in stik minder kinnen hie en dat de "grutte histoaryske linen" yn 'e film goed út 'e ferve komme. Yn it Historisch Nieuwsblad skreau Jos van der Burg dat er benammen muoite hie mei it ûntbrekken fan eltse tiidoantsjutting yn 'e film: it publyk moat mar riede wannear't de foarfallen har krekt ôfspylje. Dêrby wekket de Michiel de Ruyter neffens him de falske yndruk dat it him oer in perioade fan in pear jier ôfspilet, temear om't de haadpersoan der oan 'e ein fan 'e film frijwol itselde útsjocht as oan it begjin. Yn wurklikheid iepenet de film mei de Slach by Ter Heijde, yn 1653, en einiget er mei de dea fan De Ruyter yn 1676, in snuorje fan 23 jier. Van der Burg oppenearre syn fermoeden dat de makkers de jiertallen ferswein hiene om smink út te sparjen.

Wêr't sawol Van der Burg as Gouden Iuw-kenner Luc Panhuysen, dy't ynterviewd waard yn Trouw, him oan ergere, wie de ûnreälistyske rol fan Wendela de Witt-Bicker, fertolke troch aktrise Lieke van Lexmond, dy't neffens Panhuysen sà út Gooische Vrouwen weirûn wie. Ek wiisden beide histoarisy ôfkarrend op 'e ôfskildering fan prins Willem III as, yn Van der Burg syn wurden "in nichterige homo." Van der Burg neamde fierders de sêne wêryn't De Ruyter op in hynder oanfjouwerjen komt om it lynchen fan Johan en Cornelis de Witt foar te kommen "klinkkleare ûnsin". Ek de ein fan 'e film, wêryn't De Ruyter himsels min ofte mear opofferet (troch in ûnmooglike opdracht fan Willem III oan te nimmen) om in boargeroarloch yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen foar te kommen, gie Van der Burg oer de meuch. Neffens him ûntbriek it de makkers fan Michiel de Ruyter net oan histoaryske fantasij, mar hy wiisde der ek op dat it dúdlik is by hokker fan 'e beide partijen yn 'e Republyk (steatsksinnigen en oranjesinnigen) de sympaty fan 'e makkers lei, wat neffens him ferklearre wêrom't der by de premiêre gjin leden fan it Keninklik Hûs yn 'e seal sieten.

Panhuysen hie noch wat oare dingen opmurken, lykas in achttjinde-iuwsk Russysk fregat yn 'e float fan De Ruyter, in spinnaker dy't ferskate kearen yn 'e film hyst waard wylst sa'n helpseil pas hûndert jier letter útfûn waard, en de prúk fan Willem III, dy't ek fan teminsten in fearnsiuw letter datearret, en dy't (neffens Panhuysen) yn 'e film allinne mar tsjinst liket te dwaan om 'e (fermiende) homoseksualiteit fan 'e prins oan te tsjutten. Yn in taspraak foar de Steaten-Generaal ûnder de Earste Ingelske Oarloch hat Johan de Witt it yn 'e film oer "útlânske keningen" dy't de frijheid fan 'e Republyk bedriigje, mar Ingelân wie doedestiden sels in republyk ûnder it bestjoer fan Oliver Cromwell. Fierders wie de omgong fan 'e haadrolspilers, bgl. fan De Ruyter mei De Witt, alhiel net fan dy tiid: sokken bûgden doedestiden foar inoar en sprieken inoar oan mei "Weledele". En De Ruyter wie in tige from kristen, mar dat spilet yn 'e film eins gjin rol, sûnder mis, neffens Panhuysen, om in sa grut mooglik publyk te berikken.

Alle neamde ûnhistoaryske dingen fûn Panhuysen wol begryplik fan in filmysk stânpunt út, mar dat de Reiné en De Jong in loopke namen mei it ferrin fan 'e Ingelske Oarloggen fûn er "op it rântsje". Sa wurdt it yn 'e film foarsteld as soe de Tocht nei Chatham De Ruyter syn idee west hawwe, en is Cornelis de Witt inkeld mei om in stikje te farren. Yn it echt wie it sa dat de bruorren De Witt it hiele plan bepankoekbakten, en dat Cornelis de Witt it pas oan De Ruyter út 'e doeken die doe't se al lang breed de haven út wiene. De Ruyter seach neat yn it plan en protestearre der ferheftich tsjin, mar fierde úteinlik de opdracht út. Yn 'e film litte Reiné en De Jong De Ruyter sels it keatling stikken farre dat de Ingelsen oer de Medway spand hiene, wêrnei't er de rivier opsylt om 'e Ingelske float yn 'e brân te stekken. Yn it echt wie it de Steatske kaptein Jan van Brakel, dy't it keatling stikkenfear, wylst De Ruyter efterbleau by de mûning fan 'e Medway. Pas op 'e twadde dei kaam er sels del om ris te sjen hoe't it derfoar stie. Ek De Ruyter syn 'rêdende rol' yn it Rampjier 1672 woe Panhuysen graach even wat nuansearje: "Der kamen 8.000 fijannige troepen oer see oan. Bedriigjend, jawis, mar oan lân stiene 100.000 Frânske toepen bij Maastricht. It beslút om 'e polders ûnder wetter te setten, wie trochslachjaander foar it lânsbehâld."

Oare histoaryske flaters yn Michiel de Ruyter binne dat der op oargel en klavesimbel muzyk spile wurdt fan Johann Sebastian Bach, dy't pas yn 1685, njoggen jier nei de ein fan 'e film, berne waard. Yn 'e film stjert De Ruyter frijwol daliks oan syn ferwûnings, wylst er yn it echt pas nei in wike beswiek oan in ynfeksje oan 'e stomp fan syn troch in kanonskûgel ôfsketten skonk. Fierders jout Willem III yn 'e film oan Hans Willem Bentinck opdracht om De Ruyter it moaiste grêf te jaan dat bean wurde kin, wylst de famylje fan De Ruyter yn it echt alles sels betelje moast. Ek is Van Ghent yn 'e film op 'e begraffenis oanwêzich, wylst er yn wurklikheid fjouwer jier earder al yn in seeslach sneuvele wie. En it balkon dat by de begraffenissêne oan 'e foarkant fan it stedhûs fan Amsterdam sichtber is (it hjoeddeistige Paleis op de Daam) bestie yn 'e santjinde iuw noch net; dat waard yn 'e Frânske Tiid tafoege yn opdracht fan kening Loadewyk Napoleon, dy't fan miening wie dat er in plak hawwe moast om nei it folk wiuwe te kinnen.

Ek komme der inkele anagronismen yn 'e film foar. Sa befet de foargevel fan it hûs fan De Ruyter yn Flissingen in stien mei it jiertal "1938" derop, en is njonken de foardoar fan syn hûs yn Amsterdam nota bene it ANWB-logo te sjen.

Film Michiel De Ruyter: Plot, Rolferdieling, Produksje 
Leden fan 'e cast fan Michiel de Ruyter op 'e premiêre fan 'e film foar It Skipfeartmuseum yn Amsterdam.

Untfangst

Het Parool wie net loovjend oer Michiel de Ruyter. Neffens de resinsje yn dy krante gie it om in "ûnbidich ambisjeus projekt" en in "grutte gok foar de nasjonale filmmerk, dêr't Nederlânske bioskoopbesikers allinne mar opkomme om nei romcoms, jeugdfilms en Gooische Vrouwen te sjen." Mar as de iene seeslach de oare jaget, docht neffens de resinsint bliken dat regisseur Reiné mar in beheind rippertwaar hat. Noch minder is dat der yn Michiel de Ruyter gjin sprake is fan "dúdlik tiidsferrin". Dat der desennia foarbygeane, is foar de sjogger net te folgjen.

De Telegraaf wie likemin wei fan Michiel de Ruyter. Resinsint Marco Weijers fûn dat de film tefolle yn werhelling ferfoel, mei "troch fierrekikers dikerjende personaazjes, effektshots fan boppe-ôf en skildereftige fiergesichten." Neffens him hie Reiné, dy't net inkeld regisseur mar ek kameraregisseur wie, tefolle wold. De film is troch brekme oan subtiliteit, sa skreau er, ta in "skiednisles fol útroptekens" wurden, wylst de aktearprestaasjes net mear as "akseptabel" binne. Fral Victor Löw en Jules Croiset "schmiere [...] der teannekromjend op los." Ek fûn Weijers de muzyk bombastysk en it "gewapper mei de Nederlânske trijekleur" ôfliedend.

Coen van Zwol skreau yn NRC Handelsblad dat de makkers wol wat ekstra jild brûke kinnen hiene, want "acht miljoen is skeamel foar in epos fan twa en in heal oere, mei fiifentweintich jier oan seeslaggen en politike yntriizjes. Dat sjochst werom." It senario fûn er wol sterk, en it feit dat de helden prate as lju út in willekeurige hjoeddeistige Nederlânske wenwyk, pakte neffens him net ferkeard út. Al mei al fûn Van Zwol de film net sa geweldich, mar wol fermaaklik om te sjen; hy omskreau it as in guilty pleasure.

Op 'e webside FilmVandaag skreau Hidde Stoker dat de kar foar Frank Lammers foar de titelrol "ferbjusterjend" wie: hy oertsjûge net en syn "jammerdearlike" akteartalint skeat tekoart. It djiptepunt wie neffens Stoker as De Ruyter in fijannich skip interet en dêrta oan in tou dêrnei ta swingt. Nei de miening fan Stoker levere dat in ûnbedoeld komysk effekt op ynstee fan 'e heldhaftichheid dy't de makkers fan 'e film perfoarst foar eagen hiene. De rest fan 'e cast hie Stoker net folle beswieren tsjin, mar Barry Atsma (yn 'e rol fan Johan de Witt) wie neffens him de iennichste dy't echt "boppe syn rol útstiget." De resinsint wie fierders net wei fan 'e slowmotioneffekten dy't regisseur Reiné yn eltse seeslach ynpast hat om 'e bylden fan "gaos en ferneatiging" goed sjen te litten, mar dochs joech er Michiel de Ruyter 31/2 stjer (fan 5).

Bart Snoek, dy't foar de webside FilmTotaal skreau, fûn dat Roel Reiné mei Michiel de Ruyter tefolle hea op 'e foarke nommen hie. Troch alle politike yntriizjes, dy't "sûnder ienich gefoel foar drama" yn byld brocht wiene, waard de film neffens him op in stuit langtrieddich. Dat woe Reiné dan neffens him wer kompinsearje mei bombast: "der is gjin sêne wêryn't de regisseur him net betsjinnet fan slowmotion of oerdreaun dramatyske muzyk." Mar foar it gefoel fan Snoek makke dat de film net der net oangripender op. Nettsjinsteande dat wist Frank Lammers neffens him yn 'e titelrol in goede aktearprestaasje del te setten. Sterker noch, de resinsint fûn dat de rol fan Michiel de Ruyter Lammers "op it liif skreaun is," en die hulde oan 'e "sterke wikselwurking" tusken Lammers en Barry Atsma as Johan de Witt. Hy konkludearre dat Michiel de Ruyter net alhiel slagge wie, mar dochs it besjen lije koe.

HP/De Tijd wie tige loovjend foar Michiel de Ruyter, en woe sels hawwe dat Reiné "in masterregisseur" is, mei "in skerp each foar detail," wylst de seeslaggen omskreaun waarden as "ferbluffend." Op NU.nl joech kritikus André Nientied de film 4 fan 5 stjerren, dy't "fertsjinne [wiene] foar it lef fan 'e makkers." Oars as dat Nientied freze hie, wie Michiel de Ruyter gjin "stoffige kostúmfilm" wurden, mar ynstee "spierballesinema as in jongesboek fol útroptekens," dy't lykwols oant yn 'e details behearske waard troch Reiné. Ek de resinsje yn it Algemeen Dagblad joech de film 4 fan 5 stjerren. It wie, neffens de krante, in "drama mei politieke ferwikkelings en yngewikkelde histoaryske ferhâldings, dy't keurich en helder foar de sjogger delset wurde." Swakker wiene neffens it A.D. wol de sênes dy't spylje oan it Ingelske Keninklik Hof, mar "de Nederlânske personaazje oertsjûgje as it hert fan 'e film."

Yn De Volkskrant, ta einbeslút, skeau resinsinte Pauline Kleijer dat Reiné syn fuortfarrende en optimistyske oanpak yn elts gefal respekt ôftwong. Wol fûn se dat De Ruyter der as persoan yn 'e film wat bekaaid fan ôfkomt, want hoewol't der wol oandacht is foar syn gesinslibben, wurdt dêrby hieltyd op itselde omtimmere: "hy wie in famyljeman en in briljant strateech; mear hoege we oer De Ruyter blykber net te witten." Mear bewûndering hie Kleijer foar hoe't it "politike spul" sketsk wurdt, mei Barry Atsma as in "garismatyske en koppige Johan de Witt, dy't yn syn driuw nei herfoarming de moardsucht fan syn tsjinstanners ûnderskat." Fierders sette Egbert-Jan Weeber neffens har "mei lef" in "twaslachtige prins fan Oranje" del, en syn omke, kening Karel II fan Ingelân, waard "moai filein" spile troch Charles Dance. In stik minder wie Kleijer te sprekken oer it feit dat Reiné de film "tichtsmarde mei muzyk en gjin momint stilte falle doar te litten." Uteinlik twongen neffens har de seeslaggen noch de measte bewûndering ôf.

Resultaat

Michiel de Ruyter loek yn 'e earste trije dagen mear as 100.000 besikers, wat it ta in gouden film makke. Binnen inkele wiken wie it mei mear as 400.000 besikers ek in platina film wurden. Uteinlik kamen der yn 'e bioskoop mear as 800.000 minsken op Michiel de Ruyter ôf, wêrmei't de film in grut súkses waard. Op 5 april 2015 hie de film in opbringst fan €5.723.370 yn 't laadsje brocht.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Film Michiel De Ruyter PlotFilm Michiel De Ruyter RolferdielingFilm Michiel De Ruyter ProduksjeFilm Michiel De Ruyter HistoarisiteitFilm Michiel De Ruyter UntfangstFilm Michiel De Ruyter ResultaatFilm Michiel De Ruyter Keppelings om utensFilm Michiel De Ruyter2015AdmiraalAventoerefilmBarry AtsmaBioskoopCharles DanceEgbert-Jan WeeberFarmhouse TV & FilmFilmFilmstudioFlaanderenFrank LammersHaadrolHistoaryskHistoaryske filmKlaas de Jong (produsint)Michiel de RuyterNederlânReklameResinsjeRezjyRoel ReinéSanne LangelaarSantjinde iuwSteatskTitel (namme)Titelrol

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Egypte28 novimberSokrates1939JeraazjeArp HiemstraEva Wiessing1983De factoDedemsvaart (doarp)Moskou1952AccraAntysemitisme2019Irak$Coralie Trinh ThiSean LawlessFilmSkiftKaliningradAmerikaanske LoftmachtAntonie Frederik ZürcherVina SkyMadridSarah BanksHardenberg (gemeente)Victoria CakesFeriene Arabyske Emiraten9 maartHammetje13 maartKunnilingusParys15 aprilMarilyn CrystalEmiraat DûbaiFaksismePornografyToskedokterRedbadGNU/FDLEtnografyArûba7 aprilRomantyk (leafde)PortegalSandy MilzJacht (aktiviteit)TurkijeFotosyntezeSjiïsme9 july29 junyTwadde WrâldkriichNoard-IerlânFrankfurt am Main12 maartSneonSybren fan RoptaMaasPeaske-eilânDûbaiItaljaanskWikipedyRoomsk-Katolike TsjerkeJim Morrison🡆 More