Meindert De Jong

Meindert De Jong (Wierum, 4 maart 1906 – Allegan, Michigan, 16 july 1991) wie in skriuwer fan berneboeken.

Meindert de Jong
Meindert De Jong skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Meindert De Jong
nasjonaliteit Meindert De Jong Amerikaansk
berne 4 maart 1906
berteplak Wierum
stoarn 16 july 1991
stjerplak Allegan flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Meindert De Jong Frysk
wurk
taal Ingelsk
sjenre Berneboeken
jierren aktyf 1938 - 1986

De Jong emigrearde yn 1914 mei syn famylje nei de Feriene Steaten. Hy gie nei de kristlike skoalle en it Calvin College yn Grand Rapids, Michigan en studearre oan de universiteit fan Chicago, mar sûnder titel.

Hy hie ferskate beroppen yn de krisisjierren en op oantrunen fan in pleatslike bibletekaris begûn hy mei it skriuwen fan berneboeken. Syn earste boek wie The Big Goose and the Little White Duck en ferskynde yn 1938.

Hy skreau ferskate boeken eardat er yn de Twadde Wrâldoarloch it Amerikaanske leger yn gie en yn Sina legere waard. Nei de oarloch begûn er wer te skriuwen en wenne ferskate jierren yn Meksiko. Letter gie er in skoft nei Michigan. Nei him ta wenjen setten te hawwen yn Noard Karolina gie er werom nei Michigan foar de lêste jierren fan syn libben. Yllustrator Maurice Sendak wurke mei oan seis fan syn boeken.

Prizen

  • Shadrach en Hurry Home Candy waarden beide Newbery Honor boeken yn 1954.
  • The Wheel on the School krige de Newbery Medalje yn 1955.
  • The House of Sixty Fathers krige de Josette Frank Priis (doe de berneboekepriis fan Child Study Association neamd) yn 1956. It waard ek in Newbery Honorboek neamd yn 1957.
  • Along Came A Dog waard in Newbery Honor boek neamd yn 1959.
  • Yn 1962 wûn De Jong de ynternasjonale Hans Christian Andersen Priis foar syn bydrage oan de berneliteratuer. Hy wie de earste Amerikaan dy’t dizze priis krige.
  • Journey from Peppermint Street wûn de Nasjonale boekepriis yn 1969.
  • Yn 1973 krige Meindert de Jong fan Nederlân in Sulveren Griffel foar Candy, kom terug!

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

16 july190619914 maartBerneboekMichiganWierum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MaartPornoakteurEarste WrâldkriichFeriene Arabyske Emiraten1970Py (wiskunde)SûmbapappegaaidoPornografyBommesmiterMediaWikiDouglas DC-3BabyloanjeCowgirlhâldingPersia MonirGesinGoud1901De facto9 julyGroubekpappegaaidoYndustriële RevolúsjeGrutte pappegaaidoHammetjeAbbey BrooksSlach by AneHardenbergLatynCharlie Chaplinkuiersport4 junyWurdlidHistoaryskSitaatRaerdHongarijeBeauty Dior5 jannewarisSeksuele opwiningList fan Belgyske keunstskildersVictoria CakesTelefoanFilmTaal1955ÛndersoarteAlawitenBeverly HillsRae Lil BlackKagney Linn KarterSneonMoskouFellatioEksplosyfLoftmachtEkshibisjonismeKirgyzjeRuslânHardenberg (gemeente)Twadde WrâldkriichBernemisbrûk1963FuotbalFerspriedingsgebietLeafdeMagyEvelyn Lin2001OerflakAjaks (mytology)PappegaaidowenIuw19892016🡆 More