Martin B-26 Marauder

Martin B-26 Marauder

Rol Middelswiere bommesmiter
Makker Glenn Martin
Earste flecht 25 novimber 1940
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst
Tal makke goed 5.200 (1941–1945)
Brûkers United States Army Air Forces, Frije Frânske Loftmacht
Royal Air Force
Súd-Afrikaanske Loftmacht
Priis it stik $102,659.33/B-26A
Farianten

De Martin B-26 Marauder is in Amerikaanske twamotorige middelswiere bommesmiter. De earste flecht wie op 25 novimber 1940. It tastel waard foar it earst ynset yn Oseaanje, mar letter ek foar missys yn it Noard-Afrika, it Middellânske Seegebiet en yn West-Jeropa.

Martin B-26 Marauder
In Martin B-26C

Skiednis

Yn it earstoan barden der in protte ûngemakken by de start en lânings mei de B-26 en krige it tastel de bynamme "Widdomakker". Under mear wie de lâningsfaasje heech (193 oant 217 km/o) wêr't de fleanders net oan went wiene. De B-26 waard in feiliger fleantúch doe't de bemanningen fannijs treent wiene en nei't in tal aerodynamyske ferbetteringen tapast wiene, ûnder mear it fergrutsjen fan de fleugelspanwiidte en in gruttere stabilisator en rjochtingsroer. Oan de ein fan de oarloch wie de Marauder de bommesmiter fan de USAAF mei de lytste ferliezen.

Totaal waarden der 5.288 fan makke tusken febrewaris 1941 en maart 1945; 522 dêrfan fleagen by de Royal Air Force en de Súd Afrikaanske Loftmacht. Tsjin de tiid dat de United States Air Force selsstannich kriichsmachtûnderdiel waard yn 1947, los fan it leger, wiene alle Martin B-26s al út tsjinst helle. De Douglas A-26 Invader krige doe de oantsjutting B-26 — foar't dy yn maaie 1966 syn eardere beneaming "A for Attack" werom krige.

Technyske gegevens

Martin B-26 Marauder 
De B-26 fan trije kanten besjoen
Gegevens B-26G
Bemanning 7
Langte 17,22 m
Spanwiidte 21,65 m
Hichte 6,20 m
Fleugeldraachflak
Gewicht leech 11.500 kg
Startgewicht 17.300 kg
Topfaasje 455 km/o op 1530 m
441 km/o op 4572 m
Fleanberik 1760 km
Tsjinstplafond 6040 m
Oandriuwing twa Pratt & Whitney R-2800-43-Double-Wasp-
dûbelstjermotors fan 1920 hk it stik
Bewapening alve 12,7-mm-Browning M2's,
1815 kg bommen

Sjoch ek

Ferlykbere tastellen wat ûntwerp en rol oanbelanget:

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Martin B-26 Marauder SkiednisMartin B-26 Marauder Technyske gegevensMartin B-26 Marauder Sjoch ekMartin B-26 Marauder Keppelings om utensMartin B-26 Marauder

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Non-profitFegetarismeCornelis over de LindenList fan planetoïden 24901-25000Jerine FleurkeTwinterâneWeblochToby AlderweireldLexi DiamondGewoane kjifstikelbaarchKampenSjinkie KnegtFenolTreron aromaticusPake en beppeIepenbiering fan AdamSkyy BlackFriedrich NietzscheOmgong fan Itaalje 1987Skermjen op de Olympyske Simmerspullen 1976SinaBoarstfergruttingSneinCircuito de JerezGolf op de Olympyske SimmerspullenWikidataLexxxi LockhartBoete (jildstraf)9e iuwMia LinaAmbigramUniversiteit fan OklahomaPoerdersrampHessel van der WalRocco SiffrediHôf fan TwinteUnstjerlikensChe GuevaraRiviermûningRicki RaxxxNút (lichemsdiel)Sasha BeartKommando geanComité flamand de FrancePake- en beppesizzerSleepautoLâningteGroepseksKlaarkampster MarHabytGrafhorst (Nederlân)NoardfryskWestslavyske talenGrutte Priis Formule 1 fan Ruslân 2019Joos de MomperKacie Castle🡆 More