Marcus Lycklama à Nijeholt (17 jannewaris 1573 - 9 augustus 1625) wie in bestjoerder, abbekaat en heechlearaar.
Hy wie de pakesizzer fan Lyckle Eables, stamheit fan de famylje Lycklama à Nijeholt.
Lycklama à Nijeholt wie de soan fan Meine Lyckles, substitút-grytman fan Weststellingwerf en fan Hylck Terwisga. Hy krige syn earste letterkundige opfieding yn Ljouwert, dêr't er les krige fan Joannes Fungerus. Hy studearre (neffens Paquot) earst yn Heidelberg en sûnt maaie 1593 yn Frjentsjer. Dêr hie er benammen Hindrik Schotanus as learmaster. Neidat er de titel fan doktor yn de rjochten krige hie waard hy op 9 maaie 1597 abbekaat yn Ljouwert. Yn 1603 waard er foar Fryslân ôffurdige nei De Haach. Op 25 maaie 1604 berôpen him kurators fan Frjentsjer, ynstee fan Johan van den Sande, as heechlearaar yn de rjochten. It jier dêrnei waard er rektor magnifikus. Fan 1604 oant 1610 wie er dêr heechlearaar (pandekten). Yn 1610 waard er kurater fan de Frjentsjerter Akademy. Op 22 maaie 1610 ferruile er it heechlearaarsamt mei dat fan grytman fan Eaststellingwerf en kurator fan de Frjentsjerter hegeskoalle; de gritenij ferruile er op 11 july 1623 tsjin dy fan Weststellingwerf. Ek waard hy grytman fan Eaststellingwerf en meardere kearen lid fan de Steaten Generaal en de Rie fan Steat. Yn 1615 fersette er him yn in gearkomst fan de Steaten Generaal tsjin it stjoeren fan in kommisje ta dimping fan ûntstiene skelen. Yn 1621 sleat hy yn De Haach in bûn mei Denemark, en waard dêrnei, mei Reinier Pauw en Rutger fan Haersolte, as bûtengewoan ambassadeur nei kening Christiaan fan Denemark stjoerd. Yn 1623 waard hy de grytman fan Weststellingwerf. De Republyk Feneesje beneamde him ta ridder yn de oarder fan St. Markus. Lycklama à Nijeholt wie yn syn tiid in ferneamd rjochtsgelearde en jûch ferskate rjochtsgelearde wurken út, dy 't troch Ulrik Huber en oaren priizge waarden.
Marcus Lycklama a Nijeholt troude yn 1609 mei Perk, dochter fan Feye fan Goslinga út Wânswert, en Sytske fan Aylva fan Skraard, en hie mei har gjin bern. Hy stoar op 9 augustus 1625 en waard begrûven yn Nijeholtpea. Hy leit begroeven yn de tsjerke fan Nijeholtpea.
Hy hat in tal juridyske geskriften skreaun. Mar hy makke ek Latynske poezij, blikens syn gedicht op syn learmaster Schotanus yn Membran, side 353
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Marcus Lycklama à Nijeholt, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.