Mallobaudes

Mallobaudes (ek wol Merobaudes) wie yn de 4e iuw generaal yn it Romeinske leger en kening by de Franken.

Hy wie ûnder keizer Gratianus in skoftlang generaal en waard letter rex Francorum, kening oan de oare side fan de Ryn-Limes.

Skiednis

Mallobaudes stamme út in aadlik Frankysk skaai. As jongkeardel makke hy yn it Romeinske leger opgong. Hy waard oanfierder fan it leger dat yn 376 op fjildtocht moast tsjin de Allemannen. Yn de Elzas yn de slach by Argentovaria fersloech er dy by de hjoeddeiske stêd Kolmar.

Under de usurpaasje fan Magnus Maksimus yn 383 bleau Mallobaudes earst trou oan keizer Gratianus en luts mei him op tsjin de opstannelings. Doe't de keizer al by de earste skermutselings yn de omkriten fan Parys gjin ynteresse toande foar de militêre strategyen, ferlear er al syn fertrouwen yn de keizer en rûn oer nei it kamp fan Maksimus.

Under keizer Maksimus hâlde Mallobaudes syn rang fan generaal yn it leger en die mei oan dy syn kriichskampanjes. Maksimus waard lykwols yn 388 ferslein yn de slach oan de Save troch keizer Teodosius. Mallobaudes hie oan de side fan Maksimus meistriden en koe nei de nederlaach op tiid útnaaie. Hy ferliet Galje en gie werom nei syn eigen folk. Letter waard hy troch de Franken útroppen as kening.

Literatuer

  • Edward James - De Franken, Baarn, 1988, side 52.

Tags:

4e iuwFrankenGratianusLimesRomeinske legerRyn

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Stasjon Delfsyl WestDûnsGeorgjeBouke OldenhofList fan planetoïden 38001-39000Bruorren GrimmCharles III fan it Feriene KeninkrykJoyce OliveiraTeemsSwierwêzenEarste WrâldkriichAlexander Graham BellVladimir PûtinClyde TombaughJ. MacAlde Egypte2001LybjeBosnjeStalkingDeiskemaIvanovski-kleaster (Pskov)Nije Testamint802KateftigenNitraatUntsliepeniskatdraal (Tomsk)SekshâldingTaalSanta Ana (Kalifornje)Gokken5 septimberList fan planetoïden 97001-98000Roemeenje36BoazumMegan SalinasDiana, prinsesse fan Wales3 maaieJohan FrieswijkTsjechjeGrykskBroeinettelJeropaWurdKoördinearre WrâldtiidFryske talenRekkenmasineMir (romtestasjon)Gotoku SakaiCarolina VerhoevenISBNStoomautoVanessa SkyHenny Tuinhout-de LeeuwOflûken (seksualiteit)PornoaktriseVeronica RodriguezLibbenWetJoost van den VondelMarokkoKalkulatorSpienNikola Tesla600Gauke BoelensRae Lil BlackArtefakt (archeology)Ingeltsje-itenExodusJurassic Park IIIJohan Rudolph ThorbeckeNeakenmodel🡆 More