Madly Madagascar

Madly Madagascar is in Amerikaanske koarte kompjûteranimearre tekenfilm út 2013 ûnder rezjy fan David Soren.

It is in komeedzjefilm foar bern en foar folwoeksenen mei in spyldoer fan 22 minuten. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Ben Stiller, Chris Rock, David Schwimmer, Jada Pinkett Smith en Danny Jacobs. De titel betsjut "Healwiis Madagaskar", wêrby't it eigenskipswurd madly konnotaasjes hat yn it ramt fan leafde of ferealens. De film hat dan ek as tema Falentynsdei. Madly Madagascar heart ta de Madagascar-franchise en spilet nei it meastepart fan 'e foarfallen yn Madagascar: Escape 2 Africa, mar foàr de slotsêne fan dy film. It ferhaal giet oer in fleske rûkersguod dat út in oerfleanend fleantúch smiten wurdt, en dat grut trelit feroarsaket by de bisten fan in wettergat yn in Afrikaansk wyldreservaat.

Madly Madagascar
Madly Madagascar film
Filmposter yn 'e IMDb
makkers
regisseur David Soren
produsint Chad Hammes
Lisa Stewart
útfierend
   produsint
Mireille Soria
senario David Soren
muzyk Heitor Pereira
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Ben Stiller
Chris Rock
David Schwimmer
Jada Pinkett Smith
Danny Jacobs
byrollen Tom McGrath
Taraji P. Henson
Cedric the Entertainer
Phil LaMarr
skaaimerken
lân/lannen Madly Madagascar Feriene Steaten
premiêre 29 jannewaris 2013
foarm koarte tekenfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 22 minuten
filmsearje
filmsearje Madagascar

Plot

Alex de liuw, Marty de sebra, Melman de sjiraffe, Gloria it nylhoars, kening Julien de ringsturtmaky, Maurice it fingerdier, Mort de mûsmaky en de fjouwer psychopatyske pinguins ûnder lieding fan Skipper binne noch altyd yn it wyldreservaat yn Afrika nei harren eardere aventoer. Falentynsdei komt deroan, in feestdei dêr't Alex yn 'e Central Park Zoo yn New York altyd graach oer mocht om't er dan ekstra oandacht krige fan it dieretúnpublyk. Hy besiket datselde effekt te kreëarjen troch de lânseigen ynwenners fan it wyldreservaat te ûnderrjochtsjen oer Falentynsdei. Dêrta hat er foar allegear in Falentynskaart skreaun, en no besiket er harren derfan te oertsjûgjen dat se allegear ek in Falentynskaart oan him weromstjoere moatte.

Underwilens fljocht der in frachtfleantúch oer dat folladen is mei Falentynsdeikado's. De piloat en de ko-piloat nimme it lykwols net sa nau mei de regels fan 'e postbesoarging en plonderje de pakjes op 'e syk nei sûkelaadsjes, dy't se lekker opsnobje. Op in stuit komt de ko-piloat in pakje tsjin dêr't in fleske rûkersguod yn sit, mei de namme Leafdesmiddel Nû. 9. By wize fan grap besproeit er de piloat mei it guod, mar it stjonkt sa, dat de mannen it fleske gau-gau út it finster smite. It rûkersguod komt del op 'e kop fan 'e ferfeelde kening Julien, dy't der fuortendaliks mooglikheden yn sjocht. Hy makket mei help fan Maurice en Mort de bisten fan it wyldreservaat wiis dat it in magyske floeistof is dy't fan 'e goaden komt, en dy't jin op slach ûnwjersteanber makket foar it oare geslacht. Alle bisten stjonke deryn en ûndertekenje in wjirchkontrakt foar in pufke fan it rûkersguod, útsein de dieretúnbisten út New York.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As der in tsjeppe wyfkesokapy opdûkt, dy't op besite is út in oar wyldreservaat, binne alle sebra's fanwegen de swart-wite streken op 'e efterskonken fan 'e okapy op slach smoarfereale. Dat jildt ek foar Marty, mar hy sjocht net yn hoe't er har oandacht lûke kin yn in hiele keppel sebra's dy't der allegear persiis itselde útsjogge as hy. Yn wanhoop beslút er dan dochs it rûkersguod mar ris te prebearjen, mar as hy deroan ta is, blykt it fleske leech te wêzen. Hy freget de pinguins om foar him in nij fleske fan it guod oan te meitsjen, dat Skipper, Kowalski, Rico en Private kringe it kamp binnen dêr't de minsklike toeristen oernachtsje op 'e siik nei de juste yngrediïnten. Skipper, dy't gjin magysk leafdesmiddeltsje nedich is om healwiis te wêzen, is fereale rekke op in froulike bobblehead doll, dy't er oeral mei nei ta sleept. Yn it kamp wurdt it ding ûntdutsen troch de toergids, dy't in sammelder fan sokke popkes blykt te wêzen en him it ding, ta ôfgriis fan Skipper, ta-eigenet.

Kowalski en Rico meitsje it rûkersguod foar Marty oan, dêr't se behalven it spul dat se út it kamp stellen hawwe ek wat willekeurige dingen oan tafoegje. Alex, dy't earder de gek hie mei Marty, hat ûnderwilens ûntdutsen dat nimmen belangstelling foar syn fiering fan Falentynsdei hat, en syn ried te'nein beslút er om it leafdesmiddel dan ek mar ris te prebearjen. Mar Marty goait it hiele brousel fan 'e pinguins oer himsels hinne en lit neat foar Alex oer. Dy wol dan dat de pinguins in nije tsjettelfol fan it guod meitsje. De pinguins hawwe lykwols oare dingen oan 'e holle, mei't Skipper in rêdingsmisje organisearret foar syn pop. Dêrop freget Alex Julien om help, dy't mei syn wenstige mispleatste oermjitte oan selsfertrouwen derfan oertsjûge is dat er sels it leafdesmiddel ek wol brouwe kin.

It brousel fan 'e pinguins blykt sa goed te wurkjen, dat Marty net inkeld de oantreklike okapy, mar ek alle oare froulike bisten út it reservaat efter him oan kriget, fan lytse dikdiks oant reuseftige oaljefanten. Hy genietet fan alle oandacht. It brousel dat Julien, Maurice en Mort foar Alex meitsje, en dat hy hielendal oer himsels hinne jit, blykt lykwols sa te stjonken dat it in diametraal tsjinstelde wurking hat en eltsenien útnaait as hy deroan komt. Underwilens hat Melman, dy't koartby in relaasje mei Gloria krigen hat, de help fan 'e sjimpansees ynskeakele om in geweldige Falentynsdeifiering foar syn leafste te organisearjen. Mar syn tariedings, wêrûnder in reuseftige pop fan it Frijheidsbyld mei de kop fan Gloria, wurde by fersin hieltyd ferrinnewearre troch de oaren, dy't inkeld oandacht foar harren eigen swierrichheden hawwe.

Alex jout him ferbûke ôf. Gloria wurdt lulk op Melman, om't er gjin oandacht mear foar har liket te hawwen en hieltyd fuortrint om him mei oare dingen dwaande te hâlden. En Marty beseft dat er no foar de wyfkes sá oantreklik is, dat se him gjin sekonde mear gewurde litte kinne. Sadree't er dat ûntdekt, fergiet him it laitsjen wolfergoed. Underwilens kringe de pinguins op 'e nij it minsklike kamp yn, dêr't se de Landrover mei de samling bobblehead dolls fan 'e toergids stelle. Dyselde komt harren yn in oare auto benefter. Nei in spektakulêre efterfolging witte de pinguins de grutte leafde fan Skipper te rêden. Gloria fynt it draaiboek mei Melman syn plannen foar Falentynsdei en beseft dat er sa drok dwaande wie foar har. Marty wit einlings oan 'e wyfkes te ûntsnappen en yn it wettergat te springen, dêr't er it leafdesbrousel ôfwasket sadat de wyfkes harren ynteresse yn him ferlieze. Trijeresom sette Marty, Melman en Gloria dan nei Alex ta, dy't se ferrasse mei in Falentynskaart fan elts fan harren. It binne net safolle as er op hope hie, mar it binne guon dy't wier út it hert komme, dat Alex is der sa bliid mei dat er syn freonen stevich oankrûpt. Mei as gefolch dat sy hast oer har nekke geane en him te ferstean jouwe dat er him earst ris flink waskje moat.

Rolferdieling

    haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Alex de liuw Ben Stiller
Marty de sebra Chris Rock
Melman de sjiraffe David Schwimmer
Gloria it nylhoars Jada Pinkett Smith
kening Julien XIII, in ringsturtmaky Danny Jacobs
    byrollen
personaazje akteur/aktrise
Skipper, de lieder fan 'e pinguïns Tom McGrath
de okapy Taraji P. Henson
Maurice, in fingerdier Cedric the Entertainer
toergids Phil LaMarr
Mort, in mûsmaky Andy Richter
Kowalski, in pinguïn Chris Miller
Rico, in pinguïn Jeffrey Katzenberg
Private (Ned.: "Junior"), in pinguïn Christopher Knights
Mason de sjimpansee Conrad Vernon
liuwinne Andrea Montana Knoll
nylhoarswyfke Andrea Montana Knoll
oaljefantewyfke Andrea Montana Knoll
piloat James Ryan

Produksje en distribúsje

Produksje

Madly Madagascar waard regissearre troch David Soren nei in senario dat er sels skreaun hie. De koarte film waard produsearre troch Chad Hammes en Lisa Stewart foar filmstudio DreamWorks Animation, mei Mireille Soria as útfierend produsinte. De filmmontaazje wie yn 'e hannen fan James Ryan. De filmmuzyk waard fersoarge troch Heitor Pereira.

Distribúsje

De distribúsje fan Madly Madagascar waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film kaam op 29 jannewaris 2013 út, likernôch twa wiken foar Falentynsdei, dat it tema is.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Madagascar
 
filmsearje
lange films Madagascar (2005) • Madagascar: Escape 2 Africa (2008) • Madagascar 3: Europe's Most Wanted (2012) • Penguins of Madagascar (2014)
koarte films The Madagascar Penguins in a Christmas Caper (2005) • Merry Madagascar (2009) • Madly Madagascar (2013) • All Hail King Julien: New Year's Eve Countdown (2017) • All Hail King Julien: Happy Birthday to You (2017)
 
tillefyzjesearjes
The Penguins of Madagascar (2008-2012) • All Hail King Julien (2014-2017) • Madagascar: A Little Wild (2020-20??)

Tags:

Madly Madagascar PlotMadly Madagascar RolferdielingMadly Madagascar Produksje en distribúsjeMadly Madagascar Keppelings om utensMadly Madagascar2013AfrikaBernefilmBistenDanny JacobsEigenskipswurdFalentynsdeiFamyljefilmFerealensFeriene SteatenFilmFleantúchHaadrolKoarte filmKomeedzjefilmKompjûteranimearreLeafdeMadagascar (franchise)Madagascar: Escape 2 AfricaMinutenPlotRezjyStimakteurTekenfilmTema (ûnderwerp)Titel (namme)Wetter

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Horatio NelsonIranSpoar fan Grins nei DelfsylClara TrinityAmerikaanske dollarJeropeeske UnyFeriene KeninkrykList fan sterke tiidwurden yn it FryskISO 3166-1SkiednisSûmearjeMinnie BeetsPaleokontinintKrystal SwiftRussyskTrochgongReligieuzeLatyn16e iuwSwierwêzenKroaasjeAC/DCBernepornografyBestjoerJasmine BlackTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)Dôve NettelLânfâdLucy LawlessJames A. MichenerFellatioKrypetski-kleasterHurdegarypster OpfeartTomas fan AkwinoKolombiaOcca Johanna RipperdaHilligeGeslacht (sekse)Hendrik ConscienceAudree JaymesISSNFryske RykPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)Stasjon DelfsylAlgerijePippi LanghoasDûsjanbeKristina LionEastersk SkismaFerkundigingskatedraal (Kazan)Yves BaillatKrusiging fan Jezus5 maartTuberkuloazeKosovo-oarlochPornoaktriseOekraïneIngoesjetiëPrins EdwardeilânJoost KleinOblast OrenburgVina Sky1000GoldbandList fan planetoïden 5001-6000Súd-Amearika🡆 More