M2 Browning

De M2 Browning is in swiere mitrailleur dy't ûntwurpen is tsjin de ein fan de Earste Wrâldkriich troch John Browning.

M2 Browning
Browning .50 op M3 statyf

Namme

It masinegewear hat as bynamme Ma Deuce, ôflaat fan: M2, mar wurdt troch de Amerikanen gewoanwei "Fifty-Cal." neamd nei it kaliber. Yn Nederlân wurdt it wapen Punt Fyftich neamd. De offisjele beneaming foar it ynfanterytype fan hjoed-de-dei is: Browning Machine Gun, Cal. .50, M2, HB, Flexibel.

Tapassing

De M2 brûkt .50 inch (12,7 mm)-patroanen. It wapen is effektyf tsjin ynfantery, licht bepânsere reau en boaten, lichte fersterkingen en leechfleanende fleanmasines, ôfhinklik fan it soarte munysje dat brûkt wurdt.
It Browning-masinegeweer wurdt in protte tapast op reau en earder ek as fleanmasinebewapening troch de Feriene Steaten fan 1920 ôf. Bygelyks de bommesmiter Boeing B17, it "Fleanend fort" en de jager P 51 “Mustang", hiene de .50 as wapen. It wapen waard in soad brûkt yn de Twadde Wrâldkriich, de Koreaanske Kriich, de oarloch yn Fietnam en de operaasjes yn Irak yn de jierren 1990 oant 2000.

De M2 is de primêre swiere mitrailleur fan de NAVO-lannen en wurdt ek brûkt troch in protte oare lannen. De M2 waard langer brûkt as hokker oar lyts wapen ek út it FS-arsenaal. De M2 wurdt op it heden produsearre troch General Dynamics en Fabrique Nationale de Herstal (FN) út Belgje, ûnder oaren foar de Amerikaanske oerheid. FN is as mei-fabrikant keazen omdat John Browning dêr wurke hat oan it begjin fan de 20e iuw.

Tags:

Earste WrâldkriichJohn BrowningMitrailleur

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1989Nikolo-Korelski kleasterInes RidereGotoku SakaiHavana GingerAtoomStasjon Delfsyl West1000JeropaPepinidenBitcoinTechnologyKanadaIvan IV fan RuslânSanta Ana (Kalifornje)PornoaktriseAudree JaymesKoptysk-Otterdokse TsjerkeTatjana ŠimićUnbemanne fleanmasineDeaDûbele penetraasjeISO 3166-1AfganistanKai Nobel5 septimberArcheologyAdam en Eva (plant)Nicole Oring18 junyMarije CornelissenNije TestamintDenemarkPriya PriceArabyskBatterij837Clara TrinityKrusigingAustraalje (lân)SûmearjeJacobus Henricus van 't HoffKristendom2011AC/DCGrutte Synagoge (Tomsk)Salisbury (Ingelân)LibbenLiuwe H. WestraKraj KamtsjatkaFryslânDOKParysSûdanEarste WrâldkriichAndrej RûbljovDominion NijfûnlânDútslânIrakYiming Curiosity14 julyList fan planetoïden 5001-6000Jurassic Park IIIStasjon AppingedamOrgasmeJasmine BlackGitaarBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)🡆 More