Oerlevering

In oerlevering is in ferhaal dêr't yn ferhelle wurdt oer wat eartiids bard is, mar dêr't fan sein wurdt dat it histoarysk besjoen net kloppet.

Faak sit er wol in kearn fan wierheid yn it ferhaal en is benammen de ferteller dêrfan oertsjûge. In protte sêgen en legindes binne oerleverings.

Nederlân

K. ter Laan is ien fan de sammelers fan Nederlânske mûnlinge oerleverings (al as net beynfloede fan skriftlike literatuer), dy't er yn syn Nederlandse overleveringen (2 dielen) publisearre hat. It docht bliken dat in unyk folksferhaal net sa faak foarkomt as altyd tocht waard; de measte folksferhalen dogge ynternasjonaal de rûnte, sûnder ûnderskied te meitsjen fan lân- as taalgrinzen. It die bliken dat net allinne Grutte Pier enoarm sterk west hat, mar ek in Dubbele Arend fan Meden út Meeden, Freers fan Wurst út Wurst (East-Fryslân), Wille Beekman (út de Hümmling), Jan de Sterke út Gorinchem en ferskate oare personaazjes út binnen- en bûtenlân.

Oare ferhalegarders fan Nederlânske oerleverings binne J.R.W. Sinninghe (1904-1988) en G.J. Boekenoogen (1868-1930).

Sjoch ek

Tags:

FerhaalLegindeSêge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1949FryskList fan haadstêdenJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)ProstitueeDaasjeJohan FrieswijkFlodder (film)Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)The Call of the Wild (film út 2020)TrochgongGeslacht (sekse)Gryksk2006Nikola TeslaHichtefreesTsjechjeBosnjeRicki RaxxxGrut-BrittanjeLos AngelesCharles III fan it Feriene KeninkrykTsjerke-monumint foar de fallen soldaten by de oermastering fan Kazan (1552)1945ReklamespotsjesIngeltsje-itenTailânFulkaanLexxxi LockhartVladimir Pûtin2011Noard-IerlânScilly-eilannenReidimerkeJames A. MichenerMozilla Firefox25 maartOnno FalkenaSlotNikolo-Korelski kleasterIerlânArwen GoldGrutte-boarstesjenreFrysktalige WikipedyDominion Nijfûnlân37SûdanMoriah MillsJulie SkyhighKabinet-Rutte IVEgypteCarles PuigdemontJurassic Park IIIFrankrykOsmaanske RykBestjoerAnimals (album fan Pink Floyd)FerkrêftingMediaWikiLegaatNew York (stêd)18 junySebastopolAmmanPriya PriceMSMoskouSúd-Amearika🡆 More