Luna 9

De Luna 9 (NSSDC ID: 1966-006A) wie it earste, ûnbemanne, romteskip dat lâne op de Moanne.

Luna 9
De Luna 9

De Luna 9 wie in romteskip fan de Sowjetuny. It waard 31 jannewaris 1966 om 11.45 lansearre fan it Baikonur Kosmodroam. Op 3 febrewaris om 18.44.52 (UTC), lâne de Luna 9 as earste romteskip op de Moanne, yn de See fan Stoarmen, op 7.13° N - 60.36° W. It wie dêrmei net it earste romteskip dat de Moanne berikke; dat wie de Luna 2, dy't tsjin de Moanne tepletter sloech. De Luna 9 wie it earste romteskip dat lâne op de Moanne, troch ôf te remjen wylst it del kaam, en dêrmei it earste romteskip dat noch funksjonearre doe't de Moanne berikt wie. Op dy wize waard útfûn dat in romteskip op de moanne net weisonk yn in laach moannestof, wat yn 't foar al foar mooglik naam wie.

It part dat lâne, wie in 58 sintimeter grutte, hermetysk-tichte bol mei in massa fan 99 kilo. It hie in kamera en in stjoerder by him, en dêrmei stjoerde it, yn de rin fan krekt wat mear as twa dagen, byelkoar 8 oeren en 5 minuten lang foto's nei de Ierde, oant op 5 febrewaris om 22.55 de akku's leech wienen. De yn totaal 27 foto's lieten it oerflak fan de Moanne fan tichtby sjen. Trochdat de Luna 9 nei de earste searje wat fersetten rekke wie, wie it mooglik om mei de foto's in panorama yn stereografy fan it Moanneoerflak te meitsjen.

Tags:

Moanne (himellichem)Romteskip

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Adam en EvaBulgarijeLeilani VegaChesty PullerNicole OringComité flamand de FranceJarretankVienna Black23 maaieÛndersoarteHawaïTel AvivManedoCreative Commons15 aprilNoardseeSophie HilbrandDomtsjerke fan ParmaFeanster FeartKroandowenSêfte pornografyJ. MacEuropean Girls Adult Film DatabaseMisjonarishâldingSitaatpuzelJoyce Oliveira2014List fan sterke tiidwurden yn it FryskKompjûterprogrammaWielenpôleKeltyske talenMount RushmoreAeolus SeisbierrumTer Aard19811977MullumReinhard HeydrichFeriene KeninkrykHaadsidePieter BreukerFrankrykTynaarloGeorges SimenonSeptember ReignYnternasjonale Kynologyske FederaasjeKat1769Moriah MillsMinnie BeetsAmstel (rivier)Delotta BrownAlbertina Soepboer1780Havana Ginger5 oktoberNeakenmodel1907Yvette BovaPanamaMarijn KuipersSensual JaneOlaf ScholzBommesmiterBedrigingGymnomyza samoensisLuna SilverSwurdMia LiAssenSkiermûntseachGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2007Amerikaansk fuotbalDampkringGrutte-boarstesjenre🡆 More