Ludwig Levy (berne op 18 april 1854 – ferstoarn op 30 novimber 1907) wie in Dútske arsjitekt fan it historisme.
Hy makke de ûntwerpen fan in tal synagoges, wêrûnder de ûnbidich grutte Nije Synagoge fan Straasburch, mar ek wol tsjerken en oare gebouwen.
Ludwig Levy | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 18 april 1854 | |
berteplak | Landau in der Pfalz | |
stoarn | 30 novimber 1907 | |
stjerplak | Karlsruhe | |
wurkpaad | ||
berop/amt | arsjitekt |
Ludwig Levy wie it sechde bern fan 'e joadske tekstylhandler Jonas Levy en syn frou Barbara Machhol.
Nei syn skoalletiid yn Landau studearre er sûnt 1870 wiskunde en foar yngenieur oan it Polytechnikum Karlsruhe (no it Ynstitút foar Technology), letter ek arsjitektuer. Levy wurke nei de foltôging fan syn stúdzje sûnt 1876 by ferskillende arsjitekten, lykas û.o. Paul Wallot en Rudolf Opfermann. Yn 1882 iepene er syn eigen arsjitekteburo yn Kaiserslautern. Nei 1886 dosearre er oan 'e Baugewerkschule Karlsruhe en sûnt 1902 wied er boutechnysk spesjalist by it Ministearje fan Ynlânske Saken. As erkenning foar syn wurk waard er yn 1902 troch it Ministearje fan Ynlânske Saken fan Baden yn 'e Bouried beneamd.
Sûnt 1890 wie Levy mei Flora Leving troud (1869-1943). Hja krigen tegearre twa bern: Marie Babette (berne op 5 augustus 1891) en Erwin Walter (berne op 18 juny 1896). Syn widdofrou Flora waard op 1940 út Karlsruhe nei Gurs en dêrwei yn 'e simmer fan 1942 nei Theresienstadt deportearre. Dêr ferstoar hja op 23 april 1943 yn 'e âldens fan 74 jier. Har twa bern wiene doe al ferstoarn. Oar neiteam wie der net.
It hûs fan Ludwig Levy yn Karlsruhe waard yn beslach nommen en is yn 'e Twadde Wrâldoarloch ferneatige.
Levy wurke fral en Baden, de Palts mar ek yn 'e Elzas, dêr't er fral synagoges, hûzen en gebouwen foar organisaasjes ûntwurp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de: Ludwig Levy
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ludwig Levy, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); Ludwig Levy Wiki additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.