Ligueryske See

De Ligueryske See is de rânesee fan 'e Middellânske See súdlik fan 'e Noarditaljaanske regio Liguerje, it foarstedom Monako en it eastlikste part fan 'e Frânske Côte d'Azur, noardlik fan it ta Frankryk hearrende eilân Korsika, en noardwestlik fan 'e Italjaanske regio Toskane.

Yn it súdeasten giet de Ligueryske See by de Toskaanske Arsjipel oer yn 'e Tyrreenske See. De wichtichste havenstêd oan 'e Ligueryske See is Genua, folge troch Livorno en La Spezia. De noardwestlike kust stiet bekend om syn skientme en noflik klimaat. It noardlikste part fan 'e see wurdt foarme troch de Golf fan Genua. Yn it easten mûnje de rivier de Arno en withoefolle mindere Apenynske streamen yn 'e Ligueryske See út. Noardwestlik fan Korsika leit it djipste punt, dêr't de seeboaiem likernôch 2.850 m ûnder it oerflak leit.

Ligueryske See
Ligueryske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje besuden de Italjaanske regio
Liguerje en benoarden Korsika
lân Ligueryske See Frankryk
Ligueryske See Itaalje
Ligueryske See  Monako
ûnderdiel fan Middellânske See
sifers
djipste punt 2.850 m

Om 'e walfisken en dolfinen te beskermjen (brúnfisken komme yn 'e Ligueryske See net foar) hawwe Itaalje, Frankryk en Monako de see yn 1999 útroppen ta in beskerme gebiet. It Ynternasjonale Walfiskreservaat fan de Ligueryske See beslacht 84.000 km², en bestiet út sawol nasjonale territoriale wetters as iepen see.

Tags:

ApeninenArno (rivier)FoarstedomFrankrykGenua (stêd)Golf fan GenuaItaaljeKlimaatKorsikaLiguerjeMiddellânske SeeMonakoToskaanske ArsjipelToskaneTyrreenske See

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SlowakijeMisjonarishâldingOanslachAubrey KateCowgirlhâldingList fan geiterassenJewels JadeGrutte Heitelânske KriichLiifmoerWrâldsûnensorganisaasjeToskdoHavana GingerAnne Tjerk PopkemaBitcoinKatFriezenJ.R. CarringtonIngeborg Uyt den BoogaardBudgetAdam en EvaJapanPlantenBurj KhalifaSkiednisFilosofySwartnoasklapperiikhoarntsjeKeatsenSteatsfoarmOarlochMoskeftigenFuotbalRicki RaxxxComité flamand de FranceKalifornjeFêsteljûnRae Lil BlackHûnMary DresselhuysSao Tomee en PrinsipeUnbreakable (film)Vanessa PrideFrysktalige Wikipedy15 aprilYnterbellum26 augustusRôfdier4 novimberWim Kan5 augustusJoo Min LeeBachreinGemme fan BurmaniaInes RidereDomtsjerke fan ParmaSana FeyJierSeptember ReignIt Dronkene SkipHynstekrêftGymnomyza samoensisLikedielersJ. MacDútskItalyske talenRachel AzianiTiidsôneWikipedia🡆 More