Liepke Scheepstra

Liepke Scheepstra (Ljussens, 1 novimber 1918 – Amersfoart, 15 septimber 2002) wie in Nederlânsk fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.

Hy brûkte de skûlnammen "Bob" en "Jelte".

Biografy

Liepke waard grutbrocht op Skiermûntseach en troude letter mei Frouwke Elizabet Dijk.

Scheepstra wie foar de oarloch tsjinstplichtich korporaal by it Korps Plysjetroepen. Yn 1943 wie er ien fan de oprjochters fan de Lanlike Knokploegen (LKP). Dy organisaasje wie warber mei oerfallen op distribúsjekantoaren, it fersprieden fan yllegale publikaasjes, it sykjen fan ûnderdûkadressen foar joaden en help oan delsketten piloaten.
Hy wie as organisator belutsen by de oerfal op 11 maaie 1944 op de Arnhimse Koepelfinzenis, dêr't ûnder oaren Henk Kruithof en Frits de Zwerver befrijd waarden.

By de oerfal op it Hûs fan Bewar te Arnhim op 11 juny 1944, dêr't 54 finzenen by befrijd waarden, hie Scheepstra de lieding. It wie de grutste befrijingsaksje út de besettingstiid. Scheepstra hearde ta it fjouwermanskip dat de LKP late (wie koördinator foar East-Nederlân) en wurke mei oan it gearbringen fan de knokploegen, de Oardertsjinst en de Ried fan Ferset yn de Binnenlânske Striidkrêften.

Scheepstra waard op 1 oktober 1958 earfol út militêre tsjinst ûntslein en ûnderskieden mei de Militêre Willems-Oarder, dy't er earst op oanstean fan Keninginne Wilhelmina akseptearje koe "as plakferfangend foar al dy oaren".

Scheepstra hat nei de oarloch noch in tal bedriuwen yn kofje-apparatuer yn Assen en Amersfoart laat. Fierders sette er him yn foar de belangen fan neibesteanden fan sneuvele fersetsminsken, it fêstlizzen fan de skiednis fan it ferset en it oerbringen fan de motiven fan it ferset op lettere generaasjes.

Scheepstra waard beïerdige op Skiermûntseach. Syn Collectie Oorlog en Verzet waard oerdroegen oan de Stichting IJsselacademie Kampen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1 novimber15 septimber19182002AmersfoartLjussensSkûlnammeTwadde Wrâldkriich

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hurde pornografyLexxxi Lockhart2009Inga RidereMisjonarishâldingEreksjeSasha BeartPieter BreukerHTMLRachel AzianiFeriene KeninkrykTiidsôneBurj KhalifaMegan SalinasJ.K. RowlingRamon (pornografysk akteur)Joyce OliveiraMya NicholeSwierwêzenList fan geiterassenSêfte pornografyShalina DevineWikipedyRôfdier8 augustusGriisbealchiikhoarntsje1 maartNel BenschopJapanskOarlochAustraalje (lân)ToskdoPlantenHinLjouwert (stêd)1839Grutte PierMeksikoJustin SlayerSkotskWikipediaDûbaiJ. Mac24 aprilWolverine1969Armie FieldPornoakteurNatoerHylke SpeerstraOmnibus (boek)UnderwiisOentsjerkBang BrosJongfryske MienskipHaadsideGrutte-boarstesjenreNovial1901Philippus H. BreukerEuropean Girls Adult Film DatabaseSjongfûgelsOsmaanske RykDownloadRunenCharlie Chaplin8 febrewaris🡆 More