Lex Goudsmit

Alexandre Joseph (Lex) Goudsmit (Brussel, 15 maart 1913 – Amsterdam, 10 desimber 1999) wie in Nederlânske akteur.

Lex Goudsmit
Lex Goudsmit akteur
Lex Goudsmit yn Citroentje met suiker
Lex Goudsmit yn Citroentje met suiker
persoanlike bysûnderheden
echte namme Alexandre Joseph Goudsmit
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 15 maart 1913
stoarn 10 desimber 1999 (86 jier)
jierren aktyf 1935-1999
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Goudsmit syn heit wie in Joadske diamantbewurker, syn mem wie roomsk-katolyk. Yn 1966 waard er by it grutte publyk bekend om syn rol fan Tevje yn de musical Anatevka (Fiddler on the Roof). Hy spile Tevje sa'n 1100 kear yn Nederlân en yn Londen.

Goudsmit wie ek geregeldwei te sjen yn telefyzjeprogramma's. Hy spile ûnder mear Kening Sopromus yn de jeugdrige Flip de tovenaarsleerling yn 1961 en in rol yn de jeugdsearje Q & Q yn 1974. Yn in oare jeugdsearje, Thomas en Senior (1985-1988), spile er de rol fan Senior. Fan 1984 oant en mei 1999 wied er yn Sesamstraat Lex (de pakefiguer), sadat ek e jongere generaasje mei him yn de kunde kaam.

Goudsmit wie ek ien fan de artysten dy't it liet Shalom from Holland (skreaun troch Simon Hammelburg en Ron Klipstein) opnamen as teken fan solidariteit mei it Israëlyske folk, dat bedrige waard troch raketten út Irak ûnder de Earste Golfoarloch yn 1991.

Goudsmit stoar yn de âlderdom fan 86 jier yn in sikehûs yn Amsterdam oan de gefolgen fan in harsensblieding. Hy waard kremearre yn krematoarium Westerveld yn Driehuis. Syn jiske waard beïerdige op it urnefjild ûnder in soarte fan fitrinekastke mei foto's, tekeningen en oare objekten.

Goudsmit hat troud west mei Ans Adelaar (oant har dea yn 1989) en Erna Weiss.

Filmografy

Tags:

10 desimber15 maart19131999AkteurAmsterdamBrussel (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DownblouseLos AngelesJasmine BlackEeldeKatedraal fan Piazza ArmerinaDûbaiMeso-AmearikaTamboraKroandowenHavana GingerGuyanaMaya BijouPersia MonirSao Tomee en PrinsipeKalifornjeAeolus SeisbierrumRunenMirka Antolović-TipurićMustafa Kemal Atatürk15 aprilPornhubHidde BoersmaMia LiSúdlarenFerstjerrenKetsjûa (taal)Jongfryske MienskipAsia (pornografysk aktrise)22 novimber26 augustusNyomi MarcelaAssenLuna SilverDetroitGazastripeSalvador AllendeGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001Hylke SpeerstraFriesOarlochsmisdiePablo PicassoVanessa PrideNasjonaal parkKanieldoSensual JanePolitykFingerjenDemokratyske Republyk KongoLeppeltsje-leppeltsjeEigenskipswurdBeierenYnternasjonale Kynologyske FederaasjeSjongfûgelsGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2008Megan SalinasList fan geiterassenTonger (god)ErotykSkaai (taksonomy)Skamte (anatomy)Ald SelskipFrysktalige WikipedyJureka del MarFeneesje (stêd)DeaNicole OringPapoea Nij-GuineäHynstekrêftEkwadorSêfte pornografyPsychologyAnnejoke Smids🡆 More