Lemsterlânsk

It Lemsterlânsk is de foarm fan it Súdwesthoeksk, in Frysk dialekt, sa't dat sprutsen wurdt yn it eastlike part fan 'e eardere gemeente Lemsterlân, yn 'e doarpen Bantegea, Eastersee-Buorren, Eastersee-Giterskebrêge, Ychten, Ychtenbrêge en Dolsterhuzen.

Lemsterlânsk
algemien
eigen namme Lemsterlâns
lânseigen yn Lemsterlânsk Nederlân
tal sprekkers ±3.500
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Súdwesthoeksk
              ● Lemsterlânsk
dialekten gjint

Under ynfloed fan it oanswettende Nedersaksyske Stellingwerfsk, of mooglik troch in njoggentjinde-iuwske ynfloed fan Giterske feantsjers, wurde dêr wurden dy't mei in "g" begjinne net útsprutsen mei de "hurde" [ɡ] (fan "goed"), sa't dat yn it Frysk gebrûklik is, mar mei de [x] (fan "berch"), dy't yn it Standertfrysk net oan it begjin fan in wurd foarkomme kin. In oar skaaimerk fan it Lemsterlânsk is dat it de oarspronklike "b" yn "hawwe" beholden hat, sadat de lju dêr fan habbe sizze.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boelens, K., et al., Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
  • Haan, G.J. de, Frisian Grammar, Grins, (sûnder jier).
  • Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154.
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)

Tags:

BantegeaDoarpDolsterhuzenEastersee-BuorrenEastersee-GiterskebrêgeFryske dialektenLemsterlânSúdwesthoekskYchtenYchtenbrêge

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jean-Louis Trintignant1818ReligyKascha PapillonSpaanske grypTuneezjeKaliningradGrutte-boarstesjenreMia Li10 desimberSam WaltonNederlânMariûpolAndamanenpappegaaidoNASAList fan sterke tiidwurden yn it FryskSandy MilzYnternasjonaal Systeem fan Ienheden24 novimberHûnLoftmachtSekondeOpera (browser)Koloanje27 septimberMinnie Beets14311977Lexxxi LockhartPakistanFalomIranRocco Siffredi16 febrewaris188920e iuwJaylene RioSkriuwer22 junyISBNJohn de MolLouis PasteurPappegaaidowenGenêsmiddel2009FlorânsDedemsvaart (doarp)BernemisbrûkFryslânPriya PriceScarlett JohanssonPlysjekuiersportAustraalje (lân)Ynterfryske FlaggeEvelyn LinPersia MonirWebsteeGeslachtsmienskipSomme (rivier)Wittenskiplike nammeVina Sky21 desimberJapanOera Linda BoekHadrianusSalomonseilannen66 f.Kr.🡆 More