Rivier Lek

De Lek is in Nederlânske rivier fan 62 km.

De Lek is in tûke fan de Ryn, rint nei it westen en komt fia de Nije Maas en Nije Wetterwei út yn de Noardsee. Lek ûntstiet as in fuortsetting fan de Nederryn by Wyk by Duerstede op it plak dêr't de Kromme Ryn him ôfspjalt. De Nederryn sels is in ôfspjalting fan de rivier de Ryn. De Lek einiget by it doarp Kinderdijk dêr't it ôfspjalt yn de rivier de Noard en de Nije Maas. Dêrwei streamt it wetter oer de Nije Wetterwei de Noardsee yn.

Rivier Lek
Lokaasje fan de Lek
Rivier Lek
De Lek by Nieuwegein

Parten fan de rivier foarmje de grins tusken de provinsjes Utert en Gelderlân en Utert en Súd-Hollân.

Yn de Romeinske tiid streamde de Nederryn yn de Kromme Ryn en sadwaande oer de Alde Ryn nei de Noardsee. Dat wie de haadstream fan de Ryn yn dy tiid. Doe't yn de Midsiuwen de Kromme Ryn hieltyd mear begûn te fersânjen, waard de Lek in wichtigere rivier. Doe't de Kromme Ryn yn 1122 alhiel ôfdamme waard, waard de Lek de haadrivier.

Justjes nei Wyk by Duerstede krúst de Lek it Amsterdam-Rynkanaal, dy't súdlik nei de Waal rint. In tûke fan dat kanaal, it Lekkanaal, ferbynt mei de Lek by Nieuwegein.

Oare plakken oan de rivier binne Culemborg, Fianen, Schoonhoven, Nieuw-Lekkerland, Lekkerkerk en Krimpen oan de Lek. De boaiem fan de rivier leit justjes heger as it lân deromhinne en diken binne needsaaklik om it wetter te kearen.

Tags:

Kromme RynNederlânNederrynNije MaasNije WetterweiNoard (rivier)NoardseeRynWyk by DuerstedeÔfspjalting

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

18 novimberNitraatDútskTaalDurrësBoergondyske RykList fan Romeinske steatshadenCarles PuigdemontHilligeLavish StylesSanta Ana (Kalifornje)UnderwiisKarelië (dielrepublyk)Flodder (film)Alde EgypteOrale seksPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)George W. BushBroeinettelFingerjenShalina Devine1 jannewaris6 augustus1000MImerkes (fûgel)Sensual JaneHavana GingerKraj KamtsjatkaWest YorkshireTrio (seksualiteit)WiskundeJ.R. CarringtonPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)36List fan planetoïden 31001-32000Hurdegarypster OpfeartKristina LionAfrica SexxFrancesca PetitjeanIvy SherwoodAnton WachterpriisKosovo-oarlochFaginaWyfke BrânnettelNicole OringHagekrûperfûgelsCowgirlhâldingGolf fan RigaList fan planetoïden 1001-2000List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânHarmony WonderDôve Broeier27NapelsLucy LawlessAlgerijeEva KareraISSNRMS TitanicJacobus Henricus van 't HoffHenny Tuinhout-de Leeuw1 maartReidhintsje802Stasjon DelfsylTreblinka (konsintraasjekamp)Dôve NettelRosa CaraccioloGeslachtsmienskipKaratsjaj-TsjerkessiëStasjon Bedum🡆 More