Laptevsee

De Laptevsee (Russysk: мо́ре Лáптевых) is in binnensee fan de Arktyske Oseaan.

Dy leit tusken de eastkust fan Sibearje, it Taimyr Skiereilân, Noardlân en de Nijsibearyske Eilannen. De noardlike grins rint fan de Arktyske Kaap oant Kaap Anisi. De Karasee leit yn it westen, de Eastsibearyske See yn it easten. De Laptevsee is likernôch 672.000 kante kilometer grut. Hy is te befarren yn augustus en septimber.

Laptevsee
Laptevsee
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Noardlân, de
   Nijsibearyske Eilannen en
   it fêstelân fan Sibearje
lân Laptevsee Ruslân
koördinaten 76°16'07″NB, 125°38'23″EL
ûnderdiel fan Noardlike Iissee
sifers
maks. lingte 1.275 km
maks. breedte 985 km
oerflak 700.000 km²
djiptegemiddelde 578 m
djipste punt 3.385 m
wetterfolume 403.000 km³
In lânkaart fan de Laptevsee.
In lânkaart fan de Laptevsee.

De namme fan de see komt fan de Russyske ûntdekkingsreizgers Dmitry Laptev en Khariton Laptev. Earder hie de Laptevsee de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда), nei de ûntdekkingsreizger Adolf Erik Nordenskiöld.

Geografy

De grutste rivier dy’t yn de Laptevsee útkomt, is de Lena. Oare wichtige wetterleveransiers binne de Khatanga, de Anabar, de Olenyok, de Omoloy en de Yana.

De grutte baaien fan de see binne de Khatanga Baai, de Olenyok Baai, de Buor-Khaya Baai en de Yana Baai.

Skiednis

Iere ekspedysjes

Yakov Permyakov en Merkury Vagin ferkenden it eastlike part fan de Laptevsee yn 1712 en se ûntdutsen doe Bolshoy Lyakhovsky Eilân. Spitigernôch waarden Permyakov en Vagin op de weromreis fermoarde troch harren eigen bemanning, dy’t yn opstân kaam.

Yn 1735 sylde de Russyske ûntdekkingsreizger Vasili Pronchishchev fan Jakutsk de Lena bydel yn in sloep mei de namme Yakutsk. Hy ferkende de eastkust fan de Lena-delta en hold yn de winter ta oan de mûning fan de Olenyok. Spitigernôch kaam in grut part fan syn bemanning om it libben nei't se siik waarden, benammen troch skuorbot. Nettsjinsteande dy swierrichheden kaam er yn 1637 oan op de eastkust fan it Taymyr Skiereilân, wêrnei't er fierder by de kust lâns nei it noarden teach. Pronchishchev en syn frou Maria krigen ek skuorbot en kamen op harren wei werom om it libben.

Ûntdekkingsreizen fan de neven Laptev

Fan 1739 oant 1742 waard de Twadde Kamtsjatka Ekspedysje holden. Ien fan de minsken dy’t mei giene, wie Dmitry Laptev. Hy fear de kust del fan de mûning fan de rivier de Lena, lâns de Buor-Khaya Baai en de Yana Baai, nei de seestrjitte dy’t hjoed-de-dei syn namme draacht, de Dmitry Laptev Strjitte. In neef fan Dmitry Laptev wie ek mei, Khariton Laptev, dy’t de lieding hie oer in ekspedysje dy’t de kust fan it Taimyr Skiereilân ferkende en begûn by de mûning fan de Khatanga.

Yn 1892 oant 1894 en wer fan 1900 oant 1902 ferkende Freiherr von Toll (Baron Eduard Von Toll) de Laptevsee. Toll die geologysk en geografysk ûndersyk foar de Piterboarchske Akademy fan Wittenskippen. Yn syn lêste ekspedysje rekke Toll op frjemde wize wei by de Nij Sibearyske Eilannen.

Sovjettiid

Yn de tiid fan de Sovjet-Uny ûntstie der ekonomyske foarútgong trochdat iisbrekkers de Noardlike Seerûte frijmakken. It plak Tiksi krige in fleanfjild en Nordvik wie in havenplak dat flink groeie koe.

Nei it stilfallen fan de kommersjele skipfeart yn de Sovjet-Uny waard der kwealik fearn yn de Laptevsee. Allinnich fan Moermansk nei Dudinka yn it westen en fan Vladivostok nei Pevek yn it easten wurdt út en troch fearn.

Namme feroarings

De namme fan de Laptevsee is mear as ien kear feroare. Yn de 16e iuw stie dy bekend as de Tataresee (Russysk: Татарское мо́ре), yn de 17e iuw as Lenasaa (Russysk: Ленское мо́ре), yn de 18e iuw waard de namme Sibearyskesee (Russysk: Сибирское мо́ре) en yn de 19e iuw stie dy bekend as de Iissee (Russysk: Ледовитое мо́ре). Yn 1893 krige er de namme Nordenskjoldsee (Russysk: мо́ре Норденшельда) en yn 1913 de hjoeddeiske namme: Laptevsee.

De lêste omneaming komt foar it neiste fan de Russyske geograaf Yuly Shokalsky.

Tags:

Laptevsee GeografyLaptevsee SkiednisLaptevsee Namme feroaringsLaptevseeArktyske KaapArktyske OseaanAugustusBinnenseeEastsibearyske SeeKaraseeNijsibearyske EilannenNoardlân (arsjipel)RussyskSeptimberSibearjeSkiereilân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Treron aromaticusGenemuidenCees JongsmaSneinCarl Friedrich GaussUniversiteit fan OklahomaTongaSkyy BlackAugust StrindbergEala Frya FresenaGaya PatalSybren JansmaGrutte BrekkenReedriden op de Olympyske Winterspullen 1994HabytPearsJohann Jacob EngelYves BaillatMarijn KuipersRichard SchuilGloria SwansonList fan Belgyske keunstskildersGNU/FDLOflûken (seksualiteit)ISBNPriya PriceHeather LeeGraldaNoelle EastonBeand Baas en Smarige SkepSjongerPromoasjeSpûkferhaalWeblochInga RidereSean LawlessJohnny CashSwarte Mar (mar)Porsha Carrera14e iuwBoerûpappegaaidoGokkenBergen op SoomDoctor Zhivago (film)Sieds LyklesEreksjeReality Kings19 maaieLâningteCassidy BanksTiidsônes yn de Feriene SteatenGrafhorst (Nederlân)Sumatraanske pappegaaidoFegetarismeSkiednis fan Fryslân (wengebiet)FisigoatenCarolus LinnaeusMoriah MillsFriezenSensual JaneGryt van DuinenFlorespappegaaidoLeppeltsje-leppeltsjeRay LiottaWestslavyske talenPornografyNederlânskEjakulaasjeSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 1976MisjonarishâldingLykstivens1930Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2000🡆 More