Kor Onclin

Kor Onclin (Ljouwert, 4 desimber 1918 – Twello, 7 maart 2003) wie in Nederlânske keunstskilder yn de moderne keunst, út de twadde helte fan de tweintichste iuw.

Syn styl is ekspresjonistysk en besibbe oan Cobra.

Biografy

Kor Onclin waard berne yn Ljouwert. Syn mem hearde ta de feministes fan it earste oere. Syn heit wie binnenhûsdekorateur en musikus. Onclin folge in keunstoplieding oan de foarrinder fan de Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert.

Syn wurk waard koart foar de Twadde Wrâldoarloch eksposearre by Keunsthannel de Boer. Nei de Twadde Wrâldoarloch studearre Onclin ortopedagogyk en psychology. Oant 1978 wurke er yn De Haach as psychoterapeut en dosint op de Sosjale Akademy. Yn de jierren 70 eksposearre er yn ferskate galerys yn Nederlân.

Yn 1978 sette Onclin op Frankryk ta (Privas, Ardèche), om him folslein oan it skilderjen wije te kinnen. Nei 1981 eksposearre er benammen yn Frankryk. Syn wurk waard meardere kearen ûnderskiede. Sûnt midden jierren 80 eksposearre hy wer yn Nederlân.

Eksposysjes nei 2000

  • 2010: Museum Martena - Frjentsjer
  • 2008: L'Echo du Passé Présent, Château de La Voûlte - Ardèche/Frankryk
  • 2007: Kor Onclin, Galery BAS - Snits
  • 2006: Gemeente Voorst, Gemeentehûs Twello
  • 2005: Galery Aquarius Art - Klarenbeek
  • 2003: hommage-tentoanstelling Kor Onclin, It Frysk Skildershûs - Ljouwert
  • 2002: hommage-eksposysje Galery Vlasblom - Arnhim
  • 2002: hommage-eksposysje Galery Espace Envol - Privas/Ardèche, Frankryk
  • 2001: oersjochstentoanstelling Gerjochtsgebou Rotterdam
  • 2001: Galery Vlasblom - Arnhim
  • 2001: invité d'honneur 59e Salon d'Automne - Privas
  • 2001: eksposysje 'Village-Café' - Flaviac/Ardèche
  • 2001: invité d'honneur Exposition Internationale d'Art Abstrait 'Métamorphose'- Château de la Voûlte/Ardèche
  • 2000: 'Leeuwarden in Perspectief' - Simmer 2000; eksposysje Fryske Akademy - Ljouwert

Prizen

  • Arles 1983, Grand Prix International
  • Aix-en-Provence 1983, 1er prix Fantastique
  • Avignon 1984, Prix Visages du XXieme Siècle (keunsttydskrift)
  • Barcelona (Spanje) 1984, 1er Prix Abstrait
  • Aix-en-Provence 1984, Prix la Côte des Arts (keunsttydskrift)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Lynes Avezard et al. Kor Onclin, Couleurs d'emerveillement/Kleuren fan ferwûndering. Privas, 1998.

Tags:

Kor Onclin BiografyKor Onclin Eksposysjes nei 2000Kor Onclin PrizenKor Onclin191820034 desimber7 maartEkspresjonismeKeunstskilderLjouwert (stêd)Moderne keunst

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PrêrjewolfManedoRachel Aziani24 aprilTer AardLos AngelesWikipediaOseaanTambora9 juny2000LiifmoerGina GersonFryske gemeentenBeierenKroandowenJoyce OliveiraGrykskArmie FieldSekshâlding5 oktoberOarlochsmisdieUnbreakable (film)Omnibus (boek)PornografyIan Kershaw2001DriuwdongPolitykNijs17699 maartRae Lil BlackSkaai (taksonomy)De Holder (literêr tydskrift)Mya NicholeHeather Lee2009Ferstjerren5 desimberBachreinPlantenHaadsideBelestingBommesmiterDampkringUnderwiisISSNLeppeltsje-leppeltsjeMarianna MadiaEtiopyske kalinderAnne Tjerk PopkemaSavana GingerBesibskipLexxxi LockhartOlaf ScholzAsia (pornografysk aktrise)5 augustusAubrey KateGrutte Heitelânske KriichEastenrykMullumTony van der MeulenIngelumBurgum🡆 More