Kolomenskoje (Russysk: Коло́менское) wie foarhinne in keninklik lângoed, dat op inkele kilometers súdeastlik fan it sintrum fan de Russyske haadstêd Moskou leit.
It lângoed is 390 hektare grut en leit oan de âlde wei nei Kolomna (fandêr de namme). It gebiet waard yn de jierren 1960 by de haadstêd yndield.
De namme Kolomenskoje waard foar it earst neamd yn in testamint fan Ivan Kalita. Yn de rin fan de tiid ûntjoech it doarp him ta it lângoed dat it meast yn de geunst stie by de Moskovityske foarsten.
It earste noch besteande bouwurk wie de Himelfearttsjerke út 1532. De fan wite stien boude tsjerke waard boud ta oantinken fan de langferwachte berte fan in erfgenaam fan de troan, de takomstige tsaar Ivan de Ferskriklike. It wie de earste stiennen tsjerke yn de foarm fan in tinte en de bou markearre in spektakulêre ûnderbrekking fan de tradisjonele byzantynske tradysje yn de arsjitektuer. De Himelfearttsjerke wurdt fanwegen de fertikale foarmjouwing bytiden ek wol "Wite Pylder" neamd. It nei de himel wizende bouwurk bestiet út in krúsfoarmige basis, folge troch in lange jimmeroan smeller wurdende achtkante konstruksje en in achtkantige tinte, dy't bekroand wurdt mei in lytse koepel. De smelle pilasters op de sydkanten, de pylkfoarmige ramen en de trije rigen kokosjniki, it lykwichtige ritme fan de treppenarkaden en de iepen galerijen aksintuearje de dynamyske beweging fan dit masterwurk fan Russyske arsjitektuer. Fanwegen de grutte wearde foar it minskdom besleat UNESCO om de tsjerke op de Wrâlderfgoedlist yn 1994 yn te skriuwen.
Tsaar Aleksej I liet alle eardere bouwurken yn Kolomenskoje ôfbrekke en ferfange troch in grut houten paleis mei mearke-eftige dakken. Guon bûtenlanners neamden dizze tizeboel fan yngewikkelde gongen en 250 keamers it achtste wrâldwûnder. Alhoewol't it allinnich in simmerpaleis wie, wie it foar tsaar Aleksej de favorite residinsje. Yn it paleis waard yn 1709 de takomstige tsarina Elizabeth berne en tsaar Peter de Grutte brocht hjir in grut part fan syn jonkheid troch. Mei de ferhuzing fan it hôf nei Sint-Petersburch rekke it paleis yn it neigean en Katarina II wegere noch langer it gebou te brûken as har ferbliuw yn Moskou. Hja joech de opdracht it paleis yn 1768 ôf te brekken en it te ferfangen troch in ienfâldiger stiennen bouwurk. Krekte tekeningen fan it houten paleis bleaunen lykwols bewarre en in rekonstruksje yn opdracht fan de Moskouse oerheid waard yn 2010 foltôge. It rekonstruearre paleis stiet likernôch 1 kilometer súdliker fan de orizjinele lokaasje by de Himelfearttsjerke om sa de histoaryke fûneminten te sparjen. It paleis fan Katarina de Grutte út 1768 waard yn 1872 ôfbrutsen en allinnich de Kazantsjerke (1662), inkelde poarten en bygebouwen bleaunen dêrfan bewarre.
Tidens it Sovjet-tiidrek waarden der op inisjatyf fan de arsjitekt Pjotr Baranovsky út ferskate dielen fan de Sovjet-Uny houten gebouwen oerbrocht nei Kolomenskoje, sadat der tsjintwurdich ferskillen bouwurken út benammen de 17e iuw te sjen binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Kolomenskoje, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.