Kollumerlânsk

It Kollumerlânsk is de foarm fan it Westerkertiersk, in Nedersaksysk Grinslânsk dialekt, sa't dat sprutsen wurdt yn it easten fan 'e Fryske gemeente Kollumerlân, yn 'e doarpen Boerum, Muntsjesyl en Warfstermûne.

Neffens in rûzing út 2003 waard it doe noch praat troch likernôch 500 minsken, dêr't de measten fan ta de âlderein hearden. It sprekkerstal nimt dan ek ôf.

Kollumerlânsk
algemien
eigen namme Kollumerlands
lânseigen yn Kollumerlânsk Nederlân
tal sprekkers 500 (2003)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nedersaksysk
            ● Westnedersaksysk
              ● Noardsaksysk
                ● Grinslânsk
                  ● Westerkertiersk
                    ● Kollumerlânsk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Kollumerlânsk Nederlân:
  ● Kollumerlânsk Fryslân (as streektaal)
Kollumerlânsk
De lokaasje fan it Kollumerlânsk (read) yn it gruttere Nedersaksyske taalgebiet (ljochtgriis).

Kollumerlânsk, Kollumersk en Kollumerpompstersk

It Kollumerlânsk moat net betize wurde mei it Pompstersk, in Nedersaksysk oergongsdialekt tusken it Frysk en it Westerkertiersk, dat sprutsen wurdt yn it doarp Kollumerpomp, noch mei it Kollumersk, dat in Stedsk dialekt is dat sprutsen wurdt yn it doarp Kollum.

Karakteristiken

It Kollumerlânsk is de uterste westlike fariant fan it Grinslânsk, en hoewol't it grif in beskate ynfloed fan it Frysk ûndergien hat, is it noch dúdlik in Nedersaksyske taalfariant. Dat yn tsjinstelling ta it oanbuorjende Pompstersk, dat in oergongsfoarm tusken it Wâldfrysk en it Nedersaksysk is. Hoewol't ek it Pompstersk ta it Nedersaksysk rekkene wurdt, is de Fryske ynfloed yn dat dialekt folle dúdliker oanwêzich. Dy ynfloed uteret him bygelyks yn 'e g, dy't yn it Pompstersk útsprutsen wurdt as de hurde Fryske [ɡ] fan 'gat', wylst men yn 'e Kollumerlânsktalige doarpen Boerum, Muntsjesyl en Warfstermûne de 'g' op 'e Nedersaksyske manear as [x] of [ɣ] útsprekt (lykas yn 'berch', resp. 'brêge').

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)

Tags:

2003BoerumDialektFryslânGemeente (bestjoer)GrinslânskKollumerlânMuntsjesylNedersaksyskWarfstermûneWesterkertiersk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BûkarestBehaJerine FleurkeRugby op de Paralympyske SimmerspullenDaisy SummersOmgong fan Itaalje 1987Noard-FryslânCarl Friedrich GaussHein OtterspeerGroepseksHeather LeeSpûkferhaalKoji SasakiJ.A. Bruins jr.Boete (jildstraf)Skiednis fan Fryslân (wengebiet)WalkuereFatikaanstêdOflûken (seksualiteit)Josy BlackSeksuele penetraasjeJoop den UylSilkeborg (gemeente)Cees JongsmaChe GuevaraJob CohenAileene DacostaEala Frya FresenaWalter BenjaminNoarwegenSwartewetterskleasterStoomgemaal MastenbroekPornografysk aktriseMichel PenséeCircuito de JerezPornoakteurGrimalkin (mytysk wêzen)Penric's FoxJ. MacGrut-LondenDoctor Zhivago (film)RagenfridRichard SchuilGenèveList fan planetoïden 58501-58600WikipedyArmie FieldMick Jagger1944Pake en beppeClaudia CardinaleRosamund PikeLimaBergen op SoomFrankrykNeakenensSpanjeTearnsList fan Romeinske keizersJohnny Cash🡆 More