Kleaster fan de Berte fan Us Leaffrou (Zadonsk)

It Kleaster fan de Berte fan Us Leaffrou fan Zadonsk (Задонский Рождество-Богородицкий монастырь; Zadonski Pozjdestvo-Bogoroditski monastir) is in otterdoks kleaster foar manlju, dat yn it begjin fan de 17e iuw stifte waard yn Zadonsk, in stêd yn de Lipetsk, Ruslân.

Kleaster fan Zadonsk

Задонский монастырь

Монастырь Задонский Богородицкий Задонск.jpg
lokaasje
lânFlag of Russia.svg Ruslân
oblastFlag of Lipetsk Oblast.svg Lipetsk
plakFlag of Zadonsk (Lipetsk oblast).png Zadonsk
koördinaten52° 23' N 38° 55' E
bysûnderheden
type bouwurkKleaster
boujierStifting: 17e iuw;
bou katedraal: 1845-1853
oare gebouwen: 19e iuw
monumintale statusKultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer4810023000
websidezadonsk-monastyr.ru

Skiednis

Yn 1610 kamen twa fromme muontsen Gerazim en Syril fan it Stretenski-kleaster út Moskou nei it hjoeddeiske Zadonsk mei in ikoan fan Us Leaffrou fan Vladimir om op dit plak oan de kant fan de Don in kleaster op te stiftsjen. Hja bouden hjir yn 1630 in oan de Jongfaam Marije wijde tsjerke, itjinge it begjin markearre fan in kleaster dat him ta ien fan de meast wichtige kleasters fan it lân ûntjaan soe. By it kleaster ûntstie de delsetting Tesjtsjevka, dat yn 1799 omdoopt waard yn Zadonsk.

In brân yn 1692 ferneatige it kleaster folslein. Allinnich it ikoan bleau fan it kleaster oer en dat krige dêrmei de namme wûnderdiedich te wêzen. Al gau kamen der pylgers nei it ikoan en mei it jild dat de pylgers meibrochten koe it kleaster wer op 'e nij boud wurde.

 
Byld fan de Hillige Tichon foar de Vladimirkatedraal

It kleaster krige noch mear namme troch't biskop Tichon hjir oant syn dea yn 1753 wenne. De biskop hie in reputaasje foar syn bysûndere jeften en wie in geweldich preker. It belang fan it kleaster naam fierder ta, doe't der yn de jierren 1830-1831 yn 'e omkriten fan Zadonsk in goalera-epidemy hearske, sûnder dat der in ynwenner fan it kleaster siik waard.

Yn 1839 foel it beslút om de âlde houten katedraal fan it kleaster te ferfangen troch in nije Vladimirkatedraal (Собор Сретения Иконы Божией Матери Владимирская). Konstantin Thon (dy't ek tekene foar de Kristus de Ferlosserkatedraal yn Moskou) liet yn de jierren 1845-1853 de hjoeddeiske Vladimirkatedraal bouwe. De trije ferdjippings tellende tsjerke krige trije tagongen, in sintrale koepel en fjouwer tamboeren dy't krusen droegen fan diels suver goud. It beslach fan it wûnderdiedige Vladimir-ikoan krige in dekoraasje fan goud en sulver mei parels en djoere stiennen. Neffens de tradysje yn it otterdokske leauwe bleau Zadonsk yn juny 1861 en augustus 1869 foar in allesferneatigjende brân bewarre, nei't it ikoan nei de brânkearn brocht waard en dêr by in gebedstjinst it fjoer dôve.

Under de ôfbraak fan de âlde houten Vladimirtsjerke waard it grêf fan biskop Tichon iepene. It die bliken dat it lichem fan de muonts nei 63 jier yn in dampige romte net fergien wie. It lichem waard oerbrocht nei in oar grêf en it foarfal waard rapportearre oan de Hillige Synoade. Mei in dekreet fan tsaar Nikolaas I waard it kleaster klassifisearre yn de heechste rangoarde fan Russyske kleasters. Op 13 augustus 1861 folge de hillichferklearing fan Tichon, in feest dat hûnderttûzenen pylgers luts. →Oan it begjin fan de 20e iuw hie it kleaster fan Zadonsk him ûntwikkele ta hast in stêd mei seis tsjerken, klokketuorren, in sikehûs, in apoteek, twa fabriken foar de produksje fan bakstiennen, in kjersefabryk en in skoalle.

It kleaster yn de Sovjet-tiid

Nei de Oktoberrevolúsje hie it kleaster slim te lijen ûnder de ferfolging fan de ateïsten. Yn it ramt fan de nasjonale ûnthilliging en plonderling fan de reliken fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke waard it kleaster yn maart 1919 twongen de skryn mei de reliken fan Tichon te iepenjen en oer te dragen oan de bolsjewistyske autoriteiten, dy't de reliken earst oan in lokaal museum oerdroech en letter nei Jelets resp. Orjol oerbrochten. Yn 1929 waarden muontsen arrestearre en deportearre, oaren waarden út it kleaster ferballe en it kleaster alhiel sluten. De eigners dy't it kleaster dêrnei besetten makken dat de gebouwen letter hast net mear te werom te kennen wiene. De gebouwen diene tsjinst as in ferpleechynrjochting, in weeshûs en letter yn de jierren 1960-1970 as konservenfabryk.

De renêssânse fan it kleaster

De renêssânse fan it kleaster sette yn 1988 útein mei de renovaasje fan de Vladimirkatedraal. Yn 1990 krigen de earste bewenners fan it takomstige kleaster in pear romten. Ek de katedraal waard oan de Tsjerke werom jûn. It hiele kompleks is sûnt 2003 wer yn besit fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.[1]

Trivia

De Bank fan Ruslân joech op 1 septimber 2008 in sulveren munt út mei de ôfbylding fan de katedraal fan it kleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: