Klaas Plantinga

Klaas Pieter Plantinga (Huzum, 2 juny 1846 - Boalsert, 17 july 1922) wie in distillateur en de oprjochter fan de Plantinga distillearderij yn Boalsert yn 1870.

Klaas Plantinga
Klaas Pieter Plantinga

De Plantinga distillearderij

Ynearsten lei Plantinga him fral ta op it meitsjen fan in eigen fariant fan Bearenburch, in pleatslik populêre drank dy't goed wêze soe tsjin gryp en ferkâldenens. Yn Boalsert en omkriten waard it "in KP-tsje" neamd.

Plantinga's soan Gerrit Herman (9 jannewaris 1876 - 30 novimber 1962) kaam 29 septimber 1900 by it bedriuw, dat doe "K. Plantinga & Zoon, Distilleerderij 2e Klasse" waard. Op 8 oktober 1910 kaam ien fan Klaas syn oare soannen, Sicco, derby. Klaas sels hâlde der doe mei op. It bedriuw ymportearre rillegau dêrnei ek ferskate winen en sterke drank, mar makke it lêste sels ek. Gerrit Herman's twadde soan, Louwrens Baltus (5 oktober 1902 - 2 juny 1993) kaam op 14 july 1920 by de saak. Hy organisearre in ferkeapnetwurk bûten Boalsert. Louwrens Baltus is de man waans hantekening op benei alle Plantinga produkten (útsein, nuver genôch, Beerenburch) kaam te stean.

    Lokaasjes

De Plantinga distillearderij en sliterij wie festige oan de Dijkstraat 7 yn Boalsert. De húshâlding wenne boppe de saak. Yn 1900 krige it bedriuw ek pânen oan it Grootzand, nûmer 6 en 7. De huzen wienen mei in besletten tún ferbûn oan de Dijkstraat 7-lokaasje. Yn 1901 ferhuzen Klaas en Ytsje nei in grutter gebou oan de Stoombootkade 2. Tsjin 1924 hie de distillearderij noch in lokaasje oan 't Laag 42-44.

Keppeling om utens

Tags:

17 july1846187019222 junyBoalsert (stêd)Huzum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Krusing (fuortplanting)Maas1952Sensual Jane19 aprilAccraLoftmachtKanadaNeakenmodelBoek13 maartJezabel Vessir13 junyCarles Puigdemont14311946EnsyklopedyTechnologyHadrianusFingerjenAntysemitisme120018 febrewarisSûchdierenSkrillerSneonCandy MansonGoud29 maartSkoanfamyljeFloaridaBefallingJade KushTon BaasDaphne Rosen800SkriuwerItaaljeWeblochMisjonarishâldingOeriselFeriene KeninkrykKosmetikaHKalifornjeHans Vredeman de VriesYndustriële RevolúsjekuiersportKeninkryk Grut-BrittanjeFaginaBachelortitel16 aprilSatireMinsklike seksuele aktiviteitJaylene RioFlechtleaze fûgelGrutte pappegaaidoBiskopItaljaanskFotosyntezeLouis Pasteur19271 jannewaris22 aprilSjapoer IWebsideKeatsenEster (skiekunde)Sarah YoungSeksuele opwiningRoomsk-Katolike TsjerkeRuslân1996Falom🡆 More