Drugsbaron Klaas Bruinsma

Klaas Bruinsma (6 oktober 1953, Amsterdam - 27 juny 1991, Amsterdam) wie in Nederlânske drugsbaron.

Opkomst

Klaas Bruinsma wie in soan fan Anton Bruinsma, direkteur fan it Raakfabryk. Op de middelbere skoalle begûn er drugs te brûken en te ferhanneljen, en dy hannel naam hieltyd gruttere foarmen oan. Yn 1976 en yn 1979 waard er foar drugshannel feroardiele, mar nei eltse finzenisstraf wreide er syn organisaasje fierder út. Yn Belgje waard er yn 1979 ek, by ôfwêzigens, feroardiele, ta fiif jier, mar dy hat er nea útsitten. Nei't er yn 1983 yn in fjoergefjocht immen dea skeat, siet er trije jier yn de finzenis. Doe't er dêr útkaam wreide er syn organisaasje ek noch út nei de gokautomatebrânzje.

Undergong

Op de ein fan de tachtiger jierren wie Bruinsma nei alle gedachten de grutste drugshanneler fan Jeropa. Mar nei't de plysje 45 ton hasj fan him yn beslach naam hie gong it minder. Hy begûn kokaïne te brûken, en hy rekke de lieding fan syn organisaasje kwyt. Op 27 juny 1991 waard er nachts deasketten foar it Hilton Hotel yn Amsterdam. De reden is nea wis wurden.

Biografy

Yn 1992 kaam fan kranteman Bart Middelburg in biografy fan Bruinsma út: De Dominee. Opkomst en ondergang van mafiabaas Klaas Bruinsma (De dûmny. Opkomst en ûndergong fan mafiabaas Klaas Bruinsma). Op 2 septimber 2004 wie de premjêre fan de film De Dominee (De Dûmny), ynspirearre troch it boek. "De dûmny" wie in bynamme foar Bruinsma, dy't foar oanwensten hie swarte klean oan te hawwen, boeken oan te heljen en oaren it leksum te lêzen.

Mabel Wisse Smit

Yn syn lêste jierren hat Mabel Wisse Smit, dy't earder nei de selde skoalle gie as Charlie Bruinsma, it neefke ta Klaas, kontakt hân mei Klaas Bruinsma. Doe't prins Friso en sy harren oan inoar ferseinen, hie sy sein dat Klaas Bruinsma net mear as in kunde west hie. Mar doe letter troch tsjûgeferklearings bliken die dat Bruinsma en sy langer en mear befreone west hienen at se sein hie, wie dat foar it regear oanlieding om gjin tastimming foar it boask te jaan. Dit hat ta gefolch hân, dat Prins Friso sûnt harren boask gjin lid fan it Keningshûs mear is.

Tags:

Drugsbaron Klaas Bruinsma OpkomstDrugsbaron Klaas Bruinsma UndergongDrugsbaron Klaas Bruinsma BiografyDrugsbaron Klaas Bruinsma Mabel Wisse SmitDrugsbaron Klaas Bruinsma1953199127 juny6 oktoberAmsterdamNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sarah YoungFresia (midsiuwen)Sensual JaneSkiednis fan de provinsje FryslânAtom Heart MotherWestlike rotsmûsErika BellaAkkrumFreeska Landriucht1862Caloenas nicobaricaTiidsôneHeipealhâldingMullumYves BaillatInstitut polytechnique de ParisZGeslachtsmienskipDrintePornhubBrune lemmingMense RuiterAngelsaksyske AmerikanenEAudree JaymesPenisPraachArnon GrunbergFerdjippingVictoria JuneBrazzersWaskbearKlone (band)Stedhûs fan BoalsertWeenske oesterBou (lânbou)KryptogramSierra LeöaneNynke HeegCarla de WalMidnight (projekt)Marijn KuipersMediaWikiSkiednis fan FryslânISBNKoördinearre WrâldtiidMarilyn CrystalFryskPornofilmKoöperaasjeVladimir Solovjov (filosoof)Grutte grize fûgelStimakteurSymboalJoyce OliveiraKanieldoEkshibisjonismeUtert (provinsje)ElektronPinsjoenVanessa SkySúd-KoreäAshley OceanReadboarstkroandoDjakartaFêreu-eilannen🡆 More