De Keninklike Loftfeart Maatskippij (Koninklijke Luchtvaart Maatschappij; KLM, Ingelsk: KLM Royal Dutch Airlines) is de nasjonale loftfeartmaatskippij en de op twa nei grutste wurkjouwer fan Nederlân.
De lofthaven Skiphol by Amsterdam is de thúshaven fan de KLM. KLM ûnderhâldt flechten oer de heile wrâld en is de kearn fan de KLM Groep, dêr't ek KLM Cityhopper, Martinair en transavia diel fan binne. KLM is yn 2004 fusearre mei Air France ta de holding Air France-KLM. Under de holding binne KLM en Air France beide warber as netwurkmaatskippij. KLM hellet syn omset út trije kearnaktiviteiten: ferfier fan passazjiers, frachtferfier en fleantúchûnderhâld.
Fan de âlde Boeing 747-300-tastellen, dy't yn 2003 ferfongen waarden, waard de PH-BUK ''Louis Blériot'' op Skiphol-East út elkoar helle en dêrnei nei Lelystêd brocht om yn it Aviodrome útstald te wurden.
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Keninklike Loftfeart Maatskippij, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.