Joseph Fourier

Jean-Baptiste Joseph Fourier (Auxerre, 21 maart 1768 – Parys, 16 maaie 1830) wie in Frânsk wis- en natuerkundige.

Hy is benammen bekend wurden troch de Fourieranalyze en de Fouriertransformaasje, dy't nei him neamd binne. Ek nei him neamd binne it getal fan Fourier en de Wet fan Fourier.

Joseph Fourier
Joseph Fourier

Yn 1817 waard Joseph Fourier lid fan de Paryske Académie des Sciences - hy wie it jier dêrfoar ek al ris ta lid keazen, mar de kening hie dêr die syn feto oer útsprutsen. Fan doe ôf wie syn wittenskiplike karriêre ferzekere. Yn 1822 waard hy fêste sekretaris fan de Académie des Sciences en dêrmei de meast ynfloedrike wittenskipper fan Frankryk. Fjouwer jier letter waard hy ek noch lid fan de Académie Française. Hy is ien fan de 72 Frânsen waans nammen op de Eiffeltoer gravearre steane.

Wurken

Yn 1822 publisearre Fourier syn waarmteteory, Théorie analytique de la chaleur, wêryn hy him basearre op Newtons wet fan it ôfuoljen, dy't stelt dat de waarmtestroomtichtheid troch gelieding proporsjoneel is mei de temperatuargradiïnt. Fourier ûntwikkele yn dit wurk ek in wichtich wiskundich idee: nammentlik dat alle funksjes fan in fariabele, oft se no kontinu of diskontinu binne, skreaun wurde kine as in som fan in rige fan sinussen fan dizze fariabele mei in grûnfrekwinsje en mei meartallen fan dy grûnfrekwinsje. Dat kloppet net hielendal; letter binne beperkjende betingsten troch de Dútske wiskundige Dirichlet formulearre, mar de nei him neamde Fourieranalyse is no standertark yn de sinjaalanalyze, wêryn it 'tiiddomein' en it 'frekwinsjedomein' as twa kanten fan deselde medalje beskôge wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

16 maaie1768183021 maartFrankrykNatuerkundigeParysWiskundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Persia MonirTony BeetsTsjechjeEgypteLucy LawlessDef RhymzEtiopysk-Otterdokse TsjerkeShalina DevineSûmearjeSicario (film út 2015)PalermoLudwig van BeethovenList fan planetoïden 5001-6000HilligeRhylee RichardsTeanYnternetSlotJudeä (Romeinske provinsje)Ferkundigingskatedraal (Kazan)Clara TrinityLegaatGregoriaanske kalinderNederlânIranSúd-AmearikaTelefyzjeJeropeeske UnyHurdegarypster OpfeartSKommunistysk ManifestFritz WepperFrânskBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)Oflûken (seksualiteit)RadioAbdij fan CorveyMeksikoRunenThe New York TimesPoalsk-Russyske Oarloch (1919-1921)Vladimir PûtinJ. MacDronrypNeakenfotografyVanessa SkyArwen GoldSarah YoungMozilla FirefoxRoarikGNU/FDLFaginaFellatioLuna SilverPinsjoenTasitus (skriuwer)1945Stille Brânnettel14 julyISBNMidslânskLavish StylesNikolo-Korelski kleaster🡆 More