John Bonham

John Henry Bonham (Redditch Worcestershire, 31 maaie 1948 - Clewer Berkshire, 25 septimber 1980) wie in Ingelsk drummer.

Hy waard bekend as de drummer fan Led Zeppelin. Bonham waard postúm mei syn mei-bandleden fan Led Zeppelin yn 1995 opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame. John Bonham is de heit van drummer Jason Bonham.

John Bonham
John Bonham sjonger en/of muzikant
John Bonham yn 1975
John Bonham yn 1975
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Henry Bonham
nasjonaliteit John Bonham Britsk
berne 31 maaie 1948
berteplak Redditch
stoarn 25 septimber 1980
stjerplak Clewer
etnisiteit John Bonham Ingelsk
wurkpaad
sjenre Hardrock,
Rock,
Blues
ynstrumint Drums
grutste hit(s) Stairway to Heaven,
Whole Lotta Love
jierren aktyf 1964 - 1980

Karriêre

John Bonham krige, doe't er tsien jier âld wie, fan syn mem in lytse trommel. Op syn 15e krige er fan syn heit syn earste drumstel. Nei't er skoalle ferlitten hie, begûn er yn 1964 yn syn earste band mei Terry Web and The Spiders. Ek drumde hy foar inkelde oare lokale bands. Doe't er letter besleat fulltime drummer te wurden, sleat er him oan by in band mei de namme A Way of Life, mar dy band hold al gau op en Bonham waard dêrnei drummer by de bluesband, Crawling King Snakes mei ûnder oare sjonger Robert Plant. Yn 1967 waard er frege werom te kommen yn it op 'e nij oprjochte A Way of Life. Yn de perioade by de band dy't dêrop folge bleau hy kontakt hâlden mei Robert Plant. Doe't Plant de band Band of Joy oprjochte, wie John Bonham dan ek de earste kar. Dy band hold it lykwols ek net lang út.

Led Zeppelin

Doe't Jimmy Page in nije band begjinne woe nei it útinoar fallen fan The Yardbirds kaam hy fia Terry Reid telâne by Robert Plant dy't dêrnei Bonham oan Page foarstelde as drummer. Mei de komst fan Bonham yn 1968 einige de syktocht fan Jimmy Page nei in drummer foar syn nije band; The New Yardbirds, wêrfan't de namme letter feroare yn Led Zeppelin. Mei Led Zeppelin hat Bonham acht studioalbums útbrocht.

Priveelibben

Bonham waard berne yn Redditch, Worcestershire, Grut Brittanje as de âldste yn in gesin fan trije. Syn broer Mick Bonham wie diskjockey en syn suske Deborah Bonham is sjongeres. Bonham wie boaske mei Pat Phillips en it pear krige twa bêrn. John Bonham ferstoar op 25 septimber 1980 nei't er ien liter wodka dronken hie, en doe't er dêrnei syn eigen spui ynazeme hie, late dat ta in longoedeem. Trije moanne nei it ferstjerren fan Bonham makken de trije oerbleaune bandleden fan Led Zeppelin bekend op te hâlden mei de band.

Diskografy

John Bonham 
monumint yn Redditch ta neitins oan John Bonham

Albums

Album Utbrocht op Band Single(s)
Led Zeppelin 12 jannewaris 1969 Led Zeppelin Good Times Bad Times
Led Zeppelin II 22 oktober 1969 Whole Lotta Love
Led Zeppelin III 5 oktober 1970 Immigrant Song
Sûnder titel
Led Zeppelin IV
8 novimber 1971 Black Dog,
Rock and Roll
Houses of the Holy 28 maart 1973 Over the Hills and Far Away,
D'yer Mak'er"
Physical Graffiti 24 febrewaris 1975 Trampled Under Foot
Presence 31 maart 1976 Candy Store Rock
In Through the Out Door 15 augustus 1979 Fool in the Rain

Tags:

John Bonham KarriêreJohn Bonham PriveelibbenJohn Bonham DiskografyJohn Bonham19481980199525 septimber31 maaieBerkshireDrummerIngelânLed Zeppelin (band)Worcestershire

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Brezjnev-doktrineMoriah Mills18 novimberGeslacht (sekse)Keizerlike Japanske MarineMicrosoft WindowsPriya PriceÛntslachKnivskjelloddenThe New York TimesMay ThaiDef RhymzKateftigenArgentynjeInes RidereSinaOekraïneStasjon It Hearrenfean IisstadionSovjet-UnyDûsjanbeFritz Wepper1946LybjeBruorren GrimmDanijel DizdarevicGolf fan RigaPoëzySingapoerHelpOnno FalkenaMarije CornelissenGrins (stêd)TsjoenderijKûl Sjarif-moskeeAbdij fan CorveyDôve BrânnettelSanta Ana (Kalifornje)Bob DylanFenloRoemeenjeList fan sterke tiidwurden yn it FryskTeanMinskeHêgelânspoarSinnestelselFrancesca PetitjeanDurrësSalisbury (Ingelân)JeropaTailânKeizer13 febrewarisStút (lichemsdiel)Anton WachterpriisRuslânJoost van den VondelFerkundigingskatedraal (Kazan)MLexi DiamondJulie SkyhighLeafde2000-er jierrenKanonike evangeeljesAmmoniakNâleGeslachtsmienskipBrún sâneachje🡆 More