Keatser Johannes Brandsma

Johannes Gerrit Brandsma (Seisbierrum, 23 oktober 1957 - Achlum, 31 maart 2023), ek wol De Brand neamd, wie in âld-topkeatser dy't sawol yn it Frysk spul as it peloaten syn spoaren fertsjinne hat.

Nei syn aktive sportkarriêre makke Brandsma namme as trainer en coach.

Johannes Brandsma
Keatser Johannes Brandsma keatser
persoanlike bysûnderheden
echte namme Johannes Gerrit Brandsma
bynamme De Brand
nasjonaliteit Keatser Johannes Brandsma Nederlânsk
bertedatum 23 oktober 1957
berteplak Seisbierrum
stjerdatum 31 maart 2023
stjerplak Achlum
etnisiteit Keatser Johannes Brandsma Frysk
sportive ynfo
sport Keatsen,
peloaten
PC 1982,
1983
1987,
1988
debút 1977
karriêre-ein 1990

Punteklassemint

Yn de 12 jier dat hy aktyf wie yn de haadklasse fan de KNKB keatse hy 659 klassemintpunten byinoar: hy keatste 216 finales, wêrfan hy 157 winnend wist ôf te sluten en helle nochris 68 lytse premys. Brandsma waard mar leafst 57 kear ta kening útroppen. De Brand wie seis kear klassemintswinner, yn 1982 mei in rekôr puntetal fan 98. Ek it tal oerwinnings wie dat jier heger as ea in oare keatser helle hie: 29. Beide rekôrs binne sûnt dy tiid noch net brutsen.

Ferrin keatskarriêre

Brandsma makke syn entree yn de haadklasse yn 1977. Syn suksesfolste jierren wiene 1982 em 1983 doe't er mei Piet Jetze Faber en Sake Saakstra in suver net te ferslaan partoer foarme. Brandsma hat syn karriêre yn it Frysk spul yn 1985 en 1986 ûnderbrutsen foar in Belgysk aventoer by it peloteteam fan Braine-le-Compte. Yn 1990 kaam Brandsma foar it lêst út yn de haadklasse en keatste dêrnei noch 4 jier yn Belgje.

De PC

De PC waard troch Brandsma 4 kear wûn: yn 1982 en 1983 as efterynse mei Sake Saakstra en Piet Jetze Faber en yn 1987 en 1988 as foarynse mei Peter Rinia en Tunno Schurer.

Oare klassikers

Oare klassikers dy't Johannes Brandsma op syn earelist stean hat binne de Bûnspartij (2x), de Jong Nederlânpartij (2x), de Rengersdei (6x) de Aldehoupartij (3x) en de Van Aismadagen (3x).

Johannes Brandsma ferstoar yn 'e nacht fan 30 op 31 maart 2023, yn 'e aldens fan 65 jier, nei in koart siik wêzen

Literatuer


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Keatser Johannes Brandsma PunteklassemintKeatser Johannes Brandsma Ferrin keatskarriêreKeatser Johannes Brandsma De PCKeatser Johannes Brandsma Oare klassikersKeatser Johannes Brandsma LiteratuerKeatser Johannes Brandsma1957202323 oktober31 maartAchlumJeu de PeloteKeatsenSeisbierrum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

IngelskLetlânBefalling1431UraniumFideoBachelortitelJacht (aktiviteit)MoleList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânDaphne RosenKultuer1956Flechtleaze fûgelJapanTechnology28 novimberSeksuele penetraasjeHeather LeeAzerbeidzjaanskNeolitikumIranPearsJohn de MolRidelWikipedyDûbaiFeriene Arabyske EmiratenMagyHardenbergSûmbapappegaaidoKatolisismeWurdlid9 septimberBarcelonaGedachtestreekjeFal fan it Westromeinske Ryk2020SokratesLoftmachtOrganisearre misdieJade KushSalomonseilannenIslamismeRedbadSibling6 augustusMisjonarishâldingPlysjeSeksuele stimulaasjeFryske talenJapansk1901East-JeropaTermodynamika2007BalletTongaGeslachtsmienskipDedemsvaart (doarp)ArûbaEkshibisjonisme5 maaieFleanboatTehmeena Afzal1954SeksSoarte18 febrewarisSekonde🡆 More