Jelena Grigorjeva (Russysk: Елена Григорева; Ruslân, 1978 – Sint-Petersburch, 21 july 2019) wie in Russysk minskerjochte-aktiviste, dy't har ynsette foar de lykberjochtiging fan homoseksuëlen en lesbiënnes yn 'e Russyske Federaasje.
Se kante har ek iepentlik oan 'e ûnrjochtlike en al sûnt 2014 oanhâldende Russyske besetting fan de Krim, in gebiet dat ta de Oekraïne heart.
Jelena Grigorjeva | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jelena Grigorjeva | |
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | 1978 | |
berteplak | ? (Ruslân) | |
stoarn | 21 july 2019 | |
stjerplak | Sint-Petersburch (Ruslân) | |
etnisiteit | Russysk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | homorjochte-aktiviste |
Grigorjeva waard yn july 2019 yn har wenplak Sint-Petersburch troch ien of mear ûnbekenden fermoarde. Se kaam om it libben troch stekwûnen en wjirging. Al har kontaktgegevens wiene begjin july iepenbier makke op 'e webside fan in Russyske groep dy't himsels 'Saw' neamde, nei de bekende Amerikaanske horrorfilmsearje. De leden fan dy organisaasje fiteren al harren lêzers oan om 'e persoanen op in list mei homorjochte-aktivisten en krityske sjoernalisten, dy't se gearstald hiene, op te jeien, te ûntfieren en te fermoardzjen. De webside fan Saw waard fan oerheidswegen blokkearre, mar de list wie al ferskate kearen downloaden en sirkulearre neitiid op 'e sosjale media.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jelena Grigorjeva, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.