Janneke Spoelstra

Janneke Spoelstra (Hijum, 4 april 1962) is in Fryske skriuwster en oersetster út Alde Leie.

Janneke Spoelstra
Janneke Spoelstra

Libben

Spoelstra folge in oplieding ta medysk analiste. As fanke skreau se yn it kuorbalkrantsje de Goocheme Goaier en stjoerde se, oars sûnder sukses, gedichten nei de Lyrische Courant fan de Ljouwerter Krante.

Neidat se de Afûk-diploma's A, B, C en akte helle hie, folge se de hbû-oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden (NHL). Yn 2001 krige se in dieltiidbaan by de Fryske Akademy as korrektor fan it Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT). Foar harsels begûn se mei in fertaalburo. Yn de tuskentiid ferskynden fersen fan har yn wykblêd Frysk & Frij en op de Fryske Skriuwerskalinder.

Yn 2000 kaam der in oersetting fan har yn it Frysk fan de roman 'Pan' fan de Noarske skriuwer Knut Hamsun. Se debutearre yn boekfoarm mei de útjefte fan de dichtbondel Goeie is it wachtwurd (2004).

Yngeand beskriuwt se har lesbysk wêzen yn de ferhalebondel In Jikse-libben. Hja is dêrmei yn de Fryske literatuer de earste dy’t de leafde tusken froulju as ûnderwerp fan har ferhalen makket. Sy is sûnt 2002 redaktrise fan literêr tydskrift Hjir en sûnt 2009 fan it nije yntermediale blêd Ensafh, dat ûntstie út de fúzje fan it (papieren) tydskrift Hjir en literêr ynternettydskrift Farsk.

Bibliografy

Eigen wurk

  • 2004: Goeie is it Wachtwurd (poëzij)
  • 2008: In Jikse-libben (ferhalen)
  • 2011: Langst fan 'e Dagen (poëzij)
  • 2020: Wij yn 'e draaimûne (dichtbondel)

Oersettings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Janneke Spoelstra LibbenJanneke Spoelstra BibliografyJanneke Spoelstra19624 aprilAlde LeieFryslânHijum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Utert (stêd)FeankeninginneGrytzArmie FieldSkiednis fan FryslânSeptember ReignEreksjeMos EisleyFerdrach fan MaastrichtNederlânsk1967FryskJob CohenJ. MacFriezenHessel van der WalHTMLGeorgia O'KeeffeList fan Frysktalige tydskriftenKommando geanTom ClancyDe HaachPoerdersrampSkyy Black2017HelpSUP 11 City TourNederlânWillem Cornelis de GrootHidetoshi NakataLimaBoerûndy2001Rocco SiffrediStoomgemaal MastenbroekTwitterIuwskemaKilesturtpappegaaidoJaylene RioYndiaaske pappegaaido20 aprilLuna SilverLâningteYndoneezjeEchte mûzenOekraïneGrut-LondenUniversiteit fan OklahomaHoarnstersweachSwartewetterlânTwadde WrâldkriichEsfigmenou-kleasterBommesmiterIUCN9e iuwAldebiltdykWikidata🡆 More