Jaime Faith Edmondson

Jaime Faith Edmondson (Bartow (Floarida), 30 desimber 1978) is in Amerikaansk neakenmodel en tillefyzjepersoanlikheid.

Se waard bekend doe't se yn 2010 as Playmate of the Month yn it neakenblêd Playboy stie. Neitiid die se mei oan ferskate realitytillefyzjeprogramma's.

Jaime Faith Edmondson
Jaime Faith Edmondson persoan yn de seksyndustry
Jaime Faith Edmondson
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jaime Faith
   Edmondson Longoria
nasjonaliteit Jaime Faith Edmondson Amerikaansk
berne 30 desimber 1978
berteplak Bartow (Floarida)
etnisiteit Jaime Faith Edmondson Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
Jaime Faith Edmondson op Twitter

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Edmondson waard yn 1978 berne yn Bartow, yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Floarida. Se brocht har iere jonkheid troch yn Georgia, mar ferfear mei har mem en styfheit nei súdlik Floarida doe't fiif jier wie. Se komt út in famylje mei in lange tradysje om by de plysje te wurkjen. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie oan 'e North East High School yn Oakland Park, folge Edmondson in oplieding oan 'e Atlantyske Universiteit fan Floarida (FAU) yn Boca Raton, dêr't se yn 2002 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn kriminology.

Karriêre

Neitiid wurke Edmondson twa jier by de plysje fan Boca Raton, dêr't se benammen nachttsjinsten draaide. Yn 2004 joech se dy baan op sadat se in profesjoneel cheerleader wurde koe foar de Amerikaansk fuotbalploech de Miami Dolphins, út Miami. Dêr wurke se seis jier. Yn 2009 en 2010 namen Edmondson en har kollega-cheerleader foar de Dolphins Cara Rosenthal diel oan it fjirtjinde seizoen fan it realitytillefyzjeprogramma The Amazing Race. Se berikten it twadde plak en kearden yn it achttjinde seizoen fan itselde programma werom om it nochris te besykjen, mar doe foelen se yn 'e trêde ôflevering al ôf, wêrmei't se op it njoggende plak einigen.

Yn 2010 liet Edmondson harsels neaken fotografearje foar in fotoreportaazje yn 'e Amerikaanske edysje fan it neakenblêd Playboy. Hja kaam op 'e omslach te stean en wie de Playmate fan 'e moanne jannewaris. Datselde jiers spile Edmondson harsels (yn har hoedanichheid fan Playmate) yn 'e tillefyzjefilm The Bunny House. Ek wie se as harsels te sjen yn fjouwer ôfleverings fan 'e realitysearje The Girls Next Door, en fierders hie se in roltsje yn 'e fideoklip fan it nûmer This Ain't No Love Song fan Trace Adkins.

Priveelibben

Op 31 desimber 2015 troude Edmondson mei de Amerikaanske honkbalstjer Evan Longoria. Hja wennen doe al ferskate jierren gear. Harren dochter Elle Leona waard berne op 20 febrewaris 2013 yn Boca Raton. Edmondson stiet bekend as dierefreon, en docht frijwilligerswurk yn in hûne-asyl.

Lichemsskaaimerken

Jaime Faith Edmondson is blank, mei brune eagen en read oant readbrún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en kupmaat 34C, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing, mar tatoeaazjes hat se net.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Jaime Faith Edmondson Libben en karriêreJaime Faith Edmondson PriveelibbenJaime Faith Edmondson LichemsskaaimerkenJaime Faith Edmondson Keppelings om utensJaime Faith Edmondson1978201030 desimberFeriene SteatenFloaridaNeakenblêdNeakenmodelPlayboy (tydskrift)Playmate of the MonthRealitytillefyzjeprogramma'sTillefyzje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BoerûpappegaaidoChe Guevara2024GroepseksDurk Hobbes fan Baerdt (Haskerlân)Grut-LondenBeand Baas en Smarige SkepFingerjenNana AppiahHegere Boargerskoalle1899Gaya Patal444List fan hûnerassenList fan Belgyske keunstskildersGewoane kjifstikelbaarchCocktail (film út 1988)September ReignEchte mûzenOerd (lânfoarm)Tom ClancyPolo op de Olympyske Simmerspullen 1900RjûkjûpappegaaidoAustraalje (lân)Saya SongVeronica RodriguezUnstjerlikensHelpSUP 11 City TourHôf fan TwinteGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2015Noard-Fryslân17 juny20 aprilJob CohenTwinterâneSarah YoungJulie SkyhighTreron florisTongaNoarwegenSkyy BlackMisjonarishâldingGaastKartaachske RykDe HaachShalina DevineSkiednis fan Fryslân (wengebiet)Tony van der MeulenEreksjeHabytCassidy BanksEnerzjyAtoomOmgong fan Itaalje 19871944GrytzPeaske-eilânMasahiro FukudaMinskeStedssilhûetJ. MacSieds LyklesFegetarisme2001🡆 More