Ivan V Fan Ruslân

Ivan V Aleksejevitsj (Russysk: Иван V Алексеевич) (Moskou, 27 augustus 1666 – dêre, 29 jannewaris 1696) wie tsaar fan Ruslân fan 25 juny 1682 oant 1696, tagelyk mei syn jongere broer Peter de Grutte.

Hy wie it alvde bern fan Aleksej I fan Ruslân en Maria Milroslavskaja.

Ivan V Fan Ruslân
Ivan V fan Ruslân

Biografy

Nei de dea fan syn heit Fjodor III, waard hy ûnder regintskip fan syn suster Sofia en mei syn healbroer Peter de Grutte, tsaar fan Ruslân ("dûbeltsaar", yn 't Russysk: dvoetsarstvenniki). Nei de fal fan Sofia waard er, op 27 jier âld, geastlik beheind ferklearre en net by steat om te regearjen; dat hie wie tenei allinne noch yn namme tsaar fan Ruslân. Hy gie mei yn alles wat Peter him útstelde. Hy krige fiif doachters, ûnder oaren Anna dy't letter tsarina wurde soe.

Sun ferstjerren yn 1696 is yn de Russyske skiednis net folle mear as in kanttekening. Ivan V waard byset yn de 'Tsjerke fan de Aartsingel' oan it Kremlyn fan Moskou.

Houlik en bern

Ivan boaske 9 jannewaris 1684 mei Praskovja Fjodorovna Saltikova (21 oktober 1664 - 1723). Sy krigen tegearre fiif bern:

  • Maria Ivanovna Romanov (1689-1692)
  • Teodosia Ivanovna Romanov (1690-1691)
  • Katarina (1692-1733), boaske mei Karel Leopold fan Mecklenburg-Schwerin
  • Anna (1693-1740), hartoginne fan Koerlân, keizerinne fan Ruslân, boaske mei Frederik Willem Kettler
  • Praskovja (1694-1731), boaske mei Ivan Dimitriev-Mamonov

Keppeling om utens

Tags:

16661682169625 juny27 augustus29 jannewarisAleksej I fan RuslânMoskouPeter I fan RuslânRuslânRussyskTsaar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Golf op de Olympyske SimmerspullenShae SummersGeert van TuinenAnnebuorren (It Hearrenfean)SekshâldingMoriah Mills14e iuw2001Beand Baas en Smarige SkepList fan Frysktalige tydskriftenSlowakijeHoarnstersweachSieds LyklesStoomgemaal MastenbroekFerdrach fan MaastrichtOsmaanske Ryk1930feehâlderijAutoCassidy BanksTom ClancyBoete (jildstraf)MaksintiusHarry TrumanComité flamand de FranceGewoane kjifstikelbaarchSumatraanske pappegaaidoNeakenfotografyIt Heitelân (liet)Saya SongHaadsideGraldaPornografyKartaachske RykGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2000Rugby op de Paralympyske SimmerspullenArwen GoldJerine FleurkeGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2015GrypsturtFrankrykSkiednis fan FryslânList fan planetoïden 75201-753001981TearnsSasha BeartWalter BenjaminSwartewetterlânKoji SasakiKampenUniversiteit fan OklahomaGloria SwansonDe HaachRiviermûning🡆 More